• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winning mood!

     

    Ferline wike is hjir ferhelle oer de damkeunsten fan Tineke Teigeler. Dizze Stadige Strykster dy as lyts famke al op de jeugdklup fan de Strikers siet. Net dat it doe in hiel grut damtalint wie, mar wol dat se in hiel soad nocht hie oan it damjen. Dy nocht is wer hielendal werom. Foaral op dit stuit. Ferline wike wûn se en dat sterke staaltsje werhelle se moandeitejûn. Sadwaande bliuwt se yn elts gefal noch in wike yn de winning mood.

    Sven Kalsbeek stelde him by it deryn kommen efkes netsjes foar oan de foarsitter. Dat wie mar goed ek, want de Strikers wienen him hast al in bytsje fergetten. Al in wike as fjouwer kaam er net opdaagjen. No wie er dus wer fan de partij. Hy moast it opnimme tsjin Tineke Teigeler sa hie de kompetysjelieder dat betocht. It soe harren earste partij wurde dit seizoen. Gewoanwei is Sven wat sterker as Tineke. Mooglik hat er har wat ûnderskatten. Tineke siet hiel goed yn de partij: Se die hiele goeie streken en fleach net as in gek nei de yn de fierte lizzende daamline. Nee se hold it spul moai ticht by elkoar. Sven hie der wol oan. Hy trof in oare Tineke as dat er wend wie. Hy trof in Tineke yn de winning mood. En dat hat Sven de kop koste. Hy koe it gewoan net winne tsjin sa’n frommeske dat it winnen op dit stuit aardich yn de macht liket te hawwen.

    Harry Postma pakte ferline kear in moaie heale punt tsjin Bauke Dykstra. No siet er tsjin syn maat Jacob Wietse Visser. De lêste hat krekt as Sven al in hiel oantal wiken fanwege it wurk net damje kinnen. Mooglik hat him dat dochs parten spile. Harry hie yn elts gefal nocht oant it spultsje. Hielendal doe’t er mei in moaie kombinaasje in houtsje foar kaam. Dêrnei wie der foar Jacob eins gjin salve mear oan te striken.

    Hy koe in moai heal puntsje pakke, mar hy die it net. De hiele partij stûn Ype Boelens der folle better op as Sjoerd jan Bakker. It koe hast net foar him stikken sa like it. Doe’t er kamp meitsje koe, tocht er dat der wol mear yn siet. Hy stie ommers as in dyk. Mar sterke stannen moatte yn it damspul ek wer ferbrutsen wurde en dêr hold Boelens te min rekken mei. In pear streken nei de mooglike kamp, bliek Bakker de bêste papieren te hawwen. Ype koe net oars as sa’n bytsje it iene nei it oare houtsje fuort jaan. Ja it is sa: Wa’t it ûnderste út de kanne ha wol kriget it lid op ’e noas.

    Utslaggen; Jelle Wiersma – Bauke Dykstra 1 – 0; Jacob Wietse Visser – Harry Postma 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan bakker 0 – 1;Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Sven kalsbeek – Tineke Teigeler 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Attema Heeg
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    Dizze webside is mei mooglik makke troch