• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Damdei Frysk Damjen yn Hartwert

     

     

    Op de earste sneon fan it jier organisearret de damklup Hartwert altiid har jierlikse wedstriid. Sa ek dit jier. Wat de sop en snert oanbelanget hiene der wol wat mear dammers wêze kint. Mar sa as wol faker sein wurd: wês bliid mei de minsken dy’t der wol binne. 

    Nei it iepeningswurd fan de foarsitter giene om goed 10 oere 24 dammers de striid oan yn seis groepen. En it waard in moaie damdei. Yn de ferskate groepen waard fûleindich striden. 

     

    Yn  groep 1 fan de eareklasse sieten ûnder oaren Teake Kooistra (16 kear kampioen fan Fryslân) en Augustinus v.d.Goot (12 kear kampioen). Beide mannen hiene de beide earste partijen (tsjin Willem Hoekstra en Fedde Wiersma) wûn, en moasten yn de tredde partij damje om de earste priis. Teake kaam mar wat frjemd op it boerd te stean en der wist Stinus wol rie mei: hy kaam in houtsje foar en wûn de partij.

     

    Yn de twadde groep waard Cor Kooistra, de âld-foarsitter fan it Dambûn Frysk Spul, de winner. Yn de partij tsjin Klaas Wiersma rekke Cor in houtsje efter, mar letter yn de partij koe Cor wer lyk komme, ek al om’t Klaas wolris wat rimpen is yn syn striken. Yn de lêste partij like it dat Cor minder stûn yn de partij tsjin Tjerk Wybenga. De lêste tocht winne te kinnen, mar troch in pear sterke setten yn it einspûl koe Cor kamp meitsje. De twadde priis wie foar de feteraan Sjoerd Couperus: lêst fan de earen en de fuotten, mar mei syn damjen is noch neat mis!

     

    Groep trije wie miskien wol de sterkste groep mei trije gadingmakkers foar it kommende persoanlike kampioenskip. De fjirde man yn dizze groep, Hein de Vries, waard ‘gewogen en te licht bevonden’, mar yn dizze groep waard fûleindich striden, ek yn de lêste partij tusken Foeke Tiemensma en Folkert Groenveld. De lêste wie krekt werom fan in reiske nei New York, mar fan in jetlag wie neat te merken. Yn it lêst fan de partij koe hy in daam fan Foeke wer fange en waard de partij remise. De twadde priis yn dizze groep wie foar Jelle Wiersma út Wommels dy’t allinne tsjin Foeke belies jaan moast.

     

    Yn  de haadklasse A wie de winst foar Gerrit Schilstra dy’t spilet by de damklup yn Aldegea. Dat hiene we fan te foaren net tocht; Bauke Dijkstra soe dizze groep wol winne, sa wie de ferwachting. Mar Gerrit wûn alle 3 partijen en de oare dammers, Bauke Dijkstra, Piet Sikma en Sjouke Schilstra (de broer fan ...) hiene 1 punt. Nei trije potsjes fluchdamjen wie de twadde priis foar Sjouke Schilstra út Lollum.

     

    Yn de 1e klasse damden fjouwer dammers fan de damklup Hartwert. De opropwrotter Auke Boschma wie it lêste yn it Terphûs en wie ek it earste wer nei hûs, want op de buorkerij moast ek noch it ien en oar dien wurde. Hy naam mar in heal puntsje mei nei hûs en dat helle er yn de partij tsjin Germ Bruinsma. De prizen yn dizze groep geane nei Sjouke de Boer en Klaas Abma. Beiden hiene 2 punten; de beslissingspartij koe sneon net mear spile wurde, om ‘t ek Klaas syn kij molken wurden moasten. Op de klup sil útmakke wurde wa mei de 1e priis nei hûs giet.

     

    Yn de 2e klasse wie de winst foar Jesse Boschma, de nije ynwenner fan de stêd Boalsert. Jesse syn damjen op de klup falt dit jier wat tsjin, mar dizze dei gie it poerbêst: 3 kear winst!

    De oare trije dammers yn dizze groep Herman Terwisscha van Scheltinga, Douwe Namminga en Jan Nauta (Bitgummûne) hiene alle trije 1 punt. Der wie yn dizze groep gjin tiid om beslissingspartijen te spyljen: ek Herman moast nei de pleats om de kij te melken! Dus der waard lotte; en wa hat de priis? Just: Herman, dy’t net beslissingspartijen spylje koe of woe!

     

    De priiswinners op dizze damwedstriid wiene:

     

    Ereklasse, groep 1:

    1.Augustinus v.d Goot, Snits3

    2.Teake Kooistra, Hartwert2

     

    Ereklasse, groep 2:

    1.Cor Kooistra, Nylân2,5

    2.Sjoerd Couperus, Snits2

     

    Ereklasse, groep 3:

    1.Foeke Tiemensma, Frentsjer2,5

    2.Jelle Wiersma, Wommels2

     

    Haadklasse A:

    1.Gerrit Schilstra, Boalsert3

    2.Sjouke Schilstra, Lollum1 (nei beslissingspartijen)

     

    1e klasse:

    1./2.Sjouke de Boer, Eksmoarre en

    Klaas Abma, Hartwert, beide2

     

    2e klasse:

    1. Jesse Boschma, Boalsert3
    2. Herman Terwisscha van Scheltinga, Nijlân1 (nei lotting)

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Wiersma Wommels
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    • Walinga
    • Narwal
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch