• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De lęste damjűn is al wer ferline tiid.

     

    Alles wat wat efter jo leit is ferline tiid. Guon saken fan earder bliuwe jo by as wie it juster bard, oare komme op ’en duer yn it ferjitboek. De lêste jûn fan de Stadige Styrikers ha foar dit jier ek wewest. Moandeitejûn kamen 15 dammers yn it Swettehûs byinoar om de prizen yn ûntfangst te nimmen en om noch eefkes gesellich te damjen.

    De kompetysjes yn de earste en tredde groep binne in stikhinne hielendal út damme. Groep twa wie by eintsjebeslút wat in mislearring, om’t de measten yn dy groep om ferskate redenen hast net oan it damjen ta kommen binne. Yn de einstân liket it hielendal raar. Dat komt omdat de kompetysjelieder allinne dy partijen rekkene hat dy’t de mannen noch tsjin elkoar spile hienen. Guon hienen ek noch wol in stikmannich tsjin de earste klasse damd, mar dy binne skrast omdat it oars in skeef byld jaan soe.

    Jelle Wiersma wie wer de grutte man. Hy ferlear net ien spul en moast allinne twa kear kamp tastean. Tsjin Ype Boelems en Sjoerd Jan Bakker. Dan binne jo echt fierwei de bêste. Dat is net foar de earste kear, nee Jelle stiet al santjin kear op de wikselbeker. Hele sterke twadde waard Willem Schaap. Dy hat der ek in ferskuorrend soad nocht oan. As er oerdei efkes in tel tiid hat tusken it wurk troch set er eefkes in damstantsje op syn smartfoan. Hy prestearre ek al geweldich goed op de Fryske persoanlike kampioenskippen. Hy waard dêr earste by de tredde acht en promovearret dêrtroch nei de twadde acht. Sjoerd Jan Bakker pakte it tredde plak yn de kompetysje. Sjoerd jan oefenet nea thús. Hy set dêr nea en te nimmer in stantsje op it boerd of in iepening. Net dat syn Hiltsje dat net lije wol, mar gewoan omdat er der gjin nocht oan hat.

    Foar Harry Postma wie it mar war sneu dat syn maten út de twadde klasse sa ûntrou op de klup kamen. Hy wie dêrtroch al in moanne út en koe op de einjûn syn earste priis ophelje. It oare jier slút er wer oan by de heechste groep.

    Eins hie der noch in partij spile wurde moatten yn de tredde klasse, mar wat fysike beheiningen soargen derfoar dat De Boer net tsjin dizze persoan spylje koe. Oars hie de nestor fan de klup fêst it earste plak opeaske. No bleau Bauke Bos him in healtsje foar. Dat waard Bauke fan herte gund. Hy hat nammentlik hiel goed prestearre dit seizoen. Sa no en dan stieker in bytsje boppe himsels út.Dan helle hy der setsjes út dy’t de omsitters oars net fan Bauke ferwachten. Moai om te sjen as ien oanleard. Rients Wynia bleau de frouljuskampioene Hennie de Haan in punt foar, mar foaral yn it lêst fan de kompetysje wie it tusken har beiden in spannende rees. Ferline jier siet Wynia ek al dik yn de prizen en no dus ek wer. It soe foar him net by in beker bliuwe, want hy krige ek noch in fracht drûge woarsten mei fanwegen syn winst yn de neikompetysje.

    De lêste damjûn is yn in noflike en sportive en gesellige sfear einige. Der waard fluchdanmme ek dêwienen drûge woarsten mei te fertsjinjen, mar dat wist allinne de foarsitter mar. Al mear as tritich jier waard der op sa’n jûn om sûkeladerepen, mar diskear wie dat dus wat fan de baarch. Miskien wol oanstutsen troch it dambûn dy’t deselde prizen hie mei it fluchdamjen. Dat foel doe ek tige yn de smaak. Om de kas wat te spekken koe men meidwaan oan de ferlotting. Elk hie wol in pryske meinommen en Tineke Teigeler hie de haadpriis makke: in prachtige taart mei de kleurige wurden Stadige Strikers der op. De taart gyng ek mei nei Boalsert. Ja Wynia soms skyt alles op de grutte bult. Yt lekker!

     

    Utslaggen kompetysje.

    Earste klasse:

    1. J. Wiersma 14 út 15 
    2. W. Schaap 10 ½ út 16 
    3. S. J. Bakker 9 út 16 
    4. B. Dijkstra 7 út 15 
    5. C. Kooistra 5 út 16 
    6. Y. Boelens 3 ½ út 14 

    Twadde klasse:

    1. H. Postma 4 út 11 
    2. J.W. Visser 2 út 2 
    3. D. v/d Meer 1 út 2 
    4. Y. Dijkstra 1 út 3 
    5. K.W. Koopmans 1 út 2 

    Twadde klasse:

    1. B. Bos 12 ½ út 18 
    2. B. de Boer 12 út 17 
    3. R. Wijnia 9 ½ út 18 
    4. H. de Haan 8 ½ út 18 
    5. T. Wiersma 8 út 17 
    6. T. Teigeler 6 ½ út 18 
    7. S. Kalsbeek 4 ½ út 7 
    8. M. Bakker 2 ½ út 12 

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Rabobank
    • Walinga
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch