• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Willem Schaap de boppelizzende partij.

    Elk wit dat Willem Schaap in moai streekje damje kin. Hy is der ek altiten folop mei dwaande. As er bygelyks oan it hekkeljen is en it wurdt tiid foar kofje, bôle of wat dan ek, dan pakt er even syn smartfoan. Efkes in stantsje op de app. As it iten op is dan giet de foan wer yn de bûse, mar hy genietet noch wol even nei fan wat er útdoktere hie. Yn syn partij moandei tsjin Jelle Wiersma makke er der ek hiel wat moais fan. Hy wie echt de boppelizzende partij en wûn..

     

    Dy winst fan Schaap is foar him fansels in prachtige opstekker. Hy hat tsjin Jelle altiten moaie partijen, mar luts wol faak oan it koartste ein. No dus fuort de earste kear raak. De Strikers binne benijd hoe’t him dit fierders fergean sil. Yn elk gefal binne Willem syn partijen altyd fol fan lopen, flypflappen en wylde streken.

    Hy hie eins gjin tiid mear, mar stie wol op winst. Dat seach Hennie de Haan ek wol en dêrom bea sy Tsjerk Wiersma kamp oan. Dat sportive gebear naam er mei genoegen oan. Oars hie er nei alle gedachten de pikepanne yngien. Hie er wat mear om de klok tocht en rekken holden hie mei de tiid, dan hie er winne moatten. Sa wie it foar him trouwens ek moai genôch.Ype Boelens hat syn earste heale puntsje binnen, mar dat hie der in helen wêze moatten. Hy seach in winner oer de kop. Bauke Dykstra en Sjoerd Jan Bakker spilen ek kamp. It kaam allegearre krekt, mar dêrtroch kaam it wol op syn poatsjes terjochte.

     

    Utslaggen: Bauke de Boer – Rients Wynia 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Hennie de Haan ½ - ½; Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens ½ - ½.



    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch