• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De útsetter fan it âlde jier.

    Op ien fan de lêste jûnen fan it jier 2014 kamen de Stadige Strikers by elkoar yn de smûke bar fan it Swettehûs. No sitte de dammers alle jûnen yn de bar. Dat is neat gjin nijs. Dit wie wol de earste kear dat se de lêste damjûn yn it Swettehûs holden. Dochs wie it wol wat in aparte, mar ek feestlike jûn. Apart omdat it fierders sa stil wie yn it gebou. Der waard neat fernommen fan ús buorlju: de sjongers. Feestlik omdat de nagelnije frouljuskampioen yn ús fermidden siet: Hennie de Haan. De sneons derfoar wûn se alle trije partijen en doe mocht se har foar de twadde kear kampioen fan Fryslân neame. De útsetter fan dit jier levere fierders gjin spektakulêre útslaggen op.

     

    In groepke wie ek dizze jûn mar lyts. Trettjin dammers sieten paraat om de striid oan te gean. Fansels wie elk benijd hoe’t Tineke Teigeler it dwaan soe. Soe se har segereeks mei wer in winstpartij noch mear glâns jaan of soe se de holle bûge moatte foar in yn it damsâlt bebiten dammer. Dat soe bêst kinne, want tsjinoer har siet Bauke de Boer. Dan witte jo it wol. As dy in bytsje yn de partij sit dan strykt er as in tierelier en giet dan rjocht op it doel ôf. As tsjinstanner geane jo gau yn it tempo mei en mooglik is it ek sa gien mei Tineke. De partij fan har wie it earste út. Se hat fêst te min tiid nommen om nei te tinken en dan meitjse jo foutsjes en dy wurde troch sa’n ien as De Boer fuortendaliks ôfstraft.

     

    Ut de analyze die bliken dat Sjoerd Jan Bakker remize tsjin Jelle Wiersma glûpe litten hat. Dat wie yn syn earste partij tsjin Jelle ek al it gefal. Dat is wol apart omdat Sjoerd Jan ek in man is dy’t it einspul oant yn de puntsjes behearsket. Dochs hat Jelle yn dit stik fan saken in fin mear as in bears. Hy hellet soms út stannen as in brijwein dochs noch in moaie winst. Mooglik binne syn tsjinstanners, Strikers, wat te skruten en doare se der net yn te brânen. Jelle hat sa njonkelytsen al wer in enoarme foarsprong en kuieret moai op it kampioenskip ta.

     

    Utslaggen. Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Ype Boelens – Jacob Wietse Visser 0 – 1; Bauke Dykstra – Cor Kooistra ½ - ½; Sven Kalsbeek – Hennie de Haan ½ - ½; Bauke de Boer – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Bos – Rients Winia 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch