• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Byprater Grutmastertoernoai

     Bêste dammers en damfreonen,

     

    It wurdt wer tiid foar in toernoai oer de stân fan saken om it kommende Grutmastertoernoai / Fryslân Open hinne.

     

    1) offisjele stappen

     

    Alderearst: it sil de measten fan jim deugd dwaan, dat de Stifting WFD no offisjeel oansletten is by it Dambûn Frysk Spul.

     

    Boppedat foarmje Marten Walinga, Harry Kaspers en Liuwe Westra no mei har trijen in kommisje fan it Dambûn dy’t as doel hat de bekendheid fan it Fryske damspul bûten de rûnte fan it Dambûn grutter te meitsjen. De kommisje hopet aansen mei in prissentaasje oer it Fryske damjen de ynternasjonaal damjende klubs yn Fryslân op te sykjen. De prissentaasje hat al op in pear plakken proefdraaid, en wurdt hieltiten noch op grûn fan opmerkingen en fragen ferbettere.

     

    2) toernoai Frjentsjer

     

    Mei ús toernoai rint it troch, mar net hiel hurd. Jim kinne hieltiten op de webside sjen (www.frisiandraughts.com) wa’t har no opjûn hawwe. Op dit stuit in lytse tweintich, en wy wolle dochs minimaal wol nei 30 ta.

     

    Ek de ynkomsten binne noch net wêr’t se wêze moatte. Fine jo it de muoite wurdich om de toppers fan it ynternasjonale damjen nei Fryslân ta te heljen en oan it Fryske spul te setten? Jo kinne dan lid wurde fan de ‘klub fan 100’. Jim riede it al: in lid fan dy klub betellet elk jier € 100, om it toernoai tusken no en 2018 útgroeie te litten ta in folweardich wrâldkampioenskip.

     

    3) learmateriaal

     

    Nije dammers moatte ek leare kinne. Dêrom pleatse wy safolle mooglik materiaal op de webside. Sûnt koart is dêr in lyts boekje oer de Tytsmaset by kommen. Ek foar de gewoane Fryske dammers is it faaks gjin lúkse om dêr noch ris goed nei te sjen. It boekje is fergees te downloaden, en dy’t it wol, mei it thús útdraaie. Op termyn wolle wy it boekje noch útwreidzje, mar it let neat om der no al ris nei te sjen.

     

    4) ûndersyk

     

    Ek ús ûndersyk nei de woartels fan it damjen yn it algemien en it Fryske damjen yn it bysûnder giet troch. En it begjint hieltiten wisser te lykjen, dat it Fryske damjen de âldste fariant is dy’t yn alle tiden op in grut boerd (mei 100 fjilden) spile is. Tagelyk wurdt dúdlik, dat dat net in útfynsel is fan de Friezen, mar dat de rjochte slach al diel wie fan it spul dat oan it damjen foarôfgien is, nammentlik it Alquerque-spul. De Friezen hawwe dus in wêzentlik diel fan it damspul bewarre, dat op oare plakken ferlern gien is. It giet dus net om ús pleatslike fariant, mar om it damspul sa’t it fanâlds bedoeld is!

     

    5) app en Ludoteka

     

    Hieltyd mear minsken hawwe de dammers-app op harren tablet of AaiFoan ophelle. Soms sit dêr noch in flater yn. As jo in flater fine, dan wolle wy jo freegje om earst in kear de app derôf te goaien en dan op ’en nij op te heljen. Sit de flater der dan noch altyd yn, jou ús dan in seintsje, dan soargje wy dat it oanpast wurdt.

     

    Wy seine al: it giet ús om nije dammers. Mar dy moatte al damje kinne! Gean dêrom ris nei de webside www.ludoteka.com, en stryk in potsje Frysk mei wa wit hokker dammer op ’e wrâld. Benammen tongersdeitejûns binne der faak wol leafhawwers te finen!

     

    6) rating

     

    As lêste: as wy aansen (hooplik) mei in bredere groep oan Fryske dammers sitte, is it handich om minsken goed op sterkte yndiele te kinnen. Dêrfoar kinne jo in rating-systeem oanlizze. In rating giet út fan in basisoantal punten, en foar alle winstpartijen krije jo der punten by, en foar in ferliezer giet der wat ôf. Dêrby wurdt rekken holden mei de sterkte fan de tsjinstanner. Wilens hawwe wy foar de dammers yn de earste trije achttallen fan it Dambûn de rating berekkene (wy = Marten Walinga). De berekkening hawwe wy oerdroegen oan it bestjoer fan it Bûn, omdat in rating yn wêzen in oerkoepeljende saak is foar alle Fryske dammers. Nei alle gedachten sil de rating aansen ek publisearre wurde. Wy jouwe hjir allinnich de boppeste trije: Teake Kooistra mei in rating fan 1810, Jelle Wiersma mei 1778 en Folkert Groenveld mei 1701. Dat wurde de minsken om aansen yn Frjentsjer yn ’e gaten te hâlden!

     

    Hertlike groetnis,

     

    Ut namme fan de Stifting WFD

     

    Liuwe Westra



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Noflik
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch