| |
Laatste
Nieuws |
|
|
 |
Laatste
Media |
|
|
 |
Laatste
Rubrieken |
|
|
 |
 |
|
 |
Fyftjin man en Hennie koene it net hâlde tsjin de kampioen.
Hartwert. It jout neat, elk wie it der oer iens, de freonskiplike damwedstriid tusken Hartwert en De Stadige Srikers, wie in gesellich en sportyf treffen. Uteinlik moasten de Strikers mei in rejale nederlaach genoegen nimme.
Cor Kooistra | 31.01.2012 | 20:15:34 | Lees verder>>>
In klup fan âlde mantsjes?Oan ‘e ein fan ‘e partij wurdt de parij faaks noch efkes neirûn en faaks steane der dammers om hinne, dy’t sizze: asto it no sa en sa dien hiest…..dan…..? Mar it omsittend laach wit it faaks better, want dyjinge hat de spanning fan it spul ek net en sit efkes nofliker te sjen nei it spul dan de spyljende dammers, dy’t elk sa graach winne wolle.
Sjoerd T | 29.01.2012 | 11:12:09 | Lees verder>>>
Twa Eastereinder toppers te plak settenSkearnegoutum. Net dat beide mannen der eigenwiis om wurden binne, mar se rûnen sneon nei ôfrin fan de klupkampioenskippen yn Easterein dochs wol even oars om as gewoanwei.
Cor Kooistra | 17.01.2012 | 12:01:15 | Lees verder>>>
Hartwert, in unfoarstelber klupkampioenEasterein. Minse Dijksma fûn syn eigen gûcheltrúkjes altyd sa ferrekte moai en fûn it altyd ûnfoarstelber wat hy die en sa’n spultsje wie it sneon mei de dammers út Hartwert ek.
Sjoerd T | 15.01.2012 | 18:07:08 | Lees verder>>>
Sûnder pine gjin striid.Skearnegoutum. Nije leden bringe faaks ek wer wat oare ideeën en somtiden ek oar sizzen mei. Sa hat Stadige Striker Tjalling Goedemoed altiten foar de Strikers wol wer wat nijs te bringen.Moandeitejûn sei er, hy is meartalich: No pain, no game.
Cor Kooistra | 10.01.2012 | 14:31:27 | Lees verder>>>
Ids yn de twadde lêch?Damklup Hartwert e.o.
Hartwert. De measte hinnen (miskien ek wol mannen) berikke sokke hichtepunten net! No wol ik fansels net sizze dat hja (Ids en Wilma) oan de twadde lêch dwaande binne want dan sil ik elke kear oer harren markearring oer de dyk fleane moatte! Nee, wy ha it net oer in lytsen mar fansels oer it damjen.
Sjoerd T | 06.01.2012 | 13:19:58 | Lees verder>>>
In poerbêst begjin foar Hennie de Haan.Skearnegoutum. Snitser Hennie de Haan is no al wer wat jierren lid fan de Stadige Strikers en dat is moai. It is in goeie saak foar in klup dat der ek froulju lid fan binne. Oer Hennie is al hiel wat skreaun en faak kaam it der op del dat se geweldich damd hie, mar it dochs ferlear.
Cor Kooistra | 03.01.2012 | 11:22:05 | Lees verder>>>
Ik wol it graach wat stiller ha.Skearnegoutum. De bern binne yn dizze tiid faak wat drokker en bolbjirkender as oars. De tiid fan it jier seit men dan. Of dat ek jildt foar de Stadige Strikers? Dat soe bêst sa kinne.
Cor Kooistra | 20.12.2011 | 10:10:49 | Lees verder>>>
JOU MY MYN JAS WEROMDamklup Hartwert e.o.
Hartwert. Sjouke hie in drege partij hân tsjin Jan en dizze mannen nimme nei sa’n partij altyd ien/twa hassebasjes en beide wiene nei de partij noch drok dwaande mei analysearjen fan de partij en dan wurdt it somtiden let.
Jesse Boschma | 17.12.2011 | 15:40:48 | Lees verder>>>
Dy Jan de Jager is noch net sa min.Dy Jan de Jager is noch net sa min.
Skearnegoutum. “Jimme fine ús te min seker om hjir te sitten!” sa spriek De Jager doe’t twa bestjoersleden fan de Stadige Strikers in wat rommer plak sochten oan de lytse tafel.
Cor Kooistra | 13.12.2011 | 12:20:00 | Lees verder>>>
Sinteklaasfeest by de StrikersIn jonge Helpsinteklaas
Wie by de Strikers de baas
Hy sei: “Altiten dat stadige gestin
Is my eins mar min nei’t sin
Jûn sil ik jim net mije
Mei faasje sil ik jim krije
Trije spultsjes yn in kertier
Sa is it wis en wier
It jout in prott
Cor Kooistra | 06.12.2011 | 14:28:22 | Lees verder>>>
TRIJE KEAR STRIKE BINNE DE REGELSDamklup Hartwert e.o.
TRIJE KEAR STRIKE BINNE DE REGELS
Hartwert. No binne der fansels dammers dy thús wol ris faker strike wolle en ek wol dogge mar dat sil net allinne op it damboerd wêze! Ik neam gjin nammen mar ik kin dammers dy kinne har hannen betiden net thús hâlde, dy geane al earder/betider as oars nei hûs want dêr moat ek noch efkes strykt wurde.
Jesse Boschma | 02.12.2011 | 19:57:26 | Lees verder>>>
Lit dat hynder dan ek stean man.Lit dat hynder dan ek stean.
Skearnegoutum. “Ik hie dy rún net fan stâl helje moatten. Dat is gewoan myn ferliezer wurden!” sa prottele Stadige Striker foarsitter Cor Kooistra nei ôfrin fan de partij.
Cor Kooistra | 29.11.2011 | 09:36:46 | Lees verder>>>
HÛPLÉÉ SEI JANDamklup Hartwert e.o.
Hartwert No as Jan sokke útspraken makket dan kinne jo as tsjinstanner mar oppasse! It is of alles as neat as it is in setsje! Jan sit tsjin Herman en dat is wat in jeugddammer mar echt net mear en Jan pakt sokken echt net yn de teory mar hy pakt se op syn eigen klasse.
Jesse Boschma | 28.11.2011 | 16:49:41 | Lees verder>>>
KADOOTSJES WURDE DER NET JÛNDamklup Hartwert e.o.
Hartwert. Sels net as it Sinteklaas is! Utsein ien partij want it wie Stoffel dy de kop der noch net by hat. Hy hat miskien wol tefolle oare saken te dwaan en soks kin foaral net lije tsjin in partij tsjin Teake.
Jesse Boschma | 23.11.2011 | 21:24:49 | Lees verder>>>
Skearnegoutum prolongearret miniklupkampioenskipOp it miniklupkampioenskip, op freed 18 novimber ferspile, levere Skearnegoutum knap wurk troch op 'en nij earste te wurden. Want kampioen wurde is ien ding, mar om kampioen te bliuwen is noch wer hiel wat oars.
Jesse Boschma | 22.11.2011 | 13:56:31 | Lees verder>>>
Ik kaam ien foar, mar dat stelde ek neat foarDe man sjocht de lêste tiid allegearre apen en bearen. Op it damboerd wol te ferstean. Apart is dat, want de Stadige Strikers mienden altiten dat dy Dooitzen Ykema foar de duvel net benaud is.
Cor Kooistra | 22.11.2011 | 10:16:41 | Lees verder>>>
Ofruiljen kin winst op smite.
Skearnegoutum. As Marjolijn ôfruile hie dan hie se de partij tsjin Tsjerk Wiersma fêst en seker ta in goed ein brocht. Dat ôfruiltsje die se net en ferlear.
Cor Kooistra | 15.11.2011 | 11:30:47 | Lees verder>>>
IT LIKET GRIKELÂN WOL
st1:*{behavior:url(#ieooui) }
/* Style Definitions */
table.MsoNormalTable
{mso-style-name:Standaardtabel;
mso-tstyle-rowband-size:0;
mso-tstyle-colband-size:0;
mso-style-noshow:yes;
mso-style-priority:99;
mso-style-qformat:yes;
mso-style-parent:"";
mso-padding-alt:0cm 5.4pt 0cm 5.4pt;
mso-para-margin:0cm;
mso-para-margin-bottom:.0001pt;
mso-pagination:widow-orphan;
font-size:11.0pt;
font-family:"Calibri","sans-serif";
mso-ascii-font-family:Calibri;
mso-ascii-theme-font:minor-latin;
mso-fareast-font-family:"Times New Roman";
mso-fareast-theme-font:minor-fareast;
mso-hansi-font-family:Calibri;
mso-hansi-theme-font:minor-latin;
mso-bidi-font-family:"Times New Roman";
mso-bidi-theme-font:minor-bidi;}
Damklup Hartwert e.o.
Jesse Boschma | 10.11.2011 | 17:30:51 | Lees verder>>>
Tryst nijs soarget foar skaad op de klupjûn
Skearnegoutum. It wie mûsstil doe’t de foarsitter meidielde dat in dochterke fan ien fan ús leden opnommen wie yn Grins fanwege in slimme sykte. It bleau lang stil en dat is te begripen.
Cor Kooistra | 08.11.2011 | 11:21:25 | Lees verder>>>
Do hiest my hjir fermoarde.Skearnegoutum. De taaluterings fan de Stadige Strikers binne faak tige blomryk. Nim bygelyks it sizzen fan Tsjerk Wiersma. Yn syn partij, dy’t der dochs al út naaide as âld smoar rôp er: “Do hiest my hjir hartstikkene fermoarde!” Ynte Dykstra gnyske mar wat, mar koe it net mei him ûniens wêze.
Dy Tsjerk is in pear wike lyn ôfskildere as in grutte geloksskiter.
Cor Kooistra | 01.11.2011 | 10:11:16 | Lees verder>>>
De tiid hâld gjin skoftHartwert. Tedman hat hjir ea oer sjongen mar dat gie doe net oer de wintertiid en ek net oer de dammers dy somtiden rûzje ha mei de klok mar oer de tiid dy’t somtiden te hurd foarby giet.
Sjoerd T | 31.10.2011 | 07:50:38 | Lees verder>>>
Striker: "Ik ha thús in frou!''Skearnegoutum. It wie fansels wol in hiele rare útspraak fan kampioen Jelle Wiersma. Hy soe foar allegearre wol even it twadde bakje kofje of tee ynskinke en soks fertsjinnet respekt.
Cor Kooistra | 25.10.2011 | 11:05:40 | Lees verder>>>
Der moat noch stiller damd wurde
/* Style Definitions */
table.MsoNormalTable
{mso-style-name:Standaardtabel;
mso-tstyle-rowband-size:0;
mso-tstyle-colband-size:0;
mso-style-noshow:yes;
mso-style-priority:99;
mso-style-qformat:yes;
mso-style-parent:"";
mso-padding-alt:0cm 5.4pt 0cm 5.4pt;
mso-para-margin:0cm;
mso-para-margin-bottom:.0001pt;
mso-pagination:widow-orphan;
font-size:11.0pt;
font-family:"Calibri","sans-serif";
mso-ascii-font-family:Calibri;
mso-ascii-theme-font:minor-latin;
mso-fareast-font-family:"Times New Roman";
mso-fareast-theme-font:minor-fareast;
mso-hansi-font-family:Calibri;
mso-hansi-theme-font:minor-latin;
mso-bidi-font-family:"Times New Roman";
mso-bidi-theme-font:minor-bidi;}Hartwert.
Jesse Boschma | 20.10.2011 | 18:08:39 | Lees verder>>>
Bauke Bos koe Ype sear dwaan.
Bauke Bos koe Ype ek sear dwaan.
Skearnegoutum. Al twa kear op rige hie bestjoerslid Bauke Bos de winst pakt. Mei dy ûnfersleine status skode er mei in soad fertrouwen achter it boerd.
Cor Kooistra | 18.10.2011 | 11:09:59 | Lees verder>>>
Ik kin myn bril ek wol ferkeapje!Ik kin myn bril ek wol ferkeapje!
Skearnegoutum. Der binne by de Stadige Strikers dammers dy’t by it damjen in bril op ha, mar oars net. Men soe sizze, dat dy houtsjes grut genôch binne om se sa te sjen.
Cor Kooistra | 11.10.2011 | 11:08:59 | Lees verder>>>
Striker nei kreamgymnastykStriker nei kreamgymnastyk.
Skearnegoutum. Der soenen op de earste echte kompetysjejûn moai wat mear dammers komme as op de fergadering de wyks dêr foar. It rûn oars.
Cor Kooistra | 04.10.2011 | 10:38:13 | Lees verder>>>
Frysk damjen wat foar amtners?Skearnegoutum. Neffens de boargemaster fan ús gemeente moatte harren amtners mear Frysk prate. Dêr binne de Stadige Strikers it folslein mei iens en boppedat kin dizze damklup wat foar dizze lju bestjutte.
Cor Kooistra | 27.09.2011 | 10:38:44 | Lees verder>>>
Rodin Swiers damkampioen Sibrandabuorren.Sibrandabuorren. Krekt as ferline jier ha de bern fan iepenbiere basisskoalle De lege Geaën striden om it skoalkampioenskip Frysk damjen. Nei sân hiele sportive, mar likegoed spannende rondes kamen de bêsten boppedriuwen.
Andrea | 12.04.2011 | 19:35:17 | Lees verder>>>
It siket by de Strikers om ’e ein.Skearnegoutum. Alle jierren is it op it lêst eins it selde melodijke by de Stadige Strikers: De iene is út en in oaren hat de maitiidskoarts. Allegearre redenen om de op ien nei lêste jûn sjitte te litten.
Cor Kooistra | 22.03.2011 | 09:54:46 | Lees verder>>>
De earste kear ferjit men net.Skearnegoutum. Foar alle dingen is der altiten in earste kear. De earste kear fan it ien is de earste fan it oar noch net. Guon earste kearen ferjit men yn de rin fan ’e tiid en oare bliuwe jo je libben lang by.
Cor Kooistra | 15.03.2011 | 10:11:53 | Lees verder>>>
Sytse hat neat mei Valentijn
Hartwert. No wurde der somtiden wol ris in kadootsjes fuort jûn mar leau my mar, dat is net brûklik. Sytse moast it opnimme tsjin Klaas W en dy kin ferrekte goed rekkenje, teminsten as it om belêstingformulieren giet en ek yn syn stân om te promovearjen want hy hâld alles by en wit krekt hoe de konkurrinsje damd hat.
Cor Kooistra | 08.03.2011 | 10:07:01 | Lees verder>>>
Damklup Aldegea net opwoeksen tsjin Hartwert
Aldegea W. Moandeitejûn wie wer de jierlikse striid tusken Aldegea en Hartwert en ik wit noch net earlik wat ik der fan meitsje moat want it wie altyd de W fan Wymbritseradiel mar hjoed de dei sil it wol Súdwest Fryslân jitte mar wurdt it no allinne in S, SF as SwF? It frjemde fan dy klup is dat hja hjitte “Nocht en Kriich” en de damklup Hartwert snappe noch net wêr soks wei komt want acht oere der wêze is fiif oer achten los, as net! Ha hja wol Nocht wie de earste gedachten want acht oere wiene der njoggentsjin Hartwert dammers oanwêzich en ek al fiif fan Aldegea.
Cor Kooistra | 08.03.2011 | 10:02:52 | Lees verder>>>
Frjemde útspraken fan Ids
Hartwert. Wat is it frjemd net dat der altyd wat te melden is oer Ids en wa Ids net kin dy kin dat wol efkes maile nei my want it kin net sa mâl gjin as hy kin dy! As silst in âld wiif as “schoone jonkfrou” wêze, hy sil daliks fertelle datsto famylje bist fan dy en dy en dyn pake as heit wennet dêr en dan noch mar net te praten fan de froulju want dêr wit hy noch folle mear oer.
Cor Kooistra | 08.03.2011 | 10:00:58 | Lees verder>>>
Sterke spul hé op de damklup Hartwert
Hartwert. Hein siet súver mei de trienen yn syn eagen te sjen hoe syn sterk spul samar omsloech nei ferlies. No is Germ Bruinsma dit jier ek net de minste mar hy hat al jierren wat temin damd en miste dêrtroch wedstriidritme en syn teory mar hy is der dit jier wer hielendal by.
Cor Kooistra | 08.03.2011 | 09:58:26 | Lees verder>>>
Der stiet wer in S op de beker
Aldegea. De S fan de Stadige Strikers út Skearnegoutum pronket ynkoarten foar de twadde kear op de prachtige wikselbeker. Dizze trofee wurdt al wer jierren tusken Nocht en Kriich út Aldegea en de klup út Skearnegoutum ferdamd.
Cor Kooistra | 08.03.2011 | 09:55:33 | Lees verder>>>
At Sjoerd dy strutsen hie, dan....Skearnegoutum. It is altiten wer in lust te sjen en te hearren, hoe’t Stadige Striker Willem Schaap alderhande moaie slachjes en loopkes sjocht. Allinne moat de tsjinstanner dan wol in bytsje meiwurkje.
Cor Kooistra | 01.03.2011 | 10:26:57 | Lees verder>>>
It wie stil oan de oare kantSkearnegoutum. De mannen fan de Stadige Strikers dy’t troch harren praat faak de krante hellen, sieten stil oan de selde rige tafels te damjen. Sûnt de stikjes net dêr mear yn steane, heart men se net mear.
Cor Kooistra | 22.02.2011 | 10:39:09 | Lees verder>>>
It kin de master misse.Skearnegoutum. Dammer Sjoerd Jan Bakker is in helenien as it giet om kamp te heljen út in partij. Remize yn Frysk spul is net sa mar sa.Moandeitejûnlike it by eintsjebeslút wol wer op kamp út te draaien, mar it gyng ferkeard.
Cor Kooistra | 15.02.2011 | 09:38:18 | Lees verder>>>
Bauke Bos ferjit om ta te knipen.Skearnegoutum. It hie sa moai wêze kinnen foar Stadige Strikers Bauke Bos en foar guon út it omsittend laach, dy’t der op gobberen dat Sjoerd Jan Bakker in heal puntsje lizze litte soe.
Cor Kooistra | 10.02.2011 | 19:42:02 | Lees verder>>>
In topdei foar damklup Hartwert
Hartwert. Ik mei it wol as topdei betitelje want der kamen mar leafst twa en tritich dammers op ús tradisjonele damdei ôf. Gjin snie en it wie taaiwaar en miskien hie men op de klup noch wol op mear rekkene.
Cor Kooistra | 10.02.2011 | 19:37:52 | Lees verder>>>
Buorman damde net goed yn Hartwert
Hartwert. Der binne dammers dy sjogge mear by buorman op it boerd dan by harren eigen tsjinstanner. No binne der fansels ek dammers dy beide wol kinne en it wie wer Teake dy it net litte koe om ien in stjitsje tsjin de skonken te jaan om efkes te sjen by de buorlju.
Cor Kooistra | 10.02.2011 | 19:36:03 | Lees verder>>>
It hat noch nea sa spannend west
Easterein. Hartwert tsjin Aldegea, noch mar twa dammers fan dy klups sitte der noch en ha roechwei njoggen oeren damd en it achttal Hartwert hie genôch oan remize om kampioen te wurden.
Cor Kooistra | 10.02.2011 | 19:30:33 | Lees verder>>>
Piet pakt punten yn poerbêste partij
Hartwert. Dat wy net earste wurden binne op de klupkampioenskippen hâld net yn dat de trije twadde plakken net fierd wurde mochten. Guon wiene net hielendal tefreden mei harren resultaat mar in lekker stik oranjekoeke smakke der net minder om.
Cor Kooistra | 10.02.2011 | 19:28:26 | Lees verder>>>
Sjoerd hat begrutsjen mei Abraham
Hartwert. Sjoerd, hy slacht wat om mei in dochter fan Stoffel en ja, moandeitejûn moasten hja tsjinelkoar. Miskien hat hy al tocht, ik lit him mar winne want hy sjocht dizze wike Abraham en dan is dit alfêst syn jierdei kado mar soks sit de dammers net yn it bloed want men wol winne.
Cor Kooistra | 10.02.2011 | 19:23:42 | Lees verder>>>
It mystearje oplost: de mouwe.Skearnegoutum. Al gjin mins koe der ferline wike by, dat Stadige Striker Bauke Dykstra sa mar twa houtsjes fergees fuort joech. Hy kin it wol ris wat bryk ha, mar sa mar in pear skiven kado jaan woe der by de Strikers net yn.
Cor Kooistra | 02.02.2011 | 10:38:19 | Lees verder>>>
Krijt Ynte Dykstra lêst fan kapsoanes?Sklearnegoutm. “Ik soe noch wol in kear tsjin Ynte wolle”sa spriek Koopmans hoopfol nei’t er ferlern hie fan Bauke Dykstra. “No dat kin wol, kinst hjir noch wol nest!” wie it antwurd fan Ynte.
Cor Kooistra | 01.02.2011 | 14:36:18 | Lees verder>>>
In fata morgana op it boerdSkearnegoutum. Fata morgana’s komme gewoanwei foar yn de woastyn, mar moandeitejûn gyngen de luchtspegelings troch it damsealtsje fan de Stadige Strikers yn gebou Elim. Foarsitter Kooistra rekke troch dy spegeling op it boerd folslein fan de doele.
Yn in winnende stân seach er net allinne apen, mar ek in hiele boaze bear, dy’t him sa mar ferskuorre woe.
Cor Kooistra | 01.02.2011 | 14:33:00 | Lees verder>>>
Dy smoarge rot tafel te piipjen.Skearnegoutum. Der binne dammers dy’t ûnder it spul oan ien tried wei troch gelûdsjes meitsje. Bygelyks in bytsje tusken de tosken fluitsje of om de haverklap in klik lûd mei de mûle meitsje.
Cor Kooistra | 11.01.2011 | 00:25:53 | Lees verder>>>
Striker Sven is the man!Skearnegoutum. Miskien hat er him wol foarnommen om de streken yn it nije jier earst goed troch te tinken om dêr nei pas te striken. Stadige Striker Sven Kalsbeek de Benjamin fan de klup siet tsjin it âldste lid Bauke de Boer.
Cor Kooistra | 03.01.2011 | 23:52:46 | Lees verder>>>
It earste echte punt foar MarjolijnSkearnegoutum. Op de lêste damjûn fan it jier is Stadige Strykster Marjolijn Bakker der yn slagge om in echte punt yn ’e wacht te slepen. Ein febrewaris kaam sy foar it earst op ’e klup en hie noch nea fan it moaie Fryske spul heard.
Cor Kooistra | 28.12.2010 | 11:18:18 | Lees verder>>>
Hartwert - Skearnegoutum: kat en mûs.Skearnegoutum. Yn de breedte, yn de djipte en yn de hichte op alle fronten is Hartwert sterker as de Stadige Strikers. Wy hoege der gjin doekjes om hinne te winen: it wie de kat tsjin de mûs.
In kat lit in mûs gewoanwei noch wat om springe, boartet der wat mei en byt op in bepaald stuit eefkes feninich ta.
Cor Kooistra | 21.12.2010 | 01:06:20 | Lees verder>>>
Harry wie wat skier om ’e noas.Skearnegoutum. “Harry wie nochal wat skier om ’e noas en. bleau ek net lang sitten!” liet de behearder fan Elim de Strikers witte, doe’t er de lege kopkes út it damsealtsje helle.
Cor Kooistra | 14.12.2010 | 08:30:26 | Lees verder>>>
Suksesfol Stryk-ta toernoaiFreedtejûn waard it twadde Wiersma Stryk-ta toernoai ferdamd. Der stûnen 38 dammers op de list, mar 37 ha der oan mei dien. Der is sportyf damd. Yn fjirtich minuten kinne jo krekt wat mear útplúzje as yn tweintich of tsien minuten.
Cor Kooistra | 11.12.2010 | 22:22:44 | Lees verder>>>
Hy stûn op sprong om ôf te reizgjenSkearnegoutum. Sinteklaas stûn op sprong om ôf te reizgjen nei Spanje, mar gelokkich koe er moandeitejûn noch krekt eefkes oan wippe by de Stadige Strikers. Alle winkels wiene Sinteklaas moandei al wer fergetten, taai letters hienen plak makke foar krystkrânskes.
Cor Kooistra | 07.12.2010 | 10:02:19 | Lees verder>>>
Mar se steane noch wol op it boerd.Skearnegoutum. Der binne fan dy minsken, dy fleurje yn ien kear op as se wer ris in kear omtinken krigen ha yn de krante. Stadige Striker Tjerk Wiersma siet der ferline wike noch by as in dea fûgeltsje en moandeitejûn libbe er wer as in hert.
Cor Kooistra | 30.11.2010 | 10:13:21 | Lees verder>>>
Hartwerd - In stoaterske hoanne.Hartwert. No is Johan net ien dy altyd de brette hoanne úthingje wol mar hy is kwa praat elke moandeitejûn dochs wol in bytsje oanwêzich. No binne wy as dammers alhiel wat went en dus dat do, hy, dynt, syn, ensfh.
Cor Kooistra | 27.11.2010 | 16:34:47 | Lees verder>>>
Hartwerd - Kleie. klaaid, mar net útklaaid.Hartwert. Op ús damklup wurdt hiel somtiden klage mar normaal is it krekt sa as ien sei; Ik ha net te kleien, sei de feint, en siet by de boerinne op de knibbel. It wie Tjerk dy wer optimaal yn syn fel siet en it opnimme moast tsjin ien dy it betiden ek wol mei praat ôfdwaan kin, Sjouke en dat soe in prachtige striid wurde.
Cor Kooistra | 27.11.2010 | 16:31:24 | Lees verder>>>
Hartwerd - Siebe hie it yn de hannenHartwert. No ha ik it noch iens oer it damjen mei dizze tekst mar doch ek wol in bytsje want foar de partij moat de rieden wurde om de kleur en sa naam Siebe in wyt en in swart houtsje yn de hannen en doe moast Jesse de kleur kieze.
Cor Kooistra | 27.11.2010 | 16:24:14 | Lees verder>>>
Krekt as altiten, ik ferlies allesSkearnegoutum. Soms sit alles jo tsjin en liket de wet fan Murphy it allinne mar op jo fersjoen te hawwen. Stadige Striker Bauke Boelens like sa’n slachtoffer. Moandeitejûn ferlear er en sei: “Ik ferlies tsjintwurdich alles, myn beurs, myn rydbewiis en ek it damjen!”
No siet Boelens net tsjin de earste de bêste, want hy moast it opnimme tsjin Rients Wijnia en dy skoot der dit jier sterk op los.
Cor Kooistra | 23.11.2010 | 13:34:50 | Lees verder>>>
Boeken Persoonlijke KampioenschappenHierbij de boeken met alle partijen van de Persoonlijke Kampioenschappen.
Elk seizoen in een pdf-bestand. (Adobe Reader hier te downloaden)
2005-2006
2006-2007
2008-2009
2009-2010
Andrea | 20.11.2010 | 11:45:55 | Lees verder>>>
Omstanners seagen it swurk al driuwen.Skearnegoutum. Der binne fan dy beladen partijen, wêr’t elkenien niget oan hat en it ferrin foaral net misse wol. In hiel hânfol Stadige Strikers folge de striid tusken Hennie de Haan en Kees Willem Koopmans.
Cor Kooistra | 16.11.2010 | 10:37:14 | Lees verder>>>
In betiisjierdeiskadootsje foar Striker De Boer.Skearnegoutum. Der binne fan dy sportlju dy’t op harren jierdei krekt eefkes wat mear jaan kinne as gewoanwei. En as men dan in priis pakt, sprekt men fan in jierdeiskadootsje.
Cor Kooistra | 09.11.2010 | 00:24:00 | Lees verder>>>
Hartwerd - In helder momint.Hartwert. Somtiden rinne de damspultjses krekt sa en net oars en as hja fierder net eamelje dan hat de skriuwer der betiden wol wurk fan. It like wol as sieten wy op in Hollânske damklup want it waard sa stil, mûs stil.
Cor Kooistra | 09.11.2010 | 00:23:06 | Lees verder>>>
Hartwerd - In stoaterske hoanne.Hartwert. No is Johan net ien dy altyd de brette hoanne úthingje wol mar hy is kwa praat elke moandeitejûn dochs wol in bytsje oanwêzich. No binne wy as dammers alhiel wat went en dus dat do, hy, dynt, syn, ensfh.
Cor Kooistra | 09.11.2010 | 00:21:48 | Lees verder>>>
Hartwerd - Frjemde dammers dy FryskersHartwert. No stappe der op de damklup Hartwert hiel wat frjemde dammers om want elke gek hat syn gebrek sizze se somtiden. No is it wol sa dat op de klup elkenien yn wearde skatten wurdt as immen wat seit en docht mar it net altyd yn de hân te hâlden.
Cor Kooistra | 09.11.2010 | 00:20:20 | Lees verder>>>
Hartwerd - Foar as nei nei tinke.Hartwert. Sa as breklik wurdt der gjin ferslach makke fan it grandioaze iepeningsjûn fan de damklup Hartwert wat gewoanlik útein giet mei in gearkomste. Dochs hie dit wol kinnen hear want der wiene mar leafst in dikke tweintich dammers nei it lokaal ta setten om de offisjele earste damjûn wer mei te meitsjen.
Cor Kooistra | 09.11.2010 | 00:18:44 | Lees verder>>>
Hartwerd - In âlde jeugd dammerHartwert. Elkenien wie der mar op syn jierdei woe Jacob net op it damjen komme. Hy waard 15 en dêrom hie hy de hiele famylje útnoege mar hy hat seker de damklup yn Hartwert ferjitten.
Cor Kooistra | 09.11.2010 | 00:16:06 | Lees verder>>>
Ype kin it net allinnich.Skearnegoutum. De Stadige Strikers seagen wol eefkes raar op dat Ype Boelens, de man dy’t dit jier net mei damt, de seal yn stapte. En dat net allinne, hy hie fuort syn frou ek mar meinommen.
Cor Kooistra | 26.10.2010 | 00:37:09 | Lees verder>>>
In Striker by de gatten om ticht?.Skearnegoutum. Men wol it hast net leauwe, mar ien fan de Stadige Strikers soe noch eefkes stikem syn daam in triuwke jaan nei’t er him delsetten hie. In triuwke fierder nei it folgjende fjild.
Cor Kooistra | 19.10.2010 | 10:38:06 | Lees verder>>>
It siigde himwer raar by de boksen yn.Skearnegoutum. Ferline wike waard Stadige Striker Kees Willem Koopmans hjir noch in fear yn de broek stutsen, omdat er it knap kamp hold tsjin earste klasser en maat Ynte Dykstra. No siigde it him raar ta de boksen fan dy selde broek yn.
Cor Kooistra | 12.10.2010 | 00:33:45 | Lees verder>>>
Suertsjeferkearing by de Strikers?Skearnegoutum. It omsittend laach hold him skerp yn ’e gaten. Ferline wike besocht er noch de jongste fan it hiele stel mei syn snobbersguodop ’e lije side te kommen. No moast er tsjin in frommiske.
Cor Kooistra | 05.10.2010 | 10:09:37 | Lees verder>>>
De Fryske slach yn Skearnegoutum.Skearnegoutum. Men hat slaggen en men hat slaggen. Moandeitejûn fûn der yn Skearnegoutum wer de Fryske slach plak. De Fryske slach mei al syn striid en aksjeMen soe dochs nea oars wolle?
Sa tochten de tweintich striders der nei alle gedachten ek oer.
Cor Kooistra | 01.10.2010 | 12:03:54 | Lees verder>>>
Strikers mei in protte nocht wer úteinSkearnegoutum. It like moandeitejûn wol wat op in blide thúskomst by damklup De Stadige Strikers. Mei in tige goed sin kaam suver elkenien op de earste byienkomst tasetten.
Cor Kooistra | 21.09.2010 | 17:53:02 | Lees verder>>>
|
|

 |
|
|