• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Taeke Kooistra noch sűnder puntferlies yn damkampioenskip

    Taeke Kooistra liket stevich op wei nei syn 17de kampioenskip yn it damjen Frysk spul. It Hartwerter fenomeen wûn sneon yn syn wenplak beide partijen. De tsjinstanners Pieter Hoogterp (De Gaastmar) en Sjoerd Jan Bakker út Snits akselen ferwoeden tsjin, mar nei slimme tiidneed by Hoogterp en in streekrjochte blunder fan Bakker luts de hjoeddeiske kampioen dochs wer oan 'e langste ein.

     

    De iennichste dy't Kooistra noch in bytsje byhâlde kin is de Frjentsjerter Foeke Tiemensma. Hy fersloech Marten Walinga (Waaksens) en Folkert Groenveld (Jutryp). It tafal wol dat dy beide sterke dammers it kommende sneon op 'e Gaastmar yn de beide lêste omlopen noch opnimme moatte tsjin de koprinder. Dat makket de striid om it kampioenskip mooglik dochs noch spannend, namstemear omdat Tiemensma dan op papier noch in licht programma hat. Mooglik rûkt de Wommelser Jelle Wiersma ek noch kânsen, al lykje dy nei syn misstap tsjin Bakker net al te heech oanslein wurde te kinnen.

     

    Oeribele spannend is it yn 'e twadde acht, dêr't koprinder Sjoerd Couperus (Snits) ynienen twa kear ferlear. Hjir steane mar leafst seis spylders op net mear as in punt faninoar ôf. De kop is no oernaam troch good old Augustinus van der Goot (Snits) en Siebe Walinga (Aldegea SWF), mar dy moatte noch tsjin inoar, sadat dêr hoe dan ek klappen falle sille. Yn 'e tredde acht rûn de Dearsumer Willem Schaap syn earste puntferlies op yn syn partij tsjin Kees Tijssen (Reduzum). Schaap hat op it earste plak no selskip krigen fan Bauke Dijkstra út De Tynje.

     

    Utslaggen fan 'e fjirde en fyfde omloop:

     

    Kampioensklasse: Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Jelle Wiersma (Wommels) 1-0, Foeke Tiemensma (Frjentsjer) - Marten Walinga (Waaksens) 1-0, Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; vijfde ronde: Kooistra - Bakker 0-1, Wiersma - Hoogterp 1-0, Walinga - Haanstra 1-0, Groenveld - Tiemensma 0-1.

    Stân: Kooistra 5; Tiemensma 4; Walinga en Wiersma 3; Bakker en Groenveld 2; Haanstra 1; Hoogterp 0.

     

    Twadde acht: Fedde Wiersma (Easterein) - Augustinus van der Goot (Snits) 0-1, Sjoerd Couperus (Snits) - Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Tjerk Wijbinga (Arum) - Hein de Vries (Ljouwert) 0,5-0,5, Willem Hoekstra (Aldegea SWF) - Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; vijfde ronde: Van der Goot - Couperus 1-0, Walinga - Wiersma 1-0, De Vries - Hoekstra 1-0, Kooistra - Wijbinga 0,5-0,5.

    Stân: Kooistra 3,5 en Walinga 3,5; Van der Goot 3 en Wijbinga 3; Couperus 2,5 en De Vries 2,5; Wiersma 2; Hoekstra 0.

     

    Tredde acht: Willem Schaap (Dearsum) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0, Rindert Walinga (Waaksens) - Kees Tijssen (Reduzum) 0-1, Bauke Dijkstra (De Tynje) - Harmen Westra (Lollum) 1-0, Jappie de Jong (Blauwhús) - Liuwe Westra (Lollum) 1-0; vijfde ronde: Wiersma - Walinga 0-1, Tijssen - Schaap 1-0, H. Westra - De Jong 0,5-0,5, L. Westra - Dijkstra 0-1.

    Stân: Dijkstra en Schaap 4; Tijssen 3,5; De Jong 2, Wiersma en Walinga 2; H. Westra 1,5; L. Westra 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Lip en partners
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Narwal
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch