• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Striker Sjoerd Jan Bakker yn in topfoarm?

     

    Guon dammers ha as se âlder wurde wat lêst fan slitaazje. Teminsten dat lit de skriuwer fan it bûn yn syn rûnskriuwen de dammers witte. Stadige Striker Sjoerd Jan Bakker hat dêr noch net folle lêst fan. Moandeitejûn liet er him wer fan syn sterke kant sjen yn in prachtich treffen tsjin Jelle Wiersma. It waard úteinlik kamp en dêr mocht Jelle syn hannnen stiif foar ticht knipe. Is Sjoerd Jan mooglik  yn de oanrin nei it PK yn topfoarm?

    Ferline wike soe men dat net sizze, sa liet men de skriuwer, dy’t doe ferstek gean litte moast, witte. Neffens syn tsjinstanner fan dy partij hie Sjoerd Jan gjin poat oan de grûn krigen. Dy tsjinstanner wie nimmen minder as grut leafhabber Willem Schaap. De lêste liet moandeitejûn neat heel fan foarsitter Cor Kooistra. As foarsitter moat jo soks fansels waardearje! Mar om even werom te kommen op dy Sjoerd Jan Bakker. Mei de klupkampioenskippen fersloech er Folkert Groenveld en yn it ûnderlinge striidtoaniel tsjin Hartwert lei er Taeke Kooistra op de pinebank. Moandeitejûn moast er eins winne tsjin Jelle, mar kamp fûn er moai genôch. Fan slitaazje hat er gjin lêst, dat is wol dúdlik!

    It ûnderlinge treffen tusken de froulju út de Legegeaën wie yn in sucht en in skeet út. Marjolijn Bakker tsjin de hieltiten better strikende Tineke Teigeler wie in moai affysje sa’t men dat tsjintwurdich dan seit. En op it stuit doe’t de stikjeskriuwer eefkes loere soe om te sjen hoe’t de saken derfoar stûnen, wie de boel al beslikke! Tineke: “Ik hie it jûn net. Ik seach der neat fan en joech it sa mar út hannen. In oare kear mar wer better sille wy mar tinke!”Marjolijn noch yn de oerwinningsrûs woe it ek noch wol even opnimme tsjin Bauke Bos. Yn dy partij luts se oan it koartste ein. Bauke fandelet sa súntsjeswei moai wat punten by elkoar.

    Utslaggen. Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1; Rients Winia – Tsjerk Wiersma ½ -½; Marjolijn Bakker – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Harry Postma – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Bos – Marjolijn Bakker 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Narwal
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Walinga
    • Rabobank
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch