• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • In tút foar eltste Stadige Striker

     
     
    Ynte Dijkstra wie wer fan de partij en hie foar eltse Stadige Striker in tút. Omdat er krekt foar de twadde kear heit wurden wie hie hy wat meinaam foar by de kofje, in tút. Eartiids namen se dizze koekjes negerzoenen, mar dit mei net mear en no ha se de namme “zoen”, yn it Frysk fansels tút. Dizze tút wie ôfmakke mei mûskes, dy’t gjin pleach foarmje en skea oanrjochtsje. Ynte syn tsjinstanner Bauke Dijkstra joech him gjin kado want Ynte ferlear de partij. Syn maat Kees Willem Koopmans die it tige mâl. De hearen wiene in bytsje drok en Kees Willem prebearde syn tsjinstanner Harry Postma fan it boerd te praten en al gau kaam hy ien houtsje foar en letter helle hy der noch ien by. Harry seach noch ien kâns troch noch twa houtsjes te jaan en sa in daam te heljen. Hy hie de hoop om der sa noch kamp út te heljen, mar Kees Willem seach in houtsje oer de holle en ferlear op in sneue manier de partij. Lokkich wie hy net de ienige dy’t him ferseach, want de skriuwer fan de klup seach in slachje oer de holle en Tineke Teigeler rekke ien houtsje foar. Bos hie miskien hope dat se har noch fersjen soe, mar Tineke bleau goed by de les en wûn de partij. Ype Boelens wie ek goed by de les en helle kamp tsjin koprinner Jelle Wiersma dy’t oant no ta alles noch wûn hat. Rients Wijnia hie it dreech tsjin Hennie de Haan en helle kamp nei in bananeset fan Hennie. It lêste spul tusken Willem Schaap en Sjoerd Jan Bakker wie doe noch lang net út en koe noch wol in skoft duorje, mar in partij kin ek samar út wêze. It duorre lykwols net al te lang mear want nei in dreech spul waarden Bakker syn kânsen hieltyd minder en Schaap wûn de partij.
     
    Utslaggen:
    B. Bos- T. Teigeler 0-1
    R. Wijnia – H. de Haan 1/2-1/2 
    S. J. Bakker – W. Schaap 0-1
    B. de Boer – M. Bakker 1-0
    J. Wiersma – Y. Boelens 1/2-1/2
    Y. Dijkstra – B. Dijkstra 0-1
    K.W. Koopmans – H. Postma 0-1

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Noflik
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch