• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It bestjoer wie by it begjin al sa bliid as in protter!

     

    It damjen wie noch net los en ek de sabeare spultsjes stiene noch net op it boerd. En dochs wiene de twa man fan it bestjoer, Bauke Bos en Cor Kooistra al sa bliid as in protter. Dêr soarge Willem Schaap foar. Hy helle nammentlik it earste notuleboek út de tas mei de wurden: Wy wiene de kast oant it opromjen en doe seagen wy dat dit notuleboek achter yn de kast wat tusken de planke en de achterkant dit boek lizzen.

    By it fiifentweintich jierrich bestean fan de Strikers hie de foarsitter it noch brûkt en dêrnei like it dat it poatsjes krigen hie. Elk yn it bestjoer socht him it apesoer, mar nearne wie it boek te finen. De foarsitter wie dus de lêste dy’t it brûkt hie. Dus dan witte jo it wol. De man hat hiel Elim troch west oant op ’e souder. Mar gjin boek! Wy hienen ús der al sa’n bytsje by dellein. Spitich, dat wol, de lettere generaasje soe net de earste ferhalen fan PéDé lêze kinne. In stik opskreaune skiednis soe sa nei fan gychem gien wêze. No kinne wy wer neislaan dat wy yn septimber 1981 út ein setten binne.

    It sin fan de foarsitter koe net better en hy kaam yn in tige royale bui. Twa kear ferlear er fan Jelle Wiersma. De earste partij woe er wat oars as oars sûnder it ien en oar goed troch te rekkenjen. Dat hat er witten. Yn in nomdraai wie it spul bekeken. Doe woe er noch wol in kear foar de kompetysje. Wer tsjin jelle. It duorre wol heel wat langer, mar hy kaam der op te stean as in brijwein. Uteinlik koe üs kampioen it mei in moaie slach útmeitsje.

    Se woe hast in frije jûn nimme, mar Hennie epte har dat se graach woe dat se wol komme soe.Oars soe sy, Hennie, hielendal allinne by al dy mannen sitte..... En Tineke Teigeler kaam! En hoe! Der wie wol ien te folle en it lot soe út wize wa’t stil sitte moast. En wa trof it needlot.....Tineke. Dat wie fansels wakker sneu en doe sei Hennie: “Slaan my mar oer, want ik fyn wol dat Tineke spylje moat!” Is it net geweldich hoe’t dy froulju foarelkoar opkomme. Tineke  moast tsjin Rients Wynia. De lêste like al gau op roazen te sitten. Hy stûn in houtsje foar en koe troch rinne nei de daamline. Mar foar Tineke siet der ek noch wol muzyk yn. Sy gyng der plat foar. Elk hold har streken yn de gaten. Undertusken krigen beide in daam. Wynia syn daam yn de koarte hoeke en dy fan Tineke yn de lange hoeke oan deselde kant fan it boerd. Doe offere sy har beide houtsjes. Wynia soe de houtsjes mei in houtsje slaan, mar Tineke wiisde him derop dat daamslach foar gyng. De beide skiven koenen ek troch de daam slein wurde. Yn sa’n sitewaasje giet daamslach foar. De daam fan Wynia sloech de daam fan Tineke yn ’e bek. Dy wie dus binnen. Doe moast der noch mei de beide houtsjes ôfweefd wurde. No dat wie har ek ta fertroud. Sy bleau moai op de lange line en sa kamen de houtsjes ek oan har ein.

    Utslaggen: Bauke de Boer – Bauke Bos 1 – 0; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0; Bauke Dykstra – Kees Willem Koopmans 1 – 0; Sjoerd jan Bakker – Willem Schaap ½ – ½; Rients Wynia – Tineke Teigeler 0 – 1; Ynte Dykstra – Harry Postma 1 – 0; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch