• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Klubferslagen Skearnegoutum

    De baas kaam der sels efkes by!

    Moandeitejûn binne der wer in pear partijen foar de Fryslân Kup ferspile. De betinker fan dit alles, Jappie de Jong fan Blauhûs kaam ek noch efkes opdaagjen om te sjen hoe’t de Blauhústers it dwaan soenen. No it die de baas deugd dat elkenien sa ynnommen wie mei dit damjen. Bernard Kroon hie doe de punt al yn de bûse. Hy fersloech Bauke Dykstra yn de oanloop nei de echte partij doe’t Dykstra in djoere fout makke en in pear houtsjes ferspile. Doe wie it út en oer. Men kin begripe dat Bernard glom en glimke fan ear oant ear doe’t Jappie deryn kaam. “Hjir hie ik eins net op rekkene en hie mysels yn de toto op ferlies setten!” sa spriek Kroon. Bauke Dykstra himsels ek net, mar Bernard as winner tipt. Soe Bauke miskien mear belang ha by de winst yn de toto as by it damjen? Wy sille it him nochris neifreegje.

     

    De twadde partij gyng tusken Leo Altena en Cor Kooistra. De mannen makken der in libbene en prachtige partij fan. Alles sa’n bytsje oer de midden. Fan alle kanten sieten der lopen yn, mar net ien fan beiden fleach dêr yn. Wylst de einfaze nadere, stiene de houtsjes fan Kooistra krekt efkes wat sterker. Hy koe mei in sterk blokje op de rún en bijrún de fijân opwachtsje, wylst der yn de koarte hoeke gjin gefaar drige. Likegoed bleau it foar beide útsjen. Doe’t Kooistra in pear setten letter earst ien en dêrnei noch ien offere en trije werom sloech, koe Leao de slachter en de bakker wol ôfsizze. Doe wie de partij sa goed as út. Fan alle kanten waarden de kânsen noch besjoen, mar de konklúzje wie: de hân jaan. Trije Strikers geane nei de folgjende omloop: Jelle Wiersma, Willem Schaap (hy wûn tongersdeitejûn yn in útwedstriid yn Lollum fan Liuwe Westra) en Cor Kooistra.

     

    Yn de kompetysje waarden der fjouwer partijen spile. Bauke Bos wûn wer en Tsjerk Wiersma hie gjin begrutsjen mei Rients Wynia en feegde him nei twa oeren tinken fan it boerd. Bauke moast it opnimme tsjin de nestor fan de klup, Bauke de Boer. De lêste is syn namgenoat meastal de baas, mar diskear luts Bos oan it langste ein. Dat wie moai wurk, want de nestor ha jo net sa mar te pakken. Sjoerd jan Bakker siet tsjin Tineke Teigeler. Dan sil men sizze: dat is gjin partij. Sa’n haadklasser tsjin sa’n argeleas froummiske út de tredde klasse. Dat is ek wol sa, mar Tineke joech omraak partij. En it hie noch better kinnen as se net sa mar in houtsje yn it middenspul ferskiten hie. Doe koe Bakker op syn gemak de partij útmeitsje.

     

    Se begûnen as lêsten oan harren spul. Ek sloften se sa no en dan nei bûten om efkes reek en frisse lucht yn te nimmen. Harren partij wie ek ynnimmend barren. Beide stiene se sa wyld as in bosk woartels. Willem kin him dêr goed mei rêde en Ype krimmenearre nochal wat dat er der striemin op stie. Mar hoe dan ek dyselde Ype joech, doe’t elk noch in acht houtsjes hie sa mar twa wei en rûn frank en frij nei daam. Hy postearre dêr syn wolf sadanich dat er altiten in pear houtsjes krije doe en de partij útmeitsje koe. It earste folle punt foar him.

     

    Utslaggen: Bauke Bos – Bauke de Boer 1 – 0; Tineke Teigeler – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Rients Wynia 1 – 0; Willem Schaap – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Dykstra – Bernard Kroon 0 – 1; Leo Altena – Cor Kooistra 0 – 1.

     

    Tineke wint op in bysûndere jûn.

    In bysûndere jûn en dat wie it moandeitejûn de njoggende fan de slachtmoanne. Wêrom sil de argeleaze lêzer him of har ôffreegje. Neat fan murken, gelyk as altiten. Nee yn it Swettehûs barde wat nijs. Dêr waarden nammentlik de earste partijen fan de Fryslân Cup ferdamme. In nijtsje yn it Fryske damjen. En op dizze bysûndere jûn pakte Tineke Teigeler troch sterk damjen har earste punt.

    Om mar by it lêste te begjinnen, Tineke dus. De wyks dêrfoar hie se eins ek de bêste kânsen, stûn in houtsje foar en hie troch simpel ôfruiljen de winst sa goed as wis nei har ta lûke kinnen. Doe ferlear se fan harsels troch echt te min tiid te nimmen, wylst de klok noch op trije kertier stie. Moandei die se dat oars. Se brocht mear rêst yn har manier fan spyljen. Net mear dat rappe en flugge beäntwurdzjen fan in set, mar earst de tiid nimme. Dat hat har de winst oplevere. Se soe hast noch de fout yngean, mar doe sei der ien: “Wat ha jim noch in soad tiid!” Dat wie miskien krekt noch in ûnbedoelde opmerking, dy’t sy ta har naam en noch ris de boel oereage.

     

    Har tsjinstanner, Tsjerk Wiersma, kin wol fjouwer potsjes skake yn in oere. Hy is ek yn it damjen gewoanwei gau út de rie. Dan giet de tsjinstanner faak yn it ritme mei en dêryn driget de falkûle. Tineke stapte oer dy kûlen hinne en pakte hiel moai de winst. Op it momint dat Tsjerk tocht dat er sels oan it langste ein lûke soe.

     

    Foar de Fryslân Cup lotte Bauke Bos tsjin Gaastmarder Pieter Hoogterp, in sterke kampioensklasser. It wie dan ek gjin skande dat dizze Pieter Bauke nei in spannende partij út it toernoai knikkere. De oare partij gong tusken Jelle Wiersma en Dicky van der Meer, lid fan ús klup, mar net damjend foar de kompetysje. Dicky joech hiel sterk partij en helle der dik fertsjinne kamp út. Doe moasten se yn in fiif om fiif stân útmeitsje wa troch gean soe nei de twadde ronde. Dat waard Jelle. In moaie dammerij en dizze Fryslân Cup, in inisjatyf fan De Skyfkes út Blauhûs, bringt wer wat fariaasje yn de damgelederen.

     

    Utslaggen: Bauke Dykstra – Ype Boelens 1 – 0; Tineke Teigeler – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Rients Wynia – Bauke de Boer 0 – 1; Dicky van der Meer – Jelle Wiersma ½ - ½; Bauke Bos – Pieter Hoogterp 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Leanbedriuw Okkema
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Narwal
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch