• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Fjouwertal Aldegea miniklupkampioen

    Op freedtejûn 22 novimber waard yn Jorwert wer it miniklupkampioenskip ferspile. Dat wie al wer foar de 25ste kear, in oanlieding foar makelderij Kaspers-Schingenga om in bakje kofje mei oranjekoek te sponsorjen. Dat gong der by de 28 dielnimmers wol yn. Der wiene dus sân ploegen op 'e boppeseal fan kafee "Het Wapen van Baarderadeel" presint, ien minder as ferline jier. Dat lei him benammen oan de Stadige Strikers. De Skearnegoutumers kamen ferline jier noch mei twa fjouwertallen nei Jorwert ta, mar koene no mar in healen leverje. Omdat Aldegea noch twa man oer hie, smiet dat in nij Frysk doarp op: Skearnegea.

     

    Fanâlds wurdt der by it miniklupkampioenskip yn twa klassen damme. Aldegea hie ferline jier de B-klasse wûn, mar de ambysjes fan 'e klup rikten dúdlik noch heger. Mei Folkert Groenveld, Siebe Walinga, Henk Haanstra en Willem Hoekstra wie wol in útsûnderlik swierwichtich partoer ôffurdige. Dat die fertuten. Allinnich Lollum - mei Foeke Toemensma, Liuwe Westra, Sjouke Schilstra en Hylke Algra - koe by harren yn 'e buert komme. It kaam sa út dat dy beide ploegen yn 'e lêste omloop tsjin elkoar moasten, en doe bliek it ferskil wol hiel dúdlik: de Aldegeasters wûnen mei mar leafst 4-0! Aldegea wûn dus it toernoai, mar de folle winst hellen se aparternôch ek wer net. Tsjin Hartwert, oars degradearre nei de B-klasse, moasten se in lykspul tastean.

     

    Omdat it om in fluchdamkampioenskip gong, en jo sa'n jûn ek wol in pear potsjes spylje wolle, hie wedstriidlieder Willem Dykstra in yngewikkeld systeem úttocht sadat ploegen út de A en de B-klasse soms ek tsjin elkoar moasten. Fierders hie elke omloop ien ploech frijôf, mar troch it spyltempo fan 15 menuten hoegde dat noait langer as in healoere te duorjen.

     

    It fúzjedoarp Skearnegea wie, op grûn fan it kampioenskip ferline jier fan syn parsjele foargonger Skearnegoutum, yn 'e A-klasse pleatst. De Skearnegoutumers Dicky van der Meer en Bauke Dijkstra koene op dat nivo skoan meikomme, mar de Aldegeasters Durk Rypma en de noch jonge Lammert Stegenga hiene der klauwen oan. Skearnegea einige dan ek ûnderoan, mei in heal punt. Dat hellen se tsjin Jorwert I, dat him yn 'e A-klasse oars mei oardel punt ek net hiel oertsjûgjend yn 'e heechste klasse hanthavene.

     

    Hoewol't de poerbêste prestaasje tsjin de lettere kampioen oars tinke lit, waard Hartwert gjin kampioen fan 'e B-klasse. Dy eare wie nammentlik weilein foar Blauhús, dat oan 'e ein krekt in heal puntsje mear helle hie. Jorwert II koe hjir dúdlik net meikomme, al joegen de mannen dêr wol in positive draai oan mei it sizzen dat se in soad byleard hiene. En Jorwerter Mathieu van den Bogaard wie sa grutsk as wat dat er good old Sjouke Schilstra ferslein hie!

     

    Einstân A-klasse:
    Aldegea 5-4,5
    Lollum 5-3
    Jorwert I 4-1,5
    Skearnegea 4-0,5

     

    Einstân B-klasse:
    Blauhús 4-3
    Hartwert 4-2,5
    Jorwert II 4-0



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • Wiersma Wommels
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Lip en partners
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    Dizze webside is mei mooglik makke troch