• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijkstra, Siebren Dyk en Sietse de Jong

    Oft it no kaam omdat it krystdinee by de measte dammers ferkeard fallen wie of dat se har ôfskrikke litten hiene troch panikerige berjochten oer sniestoarmen, dat wie net alhiel dúdlik, mar feit wie al dat de opkomst op 'e damdei op sneon 27 desimber yn Aldegea mar frijwat eameltsjes wie. De thúsbliuwers koene dêr spyt fan ha. Bûten wie it kâld, mar binnen wie it waarm, en der binne dy deis prachtige partijen spile. De winners gongen boppedat mei in bêste rollade wer op hûs oan.

     

    Sintraal stiene de kampioenskippen by de froulju en de legere klassen. Spitigernôch wie der foar de tredde klasse gjin inkelde oanmelding, dat de spesjaal yn it libben roppen wandelbeker krige foar dy klasse foar it jier 2014 noch gjin ynskripsje. Dat wie wol it gefal foar dy fan 'e froulju. Hennie de Haan wûn al har partijen, en sy waard dus de terjochte kampioene, en dêrmei de opfolgster fan Tineke Brander fan Heech, dy't sa't it like net yn 'e gelegenheid wie om har titel te ferdigenjen. Alie Cnossen waard fertsjinstlik twadde, noch foar Tineke Teigeler. Akke Renske Walinga hie foar dizze dei spesjaal oppas regele, mar dat holp blykber net: nei ôfrin fan 'e dei stiene der noch altyd nul punten efter har namme.

     

    It kampioenskip yn 'e earste klasse waard wûn troch Siebren Dyk út Jorwert. In opmerklike prestaasje, want Dyk wie ferline jier kampioen fan 'e twadde klasse wurden, en stjit dus sa yn ien kear troch nei de Haadklasse A. Dit is dus dúdlik in spiler dêr't de Fryske damtop yn 'e takomst rekken mei hâlde moat. Apart wie al dat de kampioen yn in streekrjocht duel ferlear fan 'e nûmer twa, Johannes Hoekstra.

     

    In trochstjittend talint wie der ek yn 'e twadde klasse. Aldegeaster Sietse de Jong dammet noch mar twa jier, mar fersloech wol even festige nammen as de beide Jannen Nauta en De Jong. In kreaze prestaasje! Mei Jan Nauta skilde it oars neat. Beide mannen kamen út op 2,5 punten, en doe moast it Sonnenborn-Berger-systeem (bûnsfoarsitter Siebe Walinga hie it by de priisútrikking grapjeiend oer it Sonnema Bearenburch-systeem) útkomst jaan. Dêr skoarde Sietse krekt wat better, tanksij syn knappe oerwinning op Johannes Hoekstra.

     

    Foar de histoaryske wierheid moat der nammentlik wol by ferteld wurde dat de earste- en twaddeklassers fanwegen de lege opkomst meijoar yn ien pûl set wiene. Dat late ta de brike útkomst dat de beide boppeste plakjes beset waarden troch twadde klassers. Mar goed, sa is it spul en sa moat it spile wurde. Allinne Jan de Jong bleau wat by syn kollega-twaddeklassers yn 't efter. Mar it slagge de Ljouwerter wol wer om mar leafst trije kear kamp te spyljen, en dat is yn it Frysk damjen ek wol wer in prestaasje fan formaat.

     

    Der wie ek noch in kampioenskip yn 'e haadklasse A. Dat waard wûn troch Bauke Dijkstra, mei Piet Sikma fertsjinstlik op it twadde plak. Gerrit Schilstra spile kamp tsjin dy beide mannen, en waard dêrmei treds.

     

    Omdat de spilers fan 'e trije achten yn febrewaris har eigen kampioenskip ferspylje, wie der foar harren in klassike damdei organisearre. Trije fan harren wiene yndield by de haadklassers, mar koene dêr net echt potten brekke. De absolute top wie te finen yn in apart kwartet. Singelier wie dat de beide Walinga's, Siebe en Marten, dy't dêr yn Aldegea dochs eins in foech thúswedstriid spilen, der hielendal neat fan bakten. Sa kaam de koartste partij fan 'e dei op namme fan Marten Walinga. Yn syn iepening tsjin Taeke Kooistra probearre er wat oars as oars, mar syn eksperimint rûn folslein op 'e non. Marten, dochs oars in grut foarstanner fan trochdamjen, wie sa telider slein dat er Kooistra al nei tsien setten de hân joech.

     

    Utslaggen en einstannen:

     

    Froulju: Tineke Teigeler - Hennie de Haan 0-1, Alie Cnossen - Akke Renske Walinga 1-0; De Haan - Cnossen 1-0, Walinga - Teigeler 0-1; Teigeler - Cnossen 0-1, De Haan - Walinga 1-0.

    Einstân: Hennie de Haan 3; Alie Cnossen 2; Tineke Teigeler 1; Akke Renske Walinga 0.

     

    Earste en twadde klasse: Jan de Jong - Siebren Dyk 0-1, Jan Nauta - Sietse de Jong 0-1; Johannes Hoekstra - Nauta 0-1, S. de Jong - J. de Jong 0,5-0,5; Dyk - S. de Jong 1-0, J. de Jong - Hoekstra 0,5-0,5; Nauta - J. de Jong 0,5-0,5,  Hoekstra - Dyk 1-0; Dyk - Nauta 0-1, S. de Jong - Hoekstra 1-0.

    Einstân (mei tusken heakjes SB): Sietse de Jong 2,5 (9,5); Jan Nauta 2,5 (8,5); Siebren Dyk 2; Johannes Hoekstra 1,5; Jan de Jong 1,5.

     

    Haadklasse A & eareklasse B: Willem Hoekstra - Fedde Wiersma 1-0, Bauke Dijkstra - Gerrit Schilstra 0,5-0,5, Sjoerd Couperus - Piet Sikma 0-1; Wiersma - Couperus 1-0, Sikma - Dijkstra 0-1, Schilstra - Hoekstra 0-1; Hoekstra - Couperus 0-1, Wiersma - Dijkstra 0-1, Schilstra - Sikma 0,5-0,5.

    Einstân: Bauke Dijkstra 2,5; Willem Hoekstra 2; Piet Sikma 1,5; Sjoerd Couperus 1; Fedde Wiersma 1; Gerrit Schilstra 1.

     

    Eareklasse A: Marten Walinga - Taeke Kooistra 0-1, Siebe Walinga - Hein de Vries 0-1; Kooistra - S. Walinga 1-0, De Vries - M. Walinga 1-0; M. Walinga - S. Walinga 0,5-0,5, Kooistra - De Vries 0,5-0,5.

    Einstân: Taeke Kooistra 2,5; Hein de Vries 2,5; Marten Walinga 0,5; Siebe Walinga 0,5.



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch