• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De Wiersma Stryk-ta damwedstriid yn Skearnegoutum

    It wie de earste kear dat de jierlikse priisdammerij “It Wiersma Stryk ta toernoai” op freedtejûn 12 novimber yn it Swettehûs plak fûn.  Damlid Jelle Wiersma is de sponsor fan dizze partij, fandêr de namme. Yn de bar wienen de biljerttafels ferdwûn yn ’e flier. Dêr boppe-op  stûnen tafels klear foar de dambuorden en klokken. Om goed sân oere skikten de manlju en trije froulju har op de stuollen te plak.

     

    De Stadige Strikers krigen 29 dammers op de wedstriidlist. Dat wie in moai oantal. De tiden dat der sa’n 40 dammers op ôf kamen leit al wer in skoftke efter ús. Nei de iepening fan de foarsitter koe it spul los brâne.Der waard op de klok damd. Alle spilers krige 30 minuten op de klok en de set krigen se der noch 10 sekonden by. Dat is it moaie fan de digitale klokken. Alle kearen as jo strutsen ha, jou je in klap op ’e klok en ha jo der wer 10 sekonden by. Dat is net in soad, mar it kin yn tiidneed krekt wat lucht jaan.Der waard sportyf en moai spile. Mei sa’n Stryk – ta giet it fansels allegear wat hurder en kin men net hiel lang oer in streek nei tinke. Likegoed slaggen in hiel soad dammers der yn om mei prachtige setsjes de winst te pakken.

     

    Der soe mar ien Skearnegoutumer mei in priis nei hûs ta gean. It hienen der twa wêze kinnen, want mear damjende doarpsgenoaten telde de seal net. Dy iene priiswinner, Kees Willem Koopmans hold syn maat Ynte Dykstra fan de priis ôf troch him mei in moai slachje fan it boerd te fegen. Koopmans pakte dêrmei de twadde priis. Hy hie like folle punten as Sjouke Attema, mar dy wûn troch it Sonnenbornbergersysteem. Yn dat systeem wurdt sjoen wêr’t jo as spiler de punten fan pakt ha. Sjouke fersloech Kees Willem en dan witte jo it wol.

     

    Utslaggen: Eareklasse. Groep 1: 1 Taeke Kooistra, Hartwert; 2 Henk Haanstra, Aldegea SWF. Groep 2: 1 Sjoerd Couperus, Snits; 2 Willem Hoekstra, Aldegea SWH. Groep 3: 1 Pieter Hoogterp, Gaastmar; 2 Fedde Wiersma, Easterein. Haadklasse A: 1 Liuwe Westra, Lollum; 2 Klaas Wiersma, Nij Beets. Haadklasse B; 1 Sjouke Attema, Gaastmar; 2 Kees Willem Koopmans, Skearnegoutum. Earste klasse: 1 Johannes Hoekstra, Aldegea SWH; 2 Rients Wynia, Boalsert. Twadde klasse: 1 Hennie de Haan, Snits; 2 Jan Nauta, Bitgumermole. Tredde klasse: 1 Tineke Teigeler, Sibrandabuorren; 2 Marjolijn Bakker, Sibrandabuorren.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Leanbedriuw Okkema
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch