Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Oprop Wapenpartij
  • De kampioen lit him fan syn goeie kant
  • Fryslankup 2018 - 2019
  • Sjoerd Huitema wat yn de war: Hy tocht
  • FRYSLÂNCUP 2018-2019
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Marten Walinga pakt dochs wer Littenseradiel

    Marten Walinga, wenjend yn it Littenseradielster Waaksens, hat op 'en nij it iepen kampioenskip fan syn gemeente wûn. Dat barde ek noch ris oertsjûgjend. Walinga hie yn 'e einstân oer fjouwer wedstriden mar leafst in fol punt mear as syn neiste folgers, Dicky van der Meer en Jelle Wiersma.

     

    Van der Meer stie nei de earste fan 'e beide spyljûnen oars noch as iennichste sûnder puntferlies boppeoan. Mar de hommelse favoriterol waard er sa't it like wat al te kjel fan. Yn 'e tredde omloop slagge it him noch al om tsjin syn klupgenoat Cor Kooistra in heal punt by te skriuwen. Marten Walinga hie him doe lykwols al ynhelle troch de persoanlik kampioen fan ferline jier, Jelle Wiersma, te ferslaan. Wiersma makke dat ferlies oars wer goed troch winst yn 'e lêste omloop op Cor Kooistra.

     

    Dy útslaggen makken, dat der úteinliks in idioat grutte middenmoat ûntstie. Mar leafst 4 fan 'e 10 dielnimmers yn 'e heechste klasse kamen op 2,5 wedstriidpunt út. By harren hearde ek Foeke Tiemensma, dy't yn syn lêste partije in moaie slach úthelle tsjin Folkert Groenveld. Germ Terpstra hie it op 'e lêste spyljûn ek op 'e heupen mei syn oerwinnings op Tsjerk Wijbinga en Sjoerd Cuperus. Nei flink wat rekkenderij troch wedstriidlieder Willem Dykstra - yn Jorwert binne se noch sa âlderwetsk dat se it sa'n jûn sûnder elektroanika dogge: gjin kompûter en noch mei opwynbere klokken - kaam it der op út dat Dicky van der Meer dochs it geunstichste SB hie. Hy waard dêrmei twadde, noch krekt foar Jelle Wiersma, en dat is dochs wol in kreaze prestaasje.

     

    Yn 'e twadde groep kontinuearre Willem Dykstra himsels syn foarsprong, dat hy koe mei in fiks fleispakket nei de frou werom. Dat Rinze Schukken (Hilaard) twadde waard wie fierders alhiel neffens de ferwachtings. Winsumer Douwe Namminga wie de iennichste spiler dy't yn dit toernoai de folle skoare helle. Hy waard dêrmei winner fan 'e tredde klasse, foar Jan Nauta út Bitgummole.

     

    Einstannen earste klasse:
    Marten Walinga (Waaksens) 3,5
    Dicky van der Meer (Terherne) 2,5
    Jelle Wiersma (Wommels) 2,5
    Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 2,5
    Germ Terpstra (Easterein) 2,5
    Cor Kooistra (Nijlân) 2
    Sjoerd Cuperus (Snits) 2
    Folkert Groenveld (Jutryp) 1,5
    Bauke Dijkstra (De Tynje) 1
    Tsjerk Wijbinga (Arum) 0

     

    Twadde klasse:
    Willem Dykstra (Jorwert) 3,5
    Rinze Schukken (Hilaard) 3
    Harry Kaspers (Jorwert) 2,5
    Siebren Dyk (Jorwert) 2
    Bonne Hylkema (Jorwert) 1
    Jan de Jong (Ljouwert) 0

     

    Tredde klasse:
    Douwe Namminga (Winsum) 4
    Jan Nauta (Bitgummole) 3
    Mathieu v. d. Bogaard (Jorwert) 2
    Herman Bakker Frjentsjer) 2
    J. Keuning/W. Bakker (Jorwert) 1
    Gertjan van Kamp (Jorwert) 0



    << Werom


    Sponsors:

    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Walinga
    • D. Kuipers
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch