• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Taeke Kooistra set earste stap nei prolongaasje titel

     

     

     

    Yn kafee De Freonskip yn Blauhús waard ôfrûne sneon in earste begjin makke mei de persoanlike kampioenskippen yn it damjen Frysk spul.  Nei de earste twa omlopen wiene noch twa dammers sûnder averij: Marten Walinga út Waaksens en de hjoeddeiske kampioen Taeke Kooistra út Hartwert. Benammen Kooistra die goede saken. Hy fersloech de altyd lestige Aldegeaster Henk Haanstra, neidat er earder op 'e dei yn in alderyngewikkeldste partij al tsjin Foeke Tiemensma oan 'e langste ein lutsen hie. In boppeslach, want op papier is de Frjentsjerter ek net kânsleas foar de titel.

     

    Tiemensma hie nammers gjin maklike earste dei, want yn syn twadde partij moast er it opnimme tsjin Jelle Wiersma út Wommels, in dregen dammer dy't yn earder jierren de titel ek al in kearmannich opeaske hat. Lang bleaune de mannen op likense hichte, oant Wiersma him ferseach. Beide ha se no dus ien punt, likefolle as Folkert Groenveld fan Jutryp, dy't dochs wol wat ferrassend belies jaan moast tsjin Sjoerd Jan Bakker fan Snits.

     

    Yn de twadde acht is allinne feteraan Sjoerd Couperus fan Snits noch sûnder puntferlies. In oare feteraan, Augustinus van der Goot, koe it net oprêde tsjin Arumer Tsjerk Wijbinga. De ranglist yn 'e tredde acht wurdt oanfierd troch de op dit nivo weromkommen Willem Schaap út Dearsum. Hy hie wie te sterk foar heit en soan Westra út Lollum.

     

     

    Utslaggen en stannen:

     

    KampioensklasseFoeke Tiemensma (Frjentsjer) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Marten Walinga (Waaksens) 0-1Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Folkert Groenveld (Jutryp) 1-0; tweede omloopKooistra  - Haanstra 1-0, Wiersma - Tiemensma 0-1,Walinga - Bakker 1-0Groenveld - Hoogterp 1-0.

    Stân: Kooistra, Walinga 2; Bakker, Groenveld, Tiemensma en Wiersma 1; Haanstra en Hoogterp 0.

     

    Twadde achtTsjerk Wijbinga (Arum) - Augustinus van der Goot (Snits) 1-0, Willem Hoekstra (Aldegea SWF) - Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) - Hein de Vries (Ljouwert) 1-0Sjoerd Couperus (Snits) - Cor Kooistra (Nijlân) 1-0; tweede omloopVan der Goot - Hoekstra 1-0Walinga - Wijbinga 0,5-0,5, De Vries - Couperus 0-1Kooistra - Fedde Wiersma 1-0.

    Stân: Couperus 2; Walinga en Wijbinga 1,5; Van der Goot, Kooistra en Wiersma 1; Hoekstra en De Vries 0.

     

    Tredde achtBauke Dijkstra (De Tynje) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0, Jappie de Jong (Blauhús) - Kees Tijssen (Reduzum) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) - Harmen Westra (Lollum) 1-0Rindert Walinga (Waaksens) - Liuwe Westra (Lollum) 0-1; tweede omloopWiersma - De Jong 1-0Tijssen - Dijkstra 1-0, H. Westra - Walinga 0-1L. Westra - Schaap 0-1.

    Stân: Schaap 2; Tijssen 1,5; Dijkstra, Walinga, L. Westra en Wiersma 1; De Jong 0,5; H. Westra 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch