• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De daam eefkes op in needlottich plakje sette!

    It wie wat in aparte jûn by de Strikers. In oantal koenen net en in pear woenen net of net te dreech damje. Dat hie alles te krijen mei de persoanlike kampioenskippen dy’t de sneons derfoar begûnen yn Blauhûs en tiisdeitejûn yn Jorwert fierder gienen. Bauke Bos en Hennie de Haan koenen folút gean, want oan dy kampioenskippen dogge sy net mei. Hennie dy liet it omsittend laach eefkes skrikke troch de daam op in foar har needlottich plakje del te setten, mar de wolf wol beet hold.

     

    It wie sa’n sitewaasje wêr’t alle begjinnende dammers wol ris yn fleane. Bauke hie noch ien wyt houtsje op sechtjin en de daam op tsien. Hennie hie op in prima wize in daam skood op fyftich. It is it einspul, fierders stie der neat op it boerd. Hennie is oan set! Sy pakt de daam en reizget fan har plakje nei seis, ûnder it wite hout op sechtjin. Bauke soe syn daam hast al pakke om dy nei seisenfjirtich te transportearjen. Mar Hennie hold de daam noch altiten fêst en doe kaam se ta de konklúzje dat se better werom koe en se sette it apparaat wer op itselde plak en begûn nei te tinken. Bauke sei noch snedich: “Moast der wol mei strike Hennie, want do hast him oanrekke...” Se liet har net fan har stik bringe en skode de daam ien plakje op. Se bleau de pear setten dêrnei ek sa’n bytsje yn it slde hoekje oant Bauke trije kear mei de daam dien hie en doe mei syn houtsje strike moast. Kamp! “In jier lyn wie ik der fêst noch ynflein, mar no gelokkich net mear!”sa wie Hennie har kommentaar.

     

    It is der dan dochs fan kommen. Ype Boelens hie noch net ferlern yn it nije jier en yn it 6alde hie er net ien kear wûn. It nije jier wie dus echt in nij begjin. Geweldich! Moandeitejûn hat er syn master fûn: Willem Schaap. Dy wint net alles op de klup, mar ek der bûten. Op it toernoai yn Blauhûs en op de persoanlike kampioenskippen hat er noch gjin heal puntsje fuort jûn. Tsjin Ype wie er dat ek net fan doel en it die noch foardat it middenspul útein gie al bliken dat Willem al wer op roazen siet mei ien houtsje foar. Dêrnei wie it ek yn in sucht beslikke!

     

    Utslaggen: Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Bos – Hennie de Haan ½ – ½;  Rients Wijnia – Marjolijn Bakker 1 – 0; Bauke de Boer – Tsjerk Wiersma 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch