• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Enervearjende stryk-ta yn Blauhús

    Freed 30 jannewaris wie wer de jierlikse stryk-ta-dammerij yn it Blauhúster kluphûs Siesa. Nettsjinsteande de winterske waarberjochten kamen dêr dochs noch 28 dammers op ta, dy't der in hiele gesellige en sportive jûn fan makken. Der waard fansels wer damd om dy bekende en ferskriklik lekkere taartsjes fan Bakkerij Popma, beskikber steld troch HANDELSUNDERNIMMING JAPPIE ZEINSTRA. De lêste hie foar dizze jûn in grut reklamespandoek ophingje litten mei dêrop in grutte ko, al tochten guon dat der kommende maitiid wol mear mûzen yn it lân rinne sille.

     

    Der waard flot nei 7 oere starten yn 4 groepen fan 4 spilers en 2 mingde groepen fan 6 spilers, fakkundich opmakke troch Bernard Kroon, dy't dêrfoar in grut applaus fertsjinne. In spesjaal wolkom wie der foar Auke de Boer en Jan Hoekstra fan Reahûs. Moai dat dy mannen oan dizze wedstriden meidogge! Fjirders hie Liuwe Westra beide soannen meinommen om sa foar de húshâlding safolle mooglik gebak binnen te heljen. Dêrby hied er lykols gjin rekken holden mei Bernard, dy't himsels by Liuwe yndield om sa noch in ferlerne party fan Easterein ferrekkenje te kinnen.

     

    Yn de eareklasse gong, dochs wol ferrassend, Siebe Walinga mei de grutte taart oan ’e haal troch al syn trije partijen te winnen. De lêste party duorre sels mar 5 minuten troch in echte “Tytsma”-set, en dat soarge foar in soad opskuor ûnder de minsken. It bart net sa faak dat it measte kabaal út de foarste groep(en) komt… Fierders wie der in barraazje nedich tusken Folkert Groenveld, Foeke Tiemensma en Cor Kooistra om te beslissen wa't de lytse taart mei nei hûs ta nimme mocht. Dy waard úteinliks nei in soad spanning en spektakel wûn troch Foeke.

     

    De haadklasse A hie trije útsprutsen winners yn Harmen Westra, Willem Schaap en, wat ferrassend, Sjouke Attema, en al even dúdlike twadde plakken: Jappie de Jong, Bauke Dijkstra en Bernard Kroon. De rest die einliks foar spek en brea mei en kaam der net oan te pas. Bernard wûn dizze kear oars wól fan Liuwe en koe sa de kater fan Easterein einliks fuortspiele!

     

    It measte spektakel wie der yn de earste klasse, dêr't de partijen werklik alle kanten opfleagen en de gaos soms kompleet wie. Yn it earste groepke fan trije wie Sânfurder Piet Hoekstra de sterkste en pakte George Galama de twadde priis. Yn 'e twadde groep bleau Siebren Dyk it rêstichste en pakte alle trije partijen. Beke Haanstra gong der mei it lytse taartsje fan troch.

     

    Dan de tredde klasse. Yn it earste groepke spilen Edwin Homminga en Auke de Boer in prachtpartij dêr't de omstanners fan smulden. It smiet Edwin in puntsje op, genôch foar it twadde plak. De earste priis gie nei Paul Borghaerts mei 2 winstpartijen. Yn it twadde groepke liet ek Jan Hoekstra him fan syn bêste kant sjen troch in partij te winnen. Mar it wie net genôch tsjin it damgeweld fan Jeljer Westra (2e) en Michiel Zeinstra (1e).

     

    Fuort nei de lêste partij waarden de prizen ferdeeld en gong eltsenien nei hûs yn ferbân mei de glêde dyken. De Blauhústers bleauwen noch even oan de bar hingjen en koene weromsjen op in tige slagge damjûn!

     

    Bestjoer De Skyfkes, Blauhús



    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Narwal
    • Walinga
    • Lip en partners
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch