• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Kâld en waarm fiele mekoar goed oan.

    Ferline wike wie it yn it doarpshûs net al te waarm en bûten wie it noch wol oangenaam. Dat wie dizze moandei wol oars. De jas hoechde binnen no net oan want de kachel die syn wurk better en bûten wie it ferrekte kâld. De fytsers ûnder de dammers koene de wanten oan hawwe.

     

    It oantal dammers wie lyk as ferline wike, mar no wiene der guon by dy’t der ferline wike net wiene en dy beide giene alle twa net mei lege hannen nei hûs. De earste partij dy’t út wie wie tusken Bauke de Boer en Tineke Teigeler. Eins wie de partij wat te gau út. Tineke hie de partij wat langer rekke kinnen, want doe’t it út wie, liet De Boer har sjen dat it noch oars kinnen hie. Lykwols luts se dan ek oan it koartste ein, mar har tsjinstanner hie aardich mear op syn tellen passe moatten. Rients Wijnia en Tsjerk Wiersma joegen mekoar ek goed partij en úteinlik wûn Wiersma de partij. Bauke Bos rekke al gau in houtsje foar tsjin Hennie de Haan, mar hie it neffens eigen sizzen noch tige dreech om it houtsje foar te bliuwen en moast tige útsjen. Doe’t er einliks in set die, dy’t er al earder strike koe, mar net sjoen hie, hie er it minder dreech en wûn de partij. It wachtsjen mei dizze set wie dus net ferkeard. Dan de heechste groep. Willem Schaap siet ferline wike yn ‘e mais en spille no tsjin Sjoerd Jan Bakker en hie it tige dreech. It draaide út op kamp en sadwaande hie Bakker syn twadde kamp-partij te pakken. Ype Boelens stie, doe’t de stikjeskriuwer efkes seach in hout foar tsjin Bauke Dijkstra. Dochs moast er mei ferlies nei hûs gean, want nei in slachje wûn Dijkstra de partij. Mei it neidamjen die bliken dat der foar Boelens mear yn sitten hie.

     

    Healwei de jûn kaam de buorman fan it Swettehûs it sealtsje yn omdat er wat mear witte woe fan it Fryske damjen. Bauke de Boer en Tineke Teigeler lieten him sjen wat der mooglik is yn ús moaie spul en de man rekke tige ûnder de yndruk. Wa wit sjogge we him ris wer.

     

    Utslaggen: Sj. J. Bakker – W. Schaap 1/2 – 1/2, Y. Boelens – B. Dijkstra 0-1, B. de Boer – T. Teigeler 1-0, B. Bos – H. de Haan 1-0, R. Wijnia – T. Wiersma 0-1



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    Dizze webside is mei mooglik makke troch