• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Kampioenskippen Frysk damjen jeugd, pupillen en begjinners 2014-2015

     

     

    Hjirûnder steane de útslaggen fan de wedstriden fan hjoed, ynklusyf de finale en de einútslaggen. Alle partijen waarden spile yn jeugdhonk Sie Sa te Blauhûs.

     

    Yn de groep jeugd wiene yn totaal trije spilers. Utslaggen foaromlopen:

     

    Rindert Walinga - Jeljer Westra1-0

    Jeljer Westra - Tsjerk Walinga1-0

    Tsjerk Walinga - Rindert Walinga0-1

     

    De finale waard spile tusken Rindert Walinga (wyt) en Jeljer Westra (swart). Utslach: 1-0. Kampioen: Rindert Walinga, twadde priis Jeljer Westra, tredde priis Tsjerk Walinga.

     

    Yn de groep pupillen wiene fiif spilers. Utslaggen foaromlopen:

     

    Ridzert Rypkema - Lennaert van der Kuur0-1

    Marrit de Jong - Liuwe Meint Postma0-1

    (Klasina van der Gaast: frij)

     

    Liuwe Meint Postma - Ridzert Rypkema1-0

    Lennaert van der Kuur - Klasina van der Gaast0-1

     

    Klasina van der Gaast - Liuwe Meint Postma1-0

    Ridzert Rypkema - Marrit de Jong0-1

     

    Marrit de Jong - Klasina van der Gaast0-1

    Liuwe Meint Postma - Lennaert van der Kuur0-1

     

    Lennaert van der Kuur - Marrit de Jong0-1

    Klasina van der Gaast - Ridzert Rypkema1-0

     

    Mei de punten fan de eardere foaromlopen wie de tuskenútslach:

     

    Klasina van der Gaast8 punten

    Liuwe Meint Postma8 punten

    Marrit de Jong6 punten

    Ridzert Rypkema4 punten

    Lennaert van der Kuur4 punten

     

    Lennaert en Ridzert spilen noch in kear om in plak yn de lytse finale, en Ridzert wûn de partij.

     

    Doe spilen Ridzert en en Marrit om it 3e en 4e plak: Ridzert wûn.

    Liuwe Meint en Klasina spilen om it 1e en 2e plak: Liuwe Meint wûn.

     

    Utslach:

     

    Kampioen: Liuwe Meint Postma, 2e priis: Klasina van der Gaast, 3e priis: Ridzert Rypkema, 4e priis: Marrit de Jong, 5e priis: Lennaert van der Kuur\

     

    By de begjinners moasten der noch 8 omlopen ferdamd wurde. Spitigernôch wie ien fan 'e dammers siik. De útslaggen:

     

    Marten Algra - Jurgen Popma0-1

    Nynke Brouwer - Gonnie Schilstra1-0

    Johannes Heins - Marije Frankena0-1

    Harmen Jacob Postma - Hielke van der Gaast1-0

    Siward Walinga - Hidde Rypkema0-1

    (frije nûmers en net spile partijen net opnommen)

     

    Hielke van der Gaast - Siward Walinga1-0

    Marije Franekna - Harmen Jacob Postma0-1

    Gonnie Schilstra- Johannes Heins1-0

    Jurgen Popma - Jan Yeme de Wolff0-1

    Geartsje Algra - Marten Algra0-1

     

    Jan Yeme de Wolff - Geartsje Algra1-0

    Nynke Brouwer - Jurgen Popma0-1

    Harmen Jacob Postma - Gonnie Schilstra1-0

    Siward Walinga - Marije Frankena0-1

    Hidde Rypkema - Hielke van der Gaast0-1

     

    Marije Frankena - Hidde Rypkema1-0

    Gonnie Schilstra - Siward Walinga0-1

    Jurgen Popma - Johannes Heins1-0

    Geartsje Algra - Nynke Brouwer0-1

    Marten Algra - Jan Yeme de Wolff0-1

     

    Nynke Brouwer - Marten Algra1-0

    Johannes Heins - Geartsje Algra1-0

    Harmen Jacob Postma - Jurgen Popma0-1

    Hidde Rypkema - Gonnie Schilstra0-1

    Hielke van der Gaast - Marije Frankena0-1

     

    Gonnie Schilstra - Hielke van der Gaast0-1

    Jurgen Popma - Siward Walinga1-0

    Geartsje Algra - Harmen Jacob Postma0-1

    Marten Algra - Johannes Heins1-0

    Jan Yeme de Wolff - Nynke Brouwer0-1

     

    Johannes Heins - Jan Yeme de Wolff0-1

    Harmen Jacob Postma - Marten Algra1-0

    Siward Walinga - Geartsje Algra1-0

    Hidde Rypkema - Jurgen Popma0-1

    Marije Frankena - Gonnie Schilstrakamp

     

    Jurgen Popma - Hielke van der Gaast1-0

    Geartsje Algra - Hidde Rypkema0-1

    Marten Algra - Siward Walinga1-0

    Jan Yeme de Wolff - Harmen Jacob Postma1-0

    Nynke Brouwer - Johannes Heins1-0

     

    Mei de punten fan de eardere foaromlopen (en ynklusyf punten foar frije wedstriden en wedstriden sûnder tsjinstanner) joech dat earst al de folgjende plakken:

     

    12e plak: Geartsje Algra (2 punten)

    11e plak:Johannes Heins (3 punten)

    10e plak:Hidde Rypkema (5 punten)

    dield 8e plak:Hielke van der Gaast en Siward Walinga (7 punten)

    7e plak:Gonnie Schilstra (7½ punt)

    6e plak:Marten Algra (8 punten)

    5e plak:Marije Frankena (9½ punt)

     

    De heechste fjouwer plakken wiene foar Jurgen Popma, Jan Yeme de Wolff, Nynke Brouwer (allegear 10 punten) en Harmen Jacob Postma (11 punten).

     

    De finale waard sa spile:

     

    Jurgen Popma - Nynke Brouwer1-0

    Jan Yeme de Wolff - Harmen Jacob Postma1-0

     

    Nynke Brouwer - Jan Yeme de Wolff1-0

    Harmen Jacob Postma - Jurgen Popma0-1

     

    Jurgen Popma - Jan Yeme de Wolff0-1

    Nynke Brouwer - Harmen Jacob Postma1-0

     

    Dêrmei wie it fjirde plak foar Harmen Jacob, en moasten Jurgen, Nynke en Jan Yeme noch in kear! Dat joech dizze útslach:

     

    Jan Yeme de Wolff - Nynke Brouwer0-1

    Nynke Brouwer - Jurgen Popma0-1

    Jan Yeme de Wolff - Jurgen Popma0-1

     

    En dêrmei wie Jurgen Popma kampioen fan de pupillen! Benammen de lêste partijen waarden op in hiel heech nivo spile, en de spanning yn de seal wie om te snijen. Ek it twadde plak fan Nynke en it tredde plak fan Jan Yeme wiene mear as fertsjinne. Allegear fan herte lokwinske!

     

    It wie in hiele toer om alles goed by te hâlden, mar mei de treflike help fan de omkes út Blauhûs slagge dat. En soms wie der noch eefkes tiid om in nijsgjirrich einspultsje op te skriuwen. Sa spilen Johannes Heins en Hielke van der Gaast in partij doe’t se beide frij wiene, dy’t hjirop útkaam:

     

    swart (Hielke): 1, 6, 7 en 9

    wyt (Johannes): 38, 40, 46 en 48

     

    In klassyk einspultsje, mei elk fjouwer houtsjes. Hoe pakke jo soks oan?

     

    Swart is oan set en spilet 9-13. Dat is net de bêste: yn prinsipe krijt wyt no de kâns om nei de lange hoeke ta te rinnen, en Johannes sjocht dat ek daliks!

     

    40-34, 13-19

    34-30. Hielke sjocht dat er te let is, en tinkt: dan sels ek mar in wolf: 19-23.

     

    Wyt kin no prachtich it foarlike houtsje fan swart derwei ruilje, en dêrnei kalm nei de daam ta kuierje, mar hy wol der sa graach hinne, dat er swart ek fleane lit:

     

    30-25, 23-29

    25-20, 29-34.

     

    No begjint it Johannes dochs te bekrûpen. Mar hy sjocht net dat er it houtsje mei 38-33 noch keare kin, en spilet mar 48-43. Mar dat jout neat, en boppedat is er syn fangstelling no kwyt. Der folget:

    ....., 34-40

    43-39 (efter de feiten oan rinne, hjit dat), 40-45

    20-14 (dan sels mar wer fierder nei daam), 45-50

    14-10 - en it skip fergiet yn it sicht fan de haven: 50x5.

     

    Wyt strykt noch moedich fierder, mar swart lit de wolf moai yn ’e hoeke stean en giet sels net oer de lange line, dat it duorret net lang, of wyt moat beide houtsjes offerje. De beide setten 9-13 (swart) en letter 48-43 (wyt) binne ferliezend, trochdat se de tsjinstanner romte jouwe. Ien fan de lestichste dingen om yn it Frysk damjen te learen! 

     

    Dan in fragmintsje út de finalepartij fan de pupillen. Liuwe Meint hie mei wyt in wolf op 6 en houtsjes op 36, 37, 46 en 43. Klasina hat twa houtsjes op 30 en 35, en stiet dus raar efter. Mar se besiket fansels noch al in wolf te heljen. Swart spilet 35-40.

     

    Wyt sjocht no de ôfruil net mei 43-39, en spilet de wolf nei 50. No rûkt Klasina in kâns: 40-45! Liuwe Meint slacht nei 10, en Klasina hellet in wolf op 50. Wyt spilet de wolf nei 5 (feilichheid foar alles, swart skoot de wolf nei 22, wyt spilet 43-38, en swart giet mei de wolf nei 6.

     

    No holden de omstanners de siken yn: wyt sil it dochs net yn it hier krije, om de wolf nei 41 slaan te litten, en dêrnei 37-32 te spyljen (en dan oer de kop sjen, dat der gjin twa mar trije houtsjes ôfgeane)??

     

    Mar nee: Liuwe Meint spile wol 46-41 (6x41), en dêrnei bedaard 38-33 - Klasina har wolf stiet fêst, en as jo net sette kinne, hawwe jo ferlern. In einstân dy’t jo net faak sjogge!

     

    Ta beslút in lyts fragmint út de alderlêste partij fan de begjinners, Jan Yeme de Wolff tsjin Jurgen Popma. Jurgen hie hieltyd krekt wat better spul, neidat er in klassyk setsje yn ’e iepening dien hie, dêr’t wy allegear wolris yn trape binne: 32-27, 20-25; 27-22, 17x28; 33x22; 18x27; 31x22, 12x32; 38x27, 14-20; en doe spile wyt 37-31, en swart 19-24 ....

     

    Oan ’e ein kaam dizze stân op it boerd: swart wolf op 48 en houtsjes op 1, 4, 6 en 16, wyt houtsjes op 8, 18, 26 en 36. (Oan ’e oare kant fan it boerd stie ek noch wat.) Wyt tinkt: dit is klear, elk in wolf! En hy spilet 8-3. Swart moat slaan ... mar mearslach giet wol foar! Dus 4x2 hie moatten, mar ynstee docht er 48x8. No mei wyt de wolf slaan, mar hy is der sa oeral fan, dat er syn eigen wolf nei de slach op 17 delset. Dus: 16x18, en de mannen kinne wer op ’en nij begjinne. Kommentaar fan de taskôgers: Sa giet it, as jo beide de wolf net hâlde wolle ...



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch