• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Blauhús fertsjinne kampioen!

    It wie wol wat in iensidich toernoai, mei trije fjouwertallen fan Blauhús-Westhim-Greonterp en twa fan Lollum-Waaksens, en earlik sein, dêr leit wol in punt fan soarch. Op tal fan plakken binne groepkes bern oan it damjen, op skoalle of klub, en dat is fansels prachtich, hulde oan de frijwilligers. Mar hawwe jo oait fan in sport heard, dêr’t jo de bern smeekje moatte oft se asjeblúft meidwaan wolle oan in wedstryd? De bedoeling fan it trenen is dochs de tarieding op de wedstriden, of bin ik no sa ûnnoazel? In pear dammers sitte ek op fuotbaljen (altyd tefolle, mar doch der marris wat oan), en as ik dy freegje oft it ek mooglik is dat jo wol op trening komme, mar net op ’e wedstryd, dan sjogge se my oan as kom ik fan Mars. Op watfoar planeet damje wy eins?

     

    Hawar, wy hiene in moaie middei yn Blauhús, en de omkes Jappie, Bernard en Johan hiene alles poerbêst foar elkoar. Tanksij in halje trawalje opsteld spylskema (tank oan Marten) wie it mooglik om sûnder steande nûmers alle fjouwertallen tsjin elkoar spylje te litten. Jo krije dan ‘brutsen’ wedstriden (der spilet noait in folslein fjouwertal tsjin in oar fjouwertal, mar de earste twa fan it fjouwertal spylje tsjin in oar fjouwertal as de oare twa), mar oan ’e ein fan ’e rit hiene wy alle útslaggen - mei tank oan de meitinkers en de neirekkenders!

     

    De útslaggen wiene:

     

    Blauhús 1: 3 wedstrydpunten (winst tsjin Lollum 1 en Lollum 2, kamp tsjin Blauhús 2 en Blauhús 3)

    Blauhús 2: 1 wedstrydpunt (kamp tsjin Blauhús 1 en tsjin Lollum 2)

    Blauhús 3: 2½ wedstrydpunt (winst tsjinst Blauhús 2 en Lollum 2, kamp tsjin Blauhús 1)

    Lollum 1: 3 wedstrydpunten (winst tsjin Blauhús 2, Blauhús 3 en Lollum 2)

    Lollum 2: ½ wedstrydpunt (kamp tsjin Blauhús 2).

     

    Sadwaande moasten Blauhús 1 en Lollum 1 noch in barraazje spylje, dy’t einige yn 2½-1½ foar Blauhús. Dêrmei wie Blauhús fertsjinne winner, want sa seine se nei ôfrin, se hiene mar net de sterkste spilers by elkoar setten, dat wie sa ûnsportyf ...

     

    De earste omloop die bliken beskiedend te wêzen, mei in partij dy’t hast in oere duorre tusken Geale Veenje (Lollum; wyt) en Jan Yeme de Wolff (Blauhús; swart). Jan Yeme is in poerbêste dammer, en Geale hat der in pear jier tuskenút west, mar op ien of oare menier wie Jan Yeme gâns yn it efter rekke. Mar it bliuwt altyd damjen, en de ein fan ’e partij wurdt ien grutte slapstick.

     

    swart (Jan Yeme de Wolff): houtsjes op 20, 24, 25, 30, 35

    wyt (Geale Veenje): wolven op 1 en 26; houtsjes op 28, 36, 43, 44, 45, 47, 48, 49

     

    Swart spilet 24-29, en wyt slacht nei 40. Dat is yndied de bêste, mar beide spilers sjogge net, dat swart twa houtsjes slaan moat: 30x50. Ja, en wat dan? Wyt spilet 28-23, swart slacht 50x19.

     

    Wyt docht 43-38 en Geale tinkt: de boel ticht hâlde, en sjen dat ik noch in kear op ’e daam kom. En Jan Yeme tinkt presys itselde: 20-24, it iennige houtsje dat strike kin, en dat moat fansels nei de daam ta. It idee dat jo in wolf fan de tsjinstanner ek fange kinne, is eefkes hielendal fuort.

     

     

    26-21, 19-2

    38-33 (eefkes neitinke hie meskien 38-32 opsmiten), 2-16 (fansels, jeie)

    21-3, 16x46 (wyt syn foarsprong wurdt hieltiten lytser)

    49-44 (de folgjende frijwilliger wurdt oproppen om nei de daam ta, no’t 33 net fierder kin), 46-5

    3-9, 24-30

    44-39, 5-10

    9-4, 10-15

    33-28 (ha! it houtsje kin wer fierder!), 15-20 (15-38 hie ek wol grappich west, mar dat doarde swart net oan - terjochte)

    28-22 (4-15 hie it spul gâns bekoarte), 20-15 (fjirde kear mei de wolf, mar ja, wat moat men as men net in houtsje misse kin?)

    22-17 [diagram 2]

     

     

    - no frege Jan Yeme: Hoe faak haw ik mei de wolf dien? Dat ja, doe moast 35-40 wol.

     

    45x34, 30-35: oanfalle!!!

    spitich, spitich, spitich: 39-33 wurdt net sjoen, en ynstee komt 48-42, 35x44

    17-11 (hie dy wolf no eefkes fongen mei 42-38 ...), 44-50

    11-7, 50x46 - wer ien minder ...

    7-1 (beide hawwe no twa wolven en ien houtsje), 15x47 (no stiet wyt al efter)

    1-45 (Geale tinkt: Watsto kinst, kin ik ek!), 25-30 (ferkearde sunichheid, mar ja ...)

    4-31 [diagram 3] (sa, no kin it houtsje net fierder ...)

     

     

    47-36 (wat oars)

    31-42, 36-47

    42-31, 46-5 (de earste taktyske set yn dit fragmint)

    31-26, 30-35

    45x15, 5x35

     

    En no, nei mear as trije kertier spyljen, begûn de hiele seal fansels setten te tellen ...

    26x3 (goed fjild!), 35-19 (presys, nei de lange line)

    3-25, 47-36 (net hielendal neffens de téory)

    25-20 (noait benaud!), 19-10 (Laurel en Hardy is der neat by)

    20-3, 10-46

    3-25, 46-5

     

    En krekt as it op kamp út liket te draaien, spilet Geale syn wolf nei 9, en út is it ferhaal. Mar wat in spanning! Wat in learmominten!



    << Werom


    Sponsors:

    • Lip en partners
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    Dizze webside is mei mooglik makke troch