• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Aldegea (SWF) nimt damtitel fan Hartwert oer

     

     

    Easterein -- Sa'n hûndert beoefeners fan it damjen Frysk spul kamen ôfrûne sneon wer byelkoar om te striden foar it jierlikse klupkampioenskip. In soad minsken hiene yn it foar ferwachte dat it no ek wol wer tusken Hartwert en Aldegea (SWF) gean soe. Dêrby wie it de fraach ynhoefier oft regearjend kampioen Hartwert it ferstjerren fan de sterke spilers Germ Terpstra en Stoffel Bouma opheine koe

     

    Dochs hold it kampioenskip him net oan dit foarôf úttochte senario. De earste omloop wie noch wol kreas neffens de ferwachting. Hartwert wûn doe mei 5,5-2,5 regulier fan it promovearre De Gaastmar, en Aldegea wie mei 5-3 te sterk foar Skearnegoutum. Dyselde "Stadige Strikers" hellen lykwols yn 'e twadde omloop in stunt út tsjin Hartwert. Beslissend wie de striid op it earste boerd, tusken de beide damgiganten Taeke Kooistra en Jelle Wiersma. De Hartwerter hie Wiersma folslein yn 'e tange en kaam ek noch ris in hout foar. Likegoed slagge it de Skearnegoutumer om him los te wrakseljen, en ek noch ris om op in ûnferwachtse wize foardiel út syn daam te heljen. Wiersma wie der sels wat ferstuitere fan dat it sa noch rûn wie, en woe him dêr eins ek wol foar ferûntskuldigje, mar de sportieve Kooistra ferklearre simpelwei "dat dit no ienkear damjen is".

     

    Troch dy 5-3 oerwinning fan de Skearnegoutumers lei ynienen alles wer iepen. As hja neffens ferwachting fan De Gaastmar winne soene, en Aldegea it yn 'e lêste omloop net oprêde soe tsjin Hartwert, dan soene mar leafst trije ploegen mei likefolle punten boppeoan einigje. Safier kaam it lykwols net. De Stadige Strikers hiene nei har striid tsjin Hartwert de put der sa't it like út. Se gongen kopke ûnder tsjin it dochs wier net sa sterke Gaastmar, ek al skilde it net folle: 3,5-4,5. Underwilens kaam Hartwert tsjin Aldegea net fierder as in lykspul, mar ek dat wie in knikker op 'e kant. Tsjin de Hartwerter Hein de Vries moast Folkert Groenveld yn in stân fan trije om trije en ûnder slimme tiidsdruk al syn rekkenfeardigens oansprekke, mar doe koed er ûnder applaus de winst ek nei him tahelje.Dêrmei besoarge er "Nocht en Kriich" it klupkampioenskip, en sa namen de Aldegeasters it stikje wer fan Hartwert oer.

     

    Yn 'e kampioensklasse sil it plak fan it degradearjende Gaastmar takom' jier oernaam wurde troch Lollum. Dy makken har favoriterol yn 'e earste klasse wier, mar ek hjir wie it dochs noch spannend. It achttal fan Blauhús, sûnder grutte toppers mar sterk yn 'e bridte, kaam nammentlik yn it streekrjochte duel wol hiel tichteby. It waard úteinliks 4,5-3,5 foar de Lollumers. De legere achttallen fan Hartwert en Aldegea koene hjir gjin rol fan betsjutting spylje.

     

    De tredde klasse waard wûn troch it ferline jier degradearre Jorwert, dat net al te folle tsjinstân ûnderfûn. Troch in tal meunsteroerwinnings eigenen de Jorwerters har ek it Hokwerdaskyld foar de measte buordpunten ta.

     

     

     

    Utslaggen en einstannen (mei tusken heakjes it tal buordpunten):

     

    Kampioensklasse: Hartwert -De Gaastmar 5,5-2,5, Aldegea - Skearnegoutum 5-3; Skearnegoutum - Hartwert 5-3; De Gaastmar - Aldegea 1,5-6,5; Aldegea - Hartwert 4-4, De Gaastmar - Skearnegoutum 4,5 - 3,5.

    EindstânAldegea 2,5 (15,5); Hartwert 1,5 (12,5); Skearnegoutum 1 (11,5); De Gaastmar 1 (8,5).

    Twadde klasse: Lollum - Aldegea II 6,5-1,5, Hartwert II - Blauhús 1-7; Blauhús - Lollum 3,5-4,5, Aldegea II - HartwertII 2-6; Hartwert II - Lollum 3-5, Aldegea II - Blauhús 3-5.

    EinstânLollum 3 (16); Blauhús 2 (15,5); Hartwert II 1 (10); Aldegea II 0 (6,5).

     

    Tredde klasse: Jorwert - Aldegea III 7-1, Skearnegoutum II - Hartwert III 4-4; Hartwert III - Jorwert 2-6, Aldegea III - Skearnegoutum II 6-2; Skearnegoutum II - Jorwert 1-7Aldegea III Hartwert III 3-5.

    EinstânJorwert 3 (20); Hartwert III 1,5 (11); Aldegea III 1 (10); Skearnegoutum II 0,5 (7).

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Rabobank
    • Narwal
    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Lip en partners
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    Dizze webside is mei mooglik makke troch