• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De N&K foarsitter moast suver wat oanfitere wurde.

     

    De striid siet derop! De sifers fan de útslach liigden der net om. De Stadige Strikers wûnen dik yn de útwedstriidd tsjin Nocht & Kriich. De foarsitter fan de Aldegeaster Krigers hie it der suver mar dreech mei. Hy wie suver de nocht en de kriich kwyt om de prachtige wikselbeker oan syn kollega fan de Strikers te oerhandigjen. Hy woe it der suver sûnder in praatsje mar by litte. Dêr fielden de Strikers fansels neat foar. Sy fiteren him oan om syn aai te lizzen.

    Nei’t er earst in skoft op dy beker stûn hie te stoareagjen, kaam dan úteinlik syn ferhaal. De útslach kaam him net oer de lippen, mar sa sei er: “It stiet no oer de lêste acht jier rekkene 4 – 4” Fierders wie er der grutsk op dat de Krigers in stigende lijn sjen lietenFoarich jier yn Skearnegoutum krigen wy noch mear foar de broek!” Doe waard de beker mei felisitaasjes oerlange.

    De foarsitter fan de Strikers hat doe tank sein foar de moaie jûn en ge N&K út om takom jier wêr by harren te kommen. Wat mei ynstimming begroete waard. “En hoe wie de útslach no?” fregen in pear Strikers tagelyk. Grutsk koe harren foarsitter melde dat de útslach 4 – 8 wie.

    Doe’t de Strikers in goed wike lyn útnûge waarden, waard der by sein dat se der om healwei achten wêze moasten. De rûchsten wienen der doe ek. Likegoed soe de klok acht oere slaan foar’de earste streken set waarden. Der waard moai damme. Gjin rarichheden wêrtroch in partij yn in binnenmûlske flok út wie. Nee it like moai lyk op te gean. Ype Boelens pakte de alderearste punt. Hy fersloech troch in flypflapke de altiten taaie Gerrit Schilstra.

    Soms wie it suver stil yn it sealtsje. Dat duorre net sa hiel lang, want dan wie der wol wer in snedige opmerking fan de man út de Jutryp. Dy siet te damjen tsjin de frouljuskampioen Hennie de Haan. Hy kaam aardich op stoom de man, foaral om’t er in houtsje foar kaam. Mar hy hold der gjin rekken mei dat froulju jin wol ris faker yn de waan litte dat jo hast ûnoerwinlik binne. Op sa’n stuit moatst op dyn iepenst wêze. Meike van der Meer wie dat net en rekke fan ien foar ien achter. Hy krige ek noch in stân as in bosk woartels. En hy waard stiller en stiller en stiller. Hennie soarge net allinne foar in punt, mar ek foar in Meike sûnder wurd en dat is in prestaasje by útstek.

    Foar noch ien bysûnderheid soarge Bauke Dykstra. Yn syn partij tsjin Sjoerd Couperus kaam de lêste mei twa dammen tsjin ien foar te stean. Dat betsjut gewoanwei winst. Dykstra hat dêrin hele stúdzjes fan makke en brocht dat yn praktyk. Hy helle der in hiele moaie en ferrassende kamp út.

    Utslach. Nocht en Kriich –De stadige Strikers. Henk Haanstra – Jelle Wiersma 1 – 0; Siebe Walinga – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Folkert Groenveld – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Couperus – Bauke Dykstra ½ – ½; Willem Hoekstra – Cor Kooistra 0 – 1; Gerrit Schilstra – Ype Boelens 0 – 1; Rein Jan Walinga – Dicky van der Meer 0 – 1; Folkert Attema – Bauke Bos 1 – 0; Johannes Hoekstra – Rients Wynia 1 – 0; Sietse de Jong – Bauke de Boer 0 – 1; Beke Haanstra – Tsjerk Wiersma ½ – ½; Meike van der Meer – Hennie de Haan 0 – 1.Aldegea – Skearnegoutum 4 – 8.



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    Dizze webside is mei mooglik makke troch