• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Fryslân Open 2015

    parseberjocht
     
    Sneon 28 maart wie de grutte finale fan het Damevenement Fryslân Open 2015.
     
    Yn it âlde stedhûs fan Frjentsjer waarden njonken elkoar trije toernoaien damd neffens de Fryske regels.
     
    Fjouwer ynternasjonale dammers spilen in ‘Grutmastertoernoai Ynternasjonaal’. Dy fjouwer wiene regearjend wrâldkampioen Alexander Georgiev, Alexej Domchev, Auke Zijlstra en Martijn van Gortel.
     
    Fjouwer Fryske dammers spilen in ‘Grutmastertoernoai DFS’: regearjend kampioen Teake Kooistra, Jelle Wiersma (ek mearfâldich kampioen), Hein de Vries en Kees Tijssen.
     
    Bûtendat spilen 30 dammers út Fryslân en fier dêrbûten it earste toernoai FRYSK! - damjen op syn Frysk, mar mei elk mar fiif houtsjes.
     
    Alles sette út ein neidat it earste eksimplaar fan de app ‘Fries dammen’ troch deputearre Tineke Schokker (sportsaken) op har iPad downloaden wie, op útnoeging fan foarsitter fan it Dambûn Frysk Spul Siebe Walinga, en yn bywêzichheid fan Marcel Nijman, dy’t wennet te Praach, programmeur fan de app.
     
    De app jout net allinnich de mooglikheid ta Frysk damjen foar twa persoanen of ien persoan tsjin de kompjûter, mar befettet ek in oersjoch fan it foarnaamste iepeningsrepertoir en in einspuldatabase. Sadwaande is de app in prachtich stikje arik om minsken rûnom op 'e wrâld de kâns te jaan en meitsje har it Frysk damjen eigen.
     
    De app jout dêrnjonken de mooglikheid om mei fiif houtsjes tsjin fiif houtsjes te spyljen: in nije spulfoarm, dy’t hjoed de namme FRYSK! krige. FRYSK! is in snelle denksport, dêr’t men gjin iepeningsrepertoir ta hoecht te kennen, en dêr’t men fuortendaliks mei yn it rike einspul fan it Fryske spul bedarret. Ta fergelyk: fiif houtsjes tsjin fiif (yn in lykweardige stân) jout yn it ynternasjonale spul eins altyd kamp, mar yn it Fryske spul bliuwt it dan noch in wedstrydsport mei winst en ferlies fuort byinoar.
     
    It toernoai FRYK! waard wûn troch Folkert Groenveld fan ’e Jutryp. It twadde plak wie ta elk syn benijing foar de 16-jierrige Rindert Walinga út Ljouwert. Beide spilers hellen 6½ punt út 8 omlopen; in spannende barraazje joech de einútslach. Ek de Italjaanske spiler Michele Borghetti die it mei 5 punten poerbêst.
     
    It Grutmastertoernoai Ynternasjonaal waard wûn troch Alexander Georgiev, dy’t himsels yn in koart skoftke tiid it spultsje tige eigen makke hat. Mar de ferskelen mei de oare spilers binne lyts: alle spullen wiene spannend, en waarden op in detail útmakke.
     
    It Grutmastertoernoai DFS waard wûn troch Jelle Wiersma út Wommels, dy’t dit toernoai ek al in pear kear op syn namme skreaun hie.
     
    Alle útslaggen steane hjirûnder, alle partijen (mei útsûndering fan de partijen FRYSK!) binne fia de webside www.frisiandraughts.com of streekrjocht te besjen op toernooibase.kndb.nl (Frysk spul).
     
    Risseltaten Fryslân Open 2015
    Ynternasionale groep (heechste fjouwer spylders spylje it Grutmastertoernoai)
    1.Alexander Georgiev          5
    2.Aleksei Domchev               5         
    3.Auke Zijlstra                       4
    4.Martijn van Gortel 4
     
    5.Murodullo Amrillaev 3,5
    6-9
    Hans Jansen                 3
    Michele Borghetti         3
    Erwin Heslinga 3
    Alexander Shvartsman 3
    10.Patrick Casaril        2,5
    11.Guntis Valneris        2
    12.Renaud Braye         1,5
    13.Leopold Sekongo   1
     
    Fryske groep (heechste fjouwer spylders spylje it Grutmastertoernoai)
    1. Jelle Wiersma                   7,5
    2. Kees Tijssen                      6
    3. Teake Kooistra                 5,5 +2+2 (barraazjes)
    4. Hein de Vries                    5,5+2+1 (barraazjes)
     
    5. Sjoerd Couperus     5,5+2+0 (barraazjes)
    6. Foeke Tiemensma    5,5 +0
    7-8.
    Tjalling Goedemoed     5
    Tjerk Wijbenga            5
    9-12.   
    Hylke Algra                 4
    RindertWalinga            4
    Fedde Wiersma           4
    Piet Sikma                   4
    13. Bauke Dijkstra       2
     
    Risseltaat Grutmastertoernoai 2015
    Ynternasionale groep
     
    1. Alexander Georgiev (St. Petersburg) 2,5 pt
    2. Auke Zijlstra (Utert) 1,5 pt.     
    3. Martijn van Gortel (Geleen) 1 pt. (+1)      
    4. Aleksej Domchev (Vilnius) 1 pt. (+0)   
     
    Fryske groep
     
    1. Jelle Wiersma (Wommels) 2,5 pt
    2. Teake Kooistra (Hartwert) 2 pt.
    3. Kees Tijssen (Reduzum) 1 pt.
    4. Hein de Vries (jouwert) 0,5 pt
     


    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Lip en partners
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Walinga
    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch