• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De foarsitter waard in poat útdraaid.

    It is sa as it is, mar by de Strikers kamen der moandeitejûn mar tsien dammers opdraven. Yn beide klassen elk fiif spilers. Dat soe betsjutte dat twa gjin spiler hiene. Dêrom waard fuortendaliks mar besluten dat de de earsteklassers ek in partij tsjin de twaddeklassers spylje moasten foar de kompetysje. De foarsitter moast dêrom tsjin in twaddeklasser, mar him waard fakkundich in poat útdraaid.

     

    Dy bewuste twaddeklassespiler, Tsjerk Wiersma, seach it swurk al driuwen. Hy prottele mar raar en dat binne wy net fan him wend. Hy seach allegearre apen en bearen. Hy gûlde en pipe al foar’t er slein waard. Foarsitter Kooistra hat mooglik tocht: “Mar in bytsje rêstich oan mei de âlde, in maklik spultsje der fan meitsje!” Der ûntstie dan ek in moai spul. It koe alle kanten út, wylst Tsjerk mar miende dat er der oan alle kanten ynfleane soe. Dat foel ta. Sterker noch dy selde âlde rakkert seach alle loopkes en ynlûkerkes en die alle kearen de goeie. Cor sette in pear kear in faltsje op, dat syn posysje der net better op makke. Der ynrinne dêr tocht Wiersma net oan. Hy koe krekt fertelle wat de bedoelingen wiene en antwurde mei poerbêste streken. By eintsjebeslút like it kamp te wurden, mar dêr tocht Wiersma oars oer en liet sjen dat hy it oan alle kanten en einen wûn hie. Hy sei: “No is it ferhipte spitich dat it net yn de krante komt!”

     

    It wie dochs al net in bêste jûn foar it bestjoer. Ek de skriuwer en ponghâlder lutsen oan it koartste ein. Bauke Bos gyng kopke ûnder tsjin de nestor fan de klup Bauke de Boer. It like sa’n aardich spul, mar net Bos sines. It stûn him te wyld. Hy is folle sterker yn kantsjespullen. De nestor is lykwols in leafhawwer fan it hout oer de midden. Hy breide der dan ek in pear hiele moaie flypflappen yn. En op it “moment surprême” sloech er ta. Hy frege noch: “Hiest it net sjoen?” Nee Bauke seach it net, hie er dat al dien, dan hie er mooglik noch wat oan te striken west. No net. Sa út as in kâlde kachel.

     

    Ponghâlder Ype Boelens koe it net lang lykhâlde tsjin Sjoerd Jan Bakker. Eins waard it net in partij. It wie foar’t it fjoer der ynkaam al út. Bakker fandele der wer in grouwe punt by en is de koprinner. It hie net barre mochten, mar it fûn wol plak. Net dat soks Bauke Dykstra net faker oerkomt, mar no stie er der sa goed foar tsjin in wyldeboel fan Willem Schaap. Mar dy lêste strafte in fout sûnder genede ôf mei in in keunstich heakje. Dykstra hie dat sjen moatten, mar ja dat is neipraat fansels.Hy hie de earste partijen ferlern. Dêrom gyng Rients Wynia mei fjoer yn it spul op syk nei syn earste punt. Hennie de Haan soe syn slachtoffer wurde, want al rillegau hie er in houtsje mear. No lit Hennie har net sa mar kiste en striek fûleindich en sterk troch. Wynia rekke suver wat oan leger wâl en it koe net oars of it waard wer lyk. Boppedat poatele Hennie mei in oanfaller op ien streek nei de daamline ta. Doe besocht de Boalserter it tij noch te kearen troch in slûchslim setsje, mar Hennie, ek net fan juster, seach de bedoelingen en helle in moaie punt.

     

    Utslaggen: Cor Kooistra – Tsjerk Wiersma 0 – 1; Bauke de Boer – Bauke Bos 1 – 0; Rients Wynia – Hennie de Haan 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0; Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch