• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Dicky van der Meer nimt lieding yn Littenseradiel

    Nei de earste twa omlopen, op tiisdeitejûn yn Jorwert ferspile, is Dicky van der Meer de ferrassende koprinder yn it Iepen Kampioenskip fan Littenseradiel. Yn 'e earste omloop skode er syn Strikende klupgenoat Bauke Dijkstra oan 'e kant, en yn 'e twadde wied er te sterk foar Foeke Tiemensma. De damjende Terhernster wist dêrmei sels ek net rjocht wat him oer kaam, want yn it foar beskôge er himsels as in folsleine outsider. Net alhiel ûnterjochte. Yn 'e heechste groep sitte njonken Tiemensma ommers ek mannen as Marten Walinga, Tsjerk Wijbinga, Folkert Groenveld, en net te ferjitten Jelle Wiersma. Nammen dy't ornaris stik foar stik aktearje yn 'e alderheechste kategory by it persoanlik kampioenskip.

     

    No docht in geunstige lotting miskien ek wol wat, benammen as de konkurrinsje inoar ôfslachtet. Sa hiene Cor Kooistra en Marten Walinga yn 'e earste omloop wûn fan respektyflik Sjoerd Couperus en Tsjerk Wijbinga, mar tsjin inoar kamen se net fierder as kamp. Jelle Wiersma stiet no ek op oardel punt. Yn 'e earste omloop spile er kamp tsjin Foeke Tiemensma. Middenmoaters binne Sjoerd Couperus en Bauke Dijkstra. Yn 'e twadde omloop leine se Tsjerk Wijbinga en Germ Terpstra del.

     

    Om oan 'e spylsterkte rjocht te dwaan, hie wedstriidlieder Willem Dykstra in heechste groep fan tsien spilers formearre. Omdat der 22 dielnimmers op 'e list stiene, ymplisearre dat dat de groepen 2 en 3 út seis man besteane. Dykstra sels hat yn 'e twadde groep as iennichste de folle winst pakt, nei oerwinnings op Rinze Schukken (Hilaard) en Siebren Dyk (Jorwert). Yn klasse C steane de Winsumer Douwe Namminga en de Jorwerter Mathieu van den Bogaard mei twa punten boppeoan.

     

    Op tiisdei 12 novimber wurde de tredde en de lêste omloop fan it toernoai spile.



    << Werom


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Noflik
    • Walinga
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Lip en partners
    Dizze webside is mei mooglik makke troch