• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Twa miggen yn ien klap en twa mis.

     

    Ferline wike wie der gjin stikje oer it damjen. Dochs is der doe wol damme, mar it wienenmar in pear partijtsjes. Dizze wike gyng it ek om in pear spultsjes. De measte dammers binne út en guon komme net mear út. Dus noch in inkelde partij foar de kompetysje hat dan ek net folle doel. Dat de stikjeskriuwer tocht dat er de twa jûnen mar yn ien ferhaaltsje gearfetsje moast.

    Mar wy begjinne by de lêste jûn. En dan hawwe wy it ek oer twa miggen yn ien ien klap. Dat tocht Ype Boelens teminsten. Hy damme tsjin twa miggen ta gelyk. Ype is de lêste tiden ynfoarm. Nei de winterstop hat er suver net mear ferlern. Hichtepunt wie de remize tsjin de ek dit jier wer kampioen wurdende jelle Wiersma. Ype krige al wat ûnferslaanbers oer him. De kompetysjelieder woe ha dat er tagelyk damme soe tsjin Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra. Gjin probleem liet Ype witte. Hy seach yn in wurdballontsje al twa punten stean....

    No it gie eefkes oars. De houtsjes leinen noch mar kwalik te plak of Ype stûn al ien achtertsjin Kooistra. In dom foutsje gyng der oan foarôf. Even wat te maklik skood. Hy liet tastean dat Cor in daam skowe koe, mar hy hie it houtsje ek werom jaan kinnen. Dan hie er twa stiksyn it neidiel west. Mei dy daam yn de lange hoeke siet Kooistra op roazen. Foar Ype siet der neat mear yn. Der wie gjin salve oan te striken. Nei noch in fiiftal streken reage de daam de measte houtsjes fan it boerd. Kooistra fandele der in puntsje by. Dat kaam foar him goed út, want it tilt by him net op fan de punten.

    De partij tsjin Sjoerd Jan Bakker soe wat oars rinne. In moai spul;. Ype koe him der ek hielendal op ta sette, doe’t it oare spul út wie. Der kaam in tige ynteressant einspul op it boerd. Ype hie se allegearre yn de midden en Sjoerd Jan skode it hout nei de kanten. Hy omearme as it wiere de swarte houtsjes fan Ype. En hy omearme se sa stevich dat hy se dea drukt hat. De twadde mich ûntsprong de dûns ek. Ien klap, mar twa mis.

    It is in aardichheid hoe’t dy Willem Schaap oan it damjen is. Mei sa’n soad entûsjasme! It is geweldich! Hy ferliest suver gjin partij mear. Mei de persoanlike kampioenskippen ferlear er mar ien spul. Mei de snelkampioenskippen ferlear er oardel en waard yn de einútslach fraai tredde. Dy Willem it is in lust. Moandeitejûn  spile er tsjin Bauke Dykstra en dat is ek in taaie dammer. It spul ûntrûn elkoar net folle. Yn it einspul like Dykstra sterker te stean mei in hiel sterk blok yn de lange hoeke. Dochs slagge Willem deryn om dat gefaar fan dy sterke kant te neutralisearen. Hy wûn gewoan hiel sterk. In prachtige punt.

    Utslaggen 10-03 Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Dykstra – Jelle Wiersma 0 – 1; Sjoer Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1; Rients Wynia – Bauke Bos ½ – ½. 16-03 Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1; Bauke Bos – Hennie de Haan 0 – 1; Rients Wynia – Tineke Teigeler 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    • Narwal
    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch