• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!

     

    Boppesteande útspraak die Stadige Striker Willem Schaap. Hy wie ien fan de twa taskôgers fan de partij tusken Bauke Dykstra en Harry Postma. Op it stuit doe’t Willem dy opmerking makke, siet der in winnende flypflap yn foar Bauke. Eins hie Willem dy krystbeam net útdwaan moatten, want doe like it foar de spilers krekt dat de partij sa goed as út wie. Gelokkich dearde it Harry noch Bauke.

    Bauke tocht en tocht en de beam wie út. De partij noch net. Bauke seach it slachje net en Harry likemin. Bauke die dus in oare streek. “It wie hartstikkene út, sa út as in in kâlde kachel!” spriek Willem. De klok waard stil setten en der waard de mannen toand hoe’t de winst foar Dykstra foar it gripen lei. De lêste koe himsels de hierren wol út de kop skuorre! Dat er dat net sjoen hie! Hy koe der net by! It wie wol sa. Hy seach it net en dêrnei like syn stân ek noch in stik minder as dy fan Harry. De krystbeam kaam wer oan en it spul gyng troch. Winst siet der foar Dykstra net mear yn. Oer alle kanten en einen wie it kamp.

    Yn de tige nijsgjirrige partij keas Harry ek in kear yn it einspul foar lang net de sterkste oplossing. Hie er dat wol dien, dan hie der mooglik wat mear foar him yn sitten. Hy hie in ûnderstreek dwaan moatten. Dat doarde er net oan.   It hie wol moatten. Mei de set dy’t er die spile er Bauke yn de kaart. Allinne koe er mei dy moaie kaart net omgean.

    Soe it no echt fan de krystbeam komme. It liket der wat Tineke Teigeler oanbelanget wol op. Ferline wike wie hjir noch oandacht bestege oan har hieltiten bettere spul deun by de krystbeam. Se moast it doe noch mei in sterk spul dwaan sûnder punten. Freedtejûn op it stryk ta toernoai pakte se Hennie de Haan.  Moandeitejûn moast se it wer opnimme tsjin de sportive dame út Snits. In pear fan de mannen holden it spul wat yn de gaten. Nei ferrin fan tiid wisten sy al wa’t der winne soe. Se skeaten dan ek fan de stoel ôf doe’t se hearden dat Tineke wûn hie. Dat hienen se net ferwachte. Dat wie wol dúdlik! Tineke siet der net mei. Sy hie de bút binnen. Jelle sette de houtsjes noch in kear op it boerd en hy fertelde Hennie wêrom se eins net mear ferlieze koe.  Dat die se wol! Net eltse dammer is in Jelle Wiersma fansels.

    Utslaggen:   Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 1 – 0; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Bauke Dykstra – Harry Postma ½ - ½; Bauke de Boer – Rients Wynia 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Bauke Bos 1 – 0.                                                                                                                                                                                                                         



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Walinga
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch