• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Keallerij, de toskedokter en oar űngemak

    Yn It Terphûs binne moandei 22 desimber wat minder partijen spile as op oare moandei-te-jûnen.

    Skriuwer Klaas hie keallerij op de pleats en soe wat letter komme, mar foar healwei njoggenen stapte er it lokaal al yn: hy  hie de bút dizze jûn al gau binnen!

     

    Doe’t Klaas der wie hiene we ek noch neat fernaam fan Ygram Wijbenga út Heech; nei in tillefoantsje fan Klaas die bliken dat er noch by de toskedokter siet; de oare dammers fûnen it mar wat frjemd: de boufakkers ha trije wike fakânsje en dan moatte se krekt op de damjûn nei de toskedokter! Doe’t Ygram nei njoggenen binnen kaam waard him dan ek frêge as er pine yn ‘e mûle hie. Dat hie ik net, mar no al, sa wie syn antwurd. Fan it damjen tsjin Jesse kaam dizze jûn neat mear. No mar hoopje dat Ygram ’s nachts goed sliept hat en doe gjin lêst mear hie fan syn besite oan de toskedokter!

     

    Ek de broer fan Ygram, Tjerk út Arum, wie dizze jûn wat letter. Tsjinstanner Hein de Vries hie de houten al in hoartsje op it boerd stean en ek de damklok wie der klear foar, dat Tjerk koe sa begjinne. Beide mannen hiene der wol sin oan, dat der kaam in moai spul op it boerd. Om’t se wat letter begûn wiene, sieten en stiene op it ein fan de jûn alle oare dammers mei niget nei dit moaie spul te sjen. Mar yn in stân fan fjouwer tsjin fjouwer gie Hein grouwélich yn de fout: troch in tige misse set koe Tjerk it ien kear hielendal útmeitsje! Alle omsitters seagen it, mar Tjerk seach it net!

     

    As Ygram sliept hat witte we net, mar Tjerk sil dy nacht noch wol in pear wekker wurden wêze, om ’t er dizze winnende set net sjoen hie!

     

    Útslaggen 22 desimber:

    Tjerk Wijbenga – Hein de Vries ½ - ½

    Teake Kooistra – Fedde Wiersma 1 – 0

    Sjouke de Boer – Harmen Westra 0 – 1

    Piet Sikma – Klaas Wiersma 1 – 0

    Lieuwe Eringa – Ids Boersma 0 – 1

    Germ Bruinsma – Herman Terwisscha van Scheltinga 1 – 0

    Douwe Namminga – Thom Vellinga 1 – 0



    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Repko Sneek
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Lip en partners
    • Narwal
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch