• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De Strikers wienen Hartwert de baas.

    Yn it jier 2009 fersloech damklup “De Stadige Strikers” yn in thúswedstriid Harwert foar de lêste kear. Yn de fiif opfolgjende jierren lutsen de Strikers alle kearen oan it koartste ein. De earste acht wûn it tsjin de klup út Hartwert by de klupkampioenskippen in goed wike lyn. No moast de revanche komme. Moandeitejûn waarden yn it Swettehûs te Skearnegoutum de degens krúst. Oan de ein fan de rit die bliken dat de Strikers baas wienen yn eigen hûs.

     

    Der waard moai damme. Gjin spul wie binnen oardel oere út. De earste punt gyng nei de Strikers. Willem Schaap wie baas Fedde Wiersma de baas. Dêrnei rûgelen der sa mar wat punten de Hartwerters yn ‘e skurte. Dy foarsprong soe net lang stân hâlde. De Strikers dienen harren namme ear oan. Stadichjesoan waard it iene nei it oare punt pakt.Ien fan de grutste bysûnderheden fan de jûn wie, dat de twa toppers fan beide klups net tsjin elkoar spilen. Nee sy dienen it tsjin de beide jo-jo-mannen, dy hearen dy’t faak yn de kampioensklasse akteare, mar der ek like faak wêr út knikkere wurde. Dat binne Sjoerd Jan Bakker en Hein de Vries. De lêste fierde de Hartwerters oan, op it earste boerd dus. Hy moast tsjin Jelle Wiersma. Sjoerd Jan Bakker spile tsjin de topper by útstek Taeke Kooistra. Meastal binne dy beide toppers goed foar in punt foar harren klup. De beide klups krigen yndie elk in punt, mar net fan de toppers. Nee! Hein wûn fan Jelle en Sjoerd Jan fersloech Taeke. In net ferwachte útslach, mar likegoed in geweldige prestaasje fan de jo-jo-mannen.

     

    De Strikers ha gewoanwei op de klupjûnen trije froulju yn tou. Moandei wienen dat twa. Twa hiele trouwe leden. Hennie de Haan wûn reyaal fan Siebe Elzinga en Tineke Teigeler fersloech debutant Lieuwe Eringa. De lêste hie yn elts gefal foar kamp gean kinnen, mar hy fergeat syn klok. En dy docht ek mei fansels. Sven kalsbeek wûn ek, hoewol er himsels op de rjochterfleugel sa goed as wjuklam strutsen hie. Tom Vellinga die net ien fan de sterkste streken en Sven, ús Benjamin, profitearde der fan.

     

    Utslach: Strikers – Hartwert. Jelle Wiersma – Hein de Vries 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Taeke Kooistra 1 – 0; Willem Schaap – Fedde Wiersma 1 – 0; Bauke Dykstra – Klaas Abma 1 – 0; Cor Kooistra – Sjouke de Boer 1 – 0; Ype Boelens – Germ Bruinsma 0 – 1; Harry Postma – Ygram Wybenga 1 – 0; Bauke Bos – Klaas Wiersma 0 – 1; Rients Winia – Ids Boersma 0 – 1; Bauke de Boer – Herman Terwisscha van Scheltinga 0 – 1; Hennie de Haan – Siebe Elzinga 1 – 0; Sven Kalsbeek – Tom Vellinga 1 – 0; Tineke Teigeler – Lieuwe Eringa 1 – 0. Utslach: 8 – 5.



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch