• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Skearnegoutum kontinuearret mini-klupkampioenskip

     

     

     

    Dat "Stadige Strikers" ek wol fluch spylje kinne, bewiisden de Skearnegoutumer dammers op freedtejûn 20 novimber yn Jorwert. Op 'en nij hellen se it mini-klupkampioenskip, oftewol it klupkampioenskip yn it fluchdamjen, nei har ta. Dat barde knap oertsjûgjend: allinne tsjin de grutste konkurrint Hartwert moast in kampspul tastien wurde.

     

    It wie dúdlik dat de klups der in eare yn steld hiene om dit kampioenskip op har namme te skriuwen. Sa hie Skearnegoutum it fjouwertal Jelle Wiersma, Willem Schaap, Bauke Dijkstra en Dicky van der Meer yn it earste tiim opsteld. Immen as Cor Kooistra, dochs ek in erkend damkanon, bedarre sa yn Skearnegoutum II. Op papier hie Aldegea miskien noch wol bettere papieren. Want wat te tinken fan it fjouwertal Henk Haanstra, Siebe Walinga, Folkert Groenveld en Sjoerd Couperus? 

     

    En dochs bliek yn Jorwert dat papier ek mar geduldich is. De Aldegeasters ferlearen nammentlik mar leafst mei 0-4 fan Skearnegoutum. Gjin skyn fan kâns dus. Noch sterker, de Aldegeasters gongen ek tsjin Hartwert kopke ûnder, mei 1-3. Dy Hartwerters hiene ek wol in aardich ploechje, mei Tjalling Goedemoed, Tjerk Wijbinga, Fedde Wiersma en Piet Sikma, mar dat se sa sterk út 'e hoeke komme soene, dat sille se sels ek net ferwachte ha. De lettere kampioen holden se ek kreas op in 2-2.

     

    De Hartwerters ferskieten it kampioenskip lykwols troch tsjin Lollum ek net fierder te kommen as 2-2. Dat wie foar it fjouwertal Foeke Tiemensma, Sjouke Schilstra en de beide Westra's oars ek it grutste wapenfeit, want tsjin de swakke pleatslike favoriten fan Jorwert I kamen se ek net fierder as in kampspul.

     

    Der waard dêr yn Jorwert tradysjoneel yn twa klassen spile. Spitich wie, dat har in ûneven tal ploegen opjûn hiene, sadatde dammers fan de ploegen út de legere klasse har ien omloop lang fermeitsje moasten mei in bakje kofje. Fierders kaam elk fan de heechste klasse ien kear in legere ploech tsjin, útsein Hartwert, dat yn 'e lêste omloop ek frij hie (en doe oan it bier mocht). Dizze opset hie fierders gjin gefolgen, want dy twadde klassers koene stik foar stik net tsjin de grutte mannen op.

     

    Yn dy twadde klasse wie mar ien de sterkste, en dat wie Blauhús. Dat fjouwertal fersloech alle oaren. Skearnegoutum II en Aldegea II holden inoar kreas yn it lykwicht, ek tsjin inoar. En Jorwert II? Mei nul wedstiidpunten en mar twa buordpunten einigen dy treasteleas ûnderoan.

     

    Utslaggen, mei tusken heakjes de buordpunten:

    Earste omloop: Hartwert Aldegea I 1-0 (3-1); Jorwert I - Lollum 0,5-0,5 (2-2); Skearnegoutum I - Blauhús 1-0 (3-1); Aldegea II - Jorwert II 1-0 (3-1).

    Twadde omloop: Skearnegoutum I - Jorwert I 1-0 (3,5-0,5); Lollum - Hartwert 0,5-0,5 (2-2); Aldegea I - Skearnegoutum II 1-0 (4-0); Blauhús - Aldegea II 1-0 (2,5-1,5).

    Tredde omloop: Aldegea I - Lollum 1-0 (2,5-1,5); Hartwert I - Skearnegoutum I 0,5-0,5 (2-2); Jorwert I - Aldegea II 1-0 (3-1); Skearnegoutum II - Jorwert II 1-0 (3-1).

    Fjirde omloop: Skearnegoutum I Aldegea I 1-0 (4-0); Jorwert I - Hartwert 0-1 (1,5-2,5); Lollum - Jorwert II 1-0 (4-0); Blauhús - Skearnegoutum II 1-0 (3-1).

    Fyfde omloop: Aldegea I - Jorwert I 1-0 (3-1); Lollum - Skearnegoutum I 0-1 (1,5-2,5); Skearnegoutum II - Aldegea II 0,5-0,5 (2-2); Jorwert II - Blauhús 0-1 (0-4).

     

    Einstân earste klasse: Skearnegoutum I 4,5 punten; Hartwert 4; Aldegea I 3; Lollum 2; Jorwert I 1,5.

    Twadde klasse: Blauhús 3; Aldegea 1,5 (7,5); Skearnegoutum II 1,5 (6); Jorwert II 0.

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Lip en partners
    • Noflik
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Walinga
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch