• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De persoanlik kampioenskippen: in foarútsjoch

    De persoanlik kampioenskippen: in foarútsjoch

     

    troch Siebren Dyk

     

     

    Febrewaris is de moanne fan 'e persoanlike kampioenskippen. Foar mannichien it hichtepunt fan it damjier, benammen foar de leafhawwers fan skerpe, goed trochtochte partijen op it heechste nivo. Hjir fêst in foarskôging, foar wat it wurdich is.

     

    Kampioensklasse

     

    Alle eagen geane fansels út nei de kampioensklasse, want dêr moat no ienris DE kampioen út fuortkomme. Minsken dy't miene dat Hartwerter Taeke Kooistra wol wer syn titel prolongearje sil, dy binne mooglik wat te lui yn it tinken. Wis, Kooistra is de man mei de measte titels efter syn namme, de man mei de heechste rating, de man dy't dizze ieu as in keizeroer it Frysk damjen regearre hat. Mar dat wol noch net sizze dat er ûnferslaanber is. Dat die bliken op it klupkampioenskip, doe't er syn partij ferskiet tsjin Jelle Wiersma, mar resinter noch ferlear er fan Sjoerd Jan Bakker yn in freonskiplike moeting tusken de klups fan Hartwert en Skearnegoutum. Kooistra bliuwt grif favoryt, mar de jierren begjinne fansels wol te tellen. 

    Sûnder mis is Jelle Wiersma fan Wommels syn grutste konkurrint. Hy is ek de iennichste dy't him sûnt 2000 in pear kear - trije, om krekt te wêzen - te tûk ôf west hat. Wiersmaspilet altyd tige sekuer en kombinearret dat mei in grut rekkenfermogen.

    Binne der noch mear kapers op 'e kust? Dat moat net útsletten wurde, want sa grut binne de ferskillen no ek wer net. De man dy't it meast yn 'e gaten holden wurde moat, is miskien wol Foeke Tiemensma fan Frjentsjer. Foeke docht noch net sa hiele lang mei op it heechste nivo. Noch sterker, sa lang docht er ek noch net iens oan Frysk damjen, dat hy is om sa mar te sizzen noch groeiende. As der ien is dy't foar in ferrassing soargje kin, dan is it Foeke Tiemensma. Hiele goede outsiders binne ek Marten Walinga en Folkert Groenveld (Jutryp). In probleem by dy beide mannen is dat se soms krekt op it ferkearde stuit in stek falle litte, mar wa wit oft Walinga it net ris tiid fynt om nei 2000 dochs noch ris mei de kampioenstsjelke yn Waaksens werom te kommen.

    It moaie fan 'e opset fan 'e kampioenskippen is dat der in romme promoasje-degradaasje-regeling is. Der moatte dus twa man sakje, en it measte gefaar rinne fansels dy lju dy't krekt promovearre binne. Benammen Snitser Sjoerd Jan Bakker hat in abonnemint op 'e jo-jo. Pieter Hoogterp fan De Gaastmar is nij yn dizze klasse, en dan is it altyd even ôfwachtsjen. It soe in prestaasje fan formaat wêze as er him hanthavenje kinne soe. As er dat wiermeitsje soe, dan wurdt Henk Haanstra (Aldegea) gefaarlik.

     

    Twadde acht

     

    Ferline jier binne Augustinus van der Goot (Snits) en Aldegeaster Siebe Walinga út 'e heechste klasse degradearre. Se sille der alles oan dwaan om werom te kommen, en benammen Van der Goot bringt safolle damûnderfining mei dat dy kâns ek net lyts is. As ik him wie, dan soe ik wol rekken hâlde mei de Ljouwerter Hein de Vries, faak de deeglikheid yn eigen persoan. It grutte fraachteken yn dizze klasse is Tjerk Wijbinga fan Arum. Dy hat it de lêste jierren in bytsje sitte litten, mar is wol immen dy't wol in poepke damje kin, en dy't miskien eins ek wol yn 'e heechste klasse thúsheart. 

    De oare dielnimmers sille der wol foaral foar oppasse moatte dat se net nei ûnderen truzelje. Dat jildt útsoarte foar de beide promovendy Fedde Wiersma (Easterein) en Sjoerd Couperus (Snits). De lêste is sa taai as hûnehier, mar der kin fansels net ûntkend wurde dat de jierren fan 'e slitaazje oanbrutsen binne. Dat lêste jildt miskien ek foar Cor Kooistra út Nijlân. Dêrmei ferlike is Willem Hoekstra út Aldegea noch in broekje, mar it is net útsletten dat er yn 'e twadde acht dochs wol oan syn taks sit.

     

    Tredde acht

     

    Ferline jier binne Klaas Wiersma (Nijbeets) en Kees Tijssen (Reduzum) degradearre út 'e twadde acht wei. Foar Tijssen wie dat doe omreden fan sykte. Op papier soe dat him de grutste kâns jaan moatte om wer werom te kommen. Dan moat er lykwols net te fluch skowe, want oars soe it wol ris nacht yn 'e nane wurde kinne. Nei myn ynskatting is it net automatysk sa dat Klaas Wiersma ek wer weromkomt. Mar wa moat dan wol omheech? Lollumer Liuwe Westra, Tynster Bauke Dijkstra, Blauhúster Jappie de Jong? It binne allegearre aardige dammers, mar ha se genôch kwaliteit?

    Dêrom is it miskien goed om Willem Schaap yn 'e gaten te hâlden. Dy Stadige Striker hat him in jiermannich fan it persoanlik kampioenskip ôfsidich holden, mar is ferline jier troch it kampioenskip yn 'e Haadklasse A wer weromkaam. Schaap is it damjen fansels noch net ferleard, en kin boppedat soms mei in tûke slach ûnferwachts út 'e hoeke komme. Koartsein, in skiep dêr't in wolf yn stykje kin, en sokken binne it gefaarlikste.

    In noch grutter fraachteken is Harmen Westra fan Lollum. Dy debutearre ferline jier op dit nivo, en hy die dat lang net ûnfertsjinstlik. Harmen is fansels ek dûbeld motivearre, want binnen de tredde acht spilet ek noch in oar kampioenskip, te witten dat fan 'e Westra's. Wa jongkeardel soe syn heit net graach oermânsk wêze wolle?

    En dan is der yn dizze klasse noch in oar jeuchlik talint, de hjir debutearjende Rindert Walinga fan Waaksens. Hy is noch wol it aldergrutste fraachteken. Myn ynskatting is dat er it hiel dreech krije sil. Mar wat soe it moai wêze as ik ûngelyk krige!

     

    Spylskema

     

    It toernoai hat sân omlopen, twa op ien sneon. Yn tsjinstelling ta eardere berjochten wurde de earste twa no ferspile yn Blauhús, op 7 febrewaris, yn it ferneamde kafee De Freonskip. In noch ferneamder kafee is oars "Het Wapen van Baarderadeel" yn Jorwert. Dêr spilet him op tiisdeitejûn 10 febrewaris op 'e boppeseal de tredde omloop ôf. It kampioenskip wurdt fuortset op sneon 14 febrewaris yn Hartwert, yn it o sa smûke Terphûs. De grande finale is dan op 21 febrewaris yn it doarpshûs fan De Gaastmar. Dan sil dúdlik wurde wa't de wandelbeker foar in jier op 'e skoartstienmantel sette, en in gouden tientsje foargoed yn 'e sparpot stopje mei.

    Sneons is de begjintiid 10 oere, en de tiisdeitejûns healwei achten. De wedstriidlieding is yn 'e fertroude hannen fan Johannes Hoekstra en Piet Sikma. Publyk is fan herte wolkom, de tagong is fergees. Taskôgers moatte der wol rekken mei hâlde dat it hjir om in tinksport giet; lûde oanmoedigings lykas by it kickboksen wurde net op priis steld.



    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    Dizze webside is mei mooglik makke troch