• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Taeke Kooistra foar 17de kear damkampioen

     

     

     

    It fenomeen Taeke Kooistra hat it him wer lapt. Sneon waard er foar de 17de kear kampioen yn it damjen Frysk spul. It liket krekt as krije de jierren gjin fet op 'e 61-jierrige dammer. "Mar troch de wike haw ik ek sittend wurk", sa ferklearre de Hartwerter syn oanhâldend sukses.

     

    En dochs is Kooistra net in dammesyntsje dat oan 'e ein fan it spul automatysk de oerwinning yn 'e bûse stekke kin. Sneon yn 'e beide lêste omlopen fan it persoanlik kampioenskip gong it hielendal net sa maklik. Tsjin Marten Walinga (Waaksens) kaam der in alderyngewikkeldst spul op it boerd, dêr't Kooistra optlêst mar ien akseptabele set mear oer hie. Mar dy iene set fûn er dan wol wer. Uteinliks waard it ek noch kamp, en dêrmei siet it foar de lettere kampioen net tsjin, benammen net om dat syn iennichst oerbleaune konkurrint, de Frjentsjerter Foeke Tiemensma, tsjin de leechpleatste Pieter Hoogterp ek net fierder kaam as in remize.

     

    Likegoed wie de spanning noch net oer, want yn 'e lêste omloop moast Kooistra it opnimme tsjin de sterke Wommelser dammer Jelle Wiersma, dy't dochs ek in pear kampioenskippen op syn namme hat te stean. Tiemensma kaam op foarsprong tsjin de taaie Aldegeaster Henk Haanstra, en it slagge him yndied om it foardiel yn winst om te setten. Kooistra hie it ûnderwilens dreech. Mar neidat er in lestige foarpost fan 'e Wommelser opromme hie, hobbele de partij dochs oan op kamp. Dat wie genôch foar in nij in kampioenskip.

     

    Underyn wie der in lyts drama foar Folkert Groenveld. De Jutriper, jierrenlang yn 'e subtop fan 'e kampioensklassemeidraaiend, siet dit jier yn in djippen foarmkrisis, en ferlear no fan Walinga en fan Wiersma. Mei syn iene puntsje einige er treasteleas ûnderoan. "Mar takom' jier kom ik wer werom!", sa kundige er fêst oan. Foar debutant Pieter Hoogterp bliek it nivo fan dizze klasse ek krekt wat te heech, ek al wûn er syn lêste partij wol fan de Snitser Sjoerd Jan Bakker, dy't likegoed krekt boppe de fatale streek bliuwe koe.

     

    Hoogterp en Groenveld wurde takom' jier ferfongen troch de feteraan Augustinus van der Goot (Snits) en Tjerk Wijbinga (Arum). Van der Goot sette mei winstpartijen tsjin Hein de Vries (Ljouwert) en de Aldegeaster Siebe Walinga in einsprint yn, en wûn sa dochs noch royaal de twadde acht. Wijbinga ferlear yn 'e lêste omloop noch ferrassend fan Willem Hoekstra, dy't foar dizze sneon noch gjin inkeld punt helle hie, mar no ek fan Sjoerd Couperus wûn. Dy twa wedstriidpunten betsjutten likegoed degradaasje. "Mar ik fiel my hjoed kampioen", sa hâlde de Aldegeaster de moed der yn.

     

    De tredde acht waard waard op namme skreaun fan Willem Schaap út Dearsum, dy't yn 'e beide lêste partijen gjin flaters mear makke. Hy wurdt yn syn wei omheech beselskippe troch Kees Tijssen út Reduzum. De beide jeuchlike talinten Rindert Walinga (Waaksens) en Harmen Westra (Lollum) koene har yn dizze klasse krekt hanthavenje.

     

     

    Utslaggen en einstannen:

     

    Kampioensklasse, sechsde omloopMarten Walinga (Waaksens) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5Jelle Wiersma (Wommels) - Folkert Groenveld (Jutryp) 1-0Foeke Tiemensma (Frjentsjer) - Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0,5-0,5Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0-1. Sande omloopKooistra - Wiersma 0,5-0,5Groenveld - Walinga 0-1Haanstra - Tiemensma 0-1Hoogterp - Bakker 1-0.

    Einstân (mei tusken heakjes it SB-getal): Kooistra 6; Tiemensma 5,5; Wiersma 4,5 (26);  Walinga 4,5 (21); Haanstra 3; Bakker 2; Hoogterp 1,5; Groenveld 1.

     

    Twadde acht, sechsde omloopHein de Vries (Ljouwert) - Augustinus van der Goot (Snits) 0-1Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Cor Kooistra (Nijlân) 0,5-0,5Tjerk Wijbinga (Arum) - Fedde Wiersma (Easterein) 1-0Sjoerd Couperus (Snits) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1. Sande omloopVan der Goot - Walinga 1-0Kooistra - De Vries 0-1Hoekstra - Wijbinga 1-0Wiersma - Couperus 0,5-0,5.

    Einstân: Van der Goot 5; Wijbinga 4 (29); Kooistra 4 (27); Walinga 4 (23); De Vries 3,5; Couperus 3; Wiersma 2,5; Hoekstra 2.

     

    Tredde acht, sechsde omloopHarmen Westra (Lollum) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 0,5-0,5Kees Tijssen (Reduzum) - Liuwe Westra (Lollum) 1-0Bauke Dijkstra (De Tynje) - Willem Schaap (Dearsum) 0-1Rindert Walinga (Waaksens) - Jappie de Jong (Blauhús) 1-0. Sande omloopWiersma - Tijssen 0-1L. Westra - H. Westra 1-0De Jong - Dijkstra 0-1Schaap - Walinga 1-0.

    Einstân: Schaap 6; Tijssen 5,5; Dijkstra 5; Walinga 3; Wiersma 2,5; H. Westra 2 (15,5); De Jong 2 (11,5); L. Westra 2 (10).



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch