Friesdammen.nl
  • DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Live
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • Live

    ARGYF

    2018
  • Marten Walinga 1e Wereldkampioen Fries
  • Alexander Georgiev scoort drie keer op
  • WK Fries Dammen krijgt vorm
  • Eerste Wereldkampioenschap Fries Damme
  • Toernooiboek Open NK Fries dammen 2018
    >> meer

    2017
  • Sneon 6 jannewaris 2018 damjen yn Hart
  • Lotting tredde ronde Fryslânkup
  • Twadde ronde Fryslânkup
  • Hartwert in maatsje te grut foar de St
  • Foeke Tiemensma wint Stryk-ta yn Skear
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoa
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It iene gat mei it oare stopje en dan is it flypflap!

    Bauke Dykstra is as’n Stadige Strikers dy’t de iepeningen wol dreame kin. Hy mei der graach stúdzje fan meitsje. As jo tsjin him moatte dan kinne jo de kop der mar by hâlde. Ien ferkeard streekje kin oan de ein fan it spul fataal wêze. Dêr wit Cor Kooistra fan mei te praten. Hy struts finaal ferkeard, moast it iene gat mei it oare stopje en ferlear yn ien grutte klabats.

     

    It spul fan Dykstra stie as in dyk, as ien blok beton as in fêsting dy’t net yn te nimmen wie. De houtsjes fan tsjinstanner Kooistra besochten steun en stipe by elkoar te sykjen. It kaam der op del dat it iene gat mei it oare ticht strutsen waard. Dat koe fansels gjin stân hâlde, dat koe elk sjen. Mar dat it sa moai útmakke waard, sa as Dykstra dat die hie de argeleaze hurddraver net begrepen. Dykstra offere ien houtsje, joech noch ien en sloech der doe trije houtsjes ôf. Kooistra sloech werom en de stân wie gelyk, mar wol sadanich dat der ien grutte gatsjepanne oerbleau. Bauke joech ien en pakte mar leafst acht skiven!. It koe net mâler!

     

    Beide hienen se noch gjin punt helle dizze kompetysje. Dat men kin fan tinken wol ha dat der wat op it spul stie. Tineke Teigeler begûn sterk. Se rekke in houtsje foar en Rients Wynia moast yn de oanfal. Dat gong net sa mar en Tineke koe it wol aardich goed parearje. Oant it momint dat se it net hielendal foar eagen krije koe hoe’t it moast. Se hie moai ôfruilje kinnen, mar dat seach se net en doe die se mar in oare streek. Dy set bliek fataal foar har te wêzen. Spitich foar har, want se joech Wynia hielendal frij baan en ferlear kânsleas. Dat hie fansels net hoegd, mar dat is neipraat en dêr keapje jo neat foar.

     

    Utslaggen: Tineke Teigeler – Rients Wynia 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Bauke de B oer 0 – 1; Bauke Dykstra – Cor Kooistra 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Noflik
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch