• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It groepke wurdt hieltyd lytser.

    Moandeitejûn de earste kompetytsjejûn fan it nije seizoen rûgelen der trije ôfmeldingen binnen. Twa fanwegen fysike problemen en ien troch it wurk. Soks kin fansels en dêr is neat oan te dwaan. Doe sieten de Strikers mei har tsienen en dat betsjutte mar fiif partijen. It groepke is sa wol hiel lyts. Hooplik binne de trije nije wike wer presint.

     

    Hoewol it in skiterich lyts groepke wie, waard der wol hiel moai damme. “Klein mar fijn!” sille wy mar rekkenje. Ype Boelens moast fan de foarsitter it opnimme tsjin Jelle Wiersma, de grutte kampioen. Ype sei: ‘Ik bin bliid dat ik fuort de earste jûn tsjin Jelle moat, want as it neat wurdt kin ik altiten noch sizze, dat ik der noch wat ynkomme moat nei in simmer sûnder oefening!” Dat er der it hiele frije skoft der neat oan dien hie, wie suver net te leauwen. Hy striek foar it faderlân wei. Dat net allinne, hy joech boppedat goed partij. Yn in stân fan sa’n acht om acht waard er suver wat dryst. Hy dirigearre ien fan syn houten nei foaren. Dat hold er ek noch aardich lang fol, mar úteinlik koe er it net hâlde. Jelle wachte geduldich op syn proai as in kat by in mûzegat.

     

    Tsjerk Wiersma koe kamp helje as er it houtsje fan Bauke de Boer keard hie. Dat die er net. Hy húsmanne mei syn daam op de ferkearde fjilden en liet sadwaande it houtsje ûntsnappe. De Boer helle syn twadde daam en dêrnei wie it in kâld keunstke foar him om Tsjerk syn wolf yn te rekkenjen. “Ja nei de tiid doe seach ik hoe it moatten hie, mar dêr haw ik no neat oan!” sa spatte Tineke Teigeler op. Op dat stuit hie se krekt in broekje oanpast krigen Hennie de Haan. De lêste stie oan de ein fan it spul folle better. Tineke hie earder taknipe moatten, mar ja soks is efternei praat.

     

    It oerkomt Rients Wynia noch alris. It ferliezen op it oerwurk. Ek dizze jûn ferlear er troch tadwaan fan de klok. Yn wêzen ha jo as spiler dan de tiid net goed ferparten. De partij tsjin Bauke Bos wie yn ien wurd: prachtich. De beide mannen joegen inoar net folle ta. Dochs kaam Wynia der wat wyld op te stean. In soad hout op de midden. Om dan alles te berekkenjen kostet tiid. Op ’t lêst wie de tiid op. Earlik sein hie Bauke ek wûn as de klok net fan ynfloed west hie.De earste kamp sit wer yn de knip. Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra gyngen al fytsend werom nei hûs mei elk in heale punt yn ’e bûse. Yn it begjin wie it wat in saaie partij letter kaam der wat flau fjoerwurk yn, mar dat hie net folle om de hakken.

     

    Utslaggen: Bauke de Boer – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker ½ -- ½; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Rients Wynia – Bauke Bos 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Narwal
    • Rabobank
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    Dizze webside is mei mooglik makke troch