• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It lid op ’e noas krije.

    De siswize is: wa’t it ûnderste út de kanne ha wol, kriget it lid op ’e noas. Dizze siswize soe wer foar in partij jilde moandeitejûn by de Stadige Strikers. It gyng om in spul dat spile waard yn it kader fan de Fryslân Kup. Dêr komme wy aanst op werom. Earst de kompetysje. Dêryn sette Bauke Bos syn segereeks troch. Freedtejûn pakte er al de twadde priis yn haadklasse B en dizze jûn liet er net folle heel fan Rients Wynia. It waard foar de Sint Nykster in streekrjochte oerwinning. Eins kaam er net yn gefaar en koe tefreden in puntsje by skriuwe. Hennie de Haan, oars ek wakker op dreef, de lêste tiid, koe it net hâlde tsjin nestor Bauke de Boer. De klupâldste liet wer even sjen dat er noch lang net ôfskreaun is. Foar Tineke Teigeler, grutske winner yn de twadde klasse op it stryk ta toernoai, siet net in dammer klear. Tsjerk liet ferstek gean. “Dan gean ik mar nei hûs!” sa sei Tineke spytfol.

     

    Ype Boelens gyng de striid oan tsjin Jelle Wiersma. Ferline jier koe er Jelle noch in kear op kamp hâlde. Yn dizze edysje moast er al gau tajaan dat der eins gjin salve oan te striken wie. Nee de spannendste kompetysjepartij spilen Sjoerd Jan Bakker en Bauke Dykstra. Dat gong de hiele partij moai lyk op. Mar Sjoerd Jan dy kin sa mar yn in ûnbewekke momint taslaan. Dan stiet er yn in pear streken mei in foarlik houtsje ynienen op foardiel. No doe’t it sa fier wie, koe Dykstra de bakker en de slachter wol ôfsizze. Doe wie it “gepypt”.

     

    Willem Schaap spile in moaie mar wol in tige wylde partij tsjin Siebe Walinga út Aldegea. It koste him in protte tiid en yn de einfaze bruts him dat op. Earlik sein stie er doe ek al op ferlies. Siebe is dus in omloop fierder yn de Fryslân Kup. De oare partij spilen Cor Kooistra en Pieter Hoogterp út De Gaastmar. Dat waard in moaie lykopgeande partij, mei genôch foefkes en loopkes deryn. Beide dammers koene alle drigingen parearje. Sa einige dy partij yn kamp. Doe folge der in barraazje. Der moat in winner komme. Yn dy beslissingspartij krije de dammers elk tsien minuten op de klok en der wurdt fiif tsjin fiif spile. In moai taktysk spultsje leine de mannen op it boerd. En it hie der alles fan dat it wer kamp wurde soe. Mar Pieter woe mear. It mear is nea fol. Hy miende dat er in mooglikheid seach om noch in twadde daam te heljen. Doe makke er in grouwélige flater. In fatale streek. Kooistra hapte fuort ta. Pieter koe der net by, dat er dat net sjoen hie. Ja, wa’t it ûnderste út de kanne ha wol, krijt it lid op ’e noas. En sa wie it en net oars.

     

    Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Rients Wynia 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd jan Bakker – bauke Dykstra 1 – 0; FK: Willem Schaap – Siebe Walinga 0 – 1; Cor Kooistra – Pieter Hoogterp ½ - ½; 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • Lip en partners
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    Dizze webside is mei mooglik makke troch