• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Twa froulju binne dy Bauke Bos net te
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Elkenien fan de omsitters seach it, mar..

     

    De Strikers dy’t om de partij hinne sieten, woenen it wol útroppe: Dy moast dwaan en dy net. Mar jin as taskôgers mei neat sizze. Eins net iens lûd meitsje ek moatte de omstanners der om tinke dat se net mei lichemstaal te kennen jouwe wat se tinke. In grutte tear yn it gesicht of in knypeachje nei in oar kin al hiel wat sizze.

    As no al dy kommunikaasjemooglikheden brûkt binne ûnder de partij tusken Bauke Bos en Sven Kalsbeek witte wy net, mar it gefaar bliuwt altyd oanwêzich. Yn it einspul krige Sven de kâns om Bauke even goed sear te dwaan. Sterker noch as Sven it goed dien hie, dan wie der fan de hele Bos neat oerbleaun. Sven hold elk yn spanning: dan hie er de finger by it iene houtsje en dan wer by it ferkearde oare houtsje. Foar de omstanners om der gek fan te wurden. Uteinlik keas er foar it ferkearde hout. Hy krige wol in daam, mar dêrmei koe er net rjocht it goeie plak fine en hy wist dat er mar trije kear mei dat apparaat strike mocht. Hy hat alles besocht, mar it slagge net om der noch wat goeds mei te dwaan. Sa pakt Bauke Bos der wer in puntsje by.

    De bliidste dammer en Striker wie de man dy’t efter syn kampioensbeker siet. Willem Schaap de grutte leafhawwer. Hy de kampioen fan de tredde acht spile tsjin jelle Wiersma. It wie wer in prachtige partij, mar wol mei deselde útslach as meastal. Jelle wûn.

    Breekt ie dan breekt ie. Sa spriek Cor Kooistra. Hy joech in stik as fiif houtsjes fuort, pakte der ek fiif en doe’t er de daam ek mei ien winst pakke soe, die it bliken dat it briek. In moaie slach, mar spitich dat de partij sa ôfrûn tsjin Bauke Dykstra. De lêste kaam trouwens mei in hiele ferrassende fuortsetting fan in iepening.

    Utslach: Bauke Bos – Sven Kalsbeek 1 – 0; Bauke de Boer – Tineke Teigeler 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Rients Wynia 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Walinga
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch