• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Wommelser Wiersma sterkste fan Littenseradiel

     

     

    Jorwert - Hoewol't it troch de Jorwerter damklup OKK organisearre Iepen Kampioenskip fan Littenseradiel wat minder dammers luts as wol west hat, wie de heechste groep noch altyd sterk beset. Wat te tinken fan Jelle Wiersma (Wommels), Foeke Tiemensma (Frjentsjer), Folkert Groenveld (Jutryp) en Tsjerk Wijbinga (Arum)? Sy waarden oanfolle mei de dochs ek net mislike Bauke Dijkstra fan De Tynje, èn de klupfavoryt Rinze Schukken (Hilaard). De lêste oppenearret him spitigernôch nea yn persoanlike kampioenskippen, mar hy bliek op dit nivo dochs ridlik meikomme te kinnen. Wiersma wie úteinliks it sterkste.

     

    It toernoai spile him ôf op de tiisdeitejûnen 3 en 10 novimber. De opset is sa dat de dielnimmers twa partijen op ien jûn spylje, mei it moaie tuskenbeidentempo fan 45 menuten op 'e klok. Nei de earste jûn stiene Wiersma en Tiemensma boppeoan mei twa punten. Beide mannen wûnen fan Bauke Dijkstra, wylst Wiersma te sterk wie foar Folkert Groenveld (oars wol yn in kranksinnich komplekse partij!), en Tiemensma de risiko's fan Wijbinga ôfstrafte.

     

    It Switsersk systeem skreau foar dat de Wommelser it yn 'e tredde omloop tsjin de Frjentsjerter opnimme moast. Dêr kaam Wiersma as oerwinner út te foarskyn. Syn lêste pot tsjin Schukken smiet dêrnei net al te folle swierrichheden mear op, dat hy mocht syn namme yn de kampioensbeker gravearje litte, en as beleanning ek nochris in rynsk fleispakket yn ûntfangst nimme. Tiemensma hie yn syn lêste partij noch in lestige tsjinstanner yn Folkert Groenveld, mar hy bleau baas, en easke dêrmei dus terjochte it twadde plak op. Groenveld sels bleau op it tredde plak stean. Tanksij it SonnemaBearenburch-systeem waard Rinze Schukken úteinliks fertsjinstlik fjirde. Tsjerk Wijbinga hie syn tiisdeitejûnen net hielendal: mei mar ien punt einige er op it lêste plak.

     

    De twadde en tredde groep, dy't elk fiif dielnimmers hiene, spilen troch elkoar. De Jorwerter Harry Kaspers wûn as iennichste alle partijen, en wûn dus ek de twadde groep, op grutte ôfstân fan good old Bonne Hylkema (ek Jorwert), dy't net fierder kaam as treddeheal punt. It opmerklike wie dat er dêrmei efterbleau by de beide heechsten yn 'e tredde groep, Paul Borghaerts fan Easterein en Fokke Looijenga, dy't beide op trije punten útkamen. De Weidumer luts úteinliks tanksij in wat better SB oan 'e langste ein.

     

    Einstannen kampioensgroep: J. Wiersma 4 punten, F.  Groenveld 2, R. Schukken 1,5, B. Dijkstra 1,5 en Tj. Wijbinga 1.

    Twadde groep: H. Kaspers 4, B. Hylkema 2,5, S. Dyk 2, J. Nauta 1,5 en D. Namminga 1.

    Tredde groep: F. Looijenga 3, P. Borghaerts 3, M. van den Bogaard 2, G.J. van Kamp 1en J. Keuning 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Narwal
    • Walinga
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    Dizze webside is mei mooglik makke troch