• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Sven Kalsbeek lit wer even fan him hearre.

     

    Net dat Stadige Striker Sven kalsbeek in ropper en razer is, nee dat net. Dochs liet de jongeman fan it Skearnegoutumer String wer fan him hearre. Hy is oant no ta mei syn achttjin jier de benjamin fan de Strikers. Mar dizze benjamin pakte de altyd sterke Rients Winia mei in moai slachje even goed by de lurven. Hy liet ek net wer los en wûn de partij.

    Is dat se bysûnder? Ja. Heel faak is Sven dit jier net fan de partij. Dat komt omdat er staazje rinne moat foar syn stúdzje maatskiplik wurker. Hy lit dus net safolle fan him hearre. Moandeitejûn wie er paraat. Hy is ek ien fan dejingen dy’t tige mei de klup meilibbet op de strikers-app. Dat er winne soe tsjin de koprinner fan de tredde groep lei net sa sear yn de ferwachting. Elk wit fan it taaie striken fan Winia. Sven skode der lustich op los en koe ûndertusken ek noch wol even kofje ynskinke. It kopke siet fierders goed by de partij, hoewol in gewoan praatjse tuskentroch kin der by Sven ek altiten noch wol by. Hy skode der in moai mearslachje yn. Winia koe twa en dat woe er ek, mar hy moast trije houtsjes slaan. Sven sloech doe trije werom en wie trochbrutsen nei daam. Foar Winia wie der gjin salve mear oan te striken.

    It wie tige opmerklik, twa âld-Hartwerters ferlearen suver op deselde wize yn it einspul. Yn beide gefallen koenen de tsjinstanners twa dammen tsjin ien krije. Bauke Dykstra gyng op dy wize tsjin Ype Boelens de boat yn en syn âld-Hartwerter buorjonge Cor Kooistra skode hurder as dat er tocht en ferlear sa fan Sjoerd Jan Bakker. Foar Ype wie it de twadde oerwinning! Ferline wike is er mei winnen úteinsetten en wy freegje ús wol ôf wêr dat aansten in kear ophâldt.

    Bauke Bos pakte de man waans namme noch mei grutte letters yn de Ljouwerter stie. Bauke de Boer (92) fan de Stadige Strikers spile yn Easterein tsjin de jongste dielnimmer (12) fan de klupkampioenskippen. Dyselde De Boer liet him no aardich by it ear pakke troch Bauke Bos.Earst joech Bos him al in aardich tikje troch hiel moai troch te brekken nei daam en in pear streken dêrnei joech er de genedeklap troch in hastich streekje fan de Boer fuortendaliks goed ôf te straffen.

    Utslaggen: Ype Boelens – Bauke Dykstra 1 – 0; Bauke Bos – Bauke de Boer 1 – 0; Sven Kalsbeek – Rients Winia 1 – 0; Tineke Teigeler – Tsjerk Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Hennioe de Haan – Tsjerk Wiersma 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Walinga
    • Rabobank
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Attema Heeg
    Dizze webside is mei mooglik makke troch