• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Liuwe Westra oertsjûgjend kampioen yn haadklasse

     

     

    Op sneon 19 desimber wiene yn Aldegea de persoanlike kampioenskippen foar de legere klassen. Spitigernôch wie it dielnimmersfjild tige meager. Foar de twadde en tredde klassen wiene gjin dammers dy't har krêften ris teste woene woene. Inkeld yn 'e haadklasse A en de earste klasse koe in pûl fan fjouwer gearstald wurde.

     

    Yn 'e Haadklasse wie der in dúdlike oerwinner, want bûnsfoarsitter Liuwe Westra wûn al syn partijen, ek al kealle dat tsjin bûnsskriuwer Siebren Dyk, neidat Westra earder in hout foarkaam wie, oan 'e ein dochs noch swier. De oare trije dielnimmers wûnen elts ien kear. Fan harren hie Piet Sikma dúdlik syn dei net. Tsjin Westra wied er oan it blunderjen, endat barde tsjin de Eastereinder Paul Borghaerts op 'en nij. Tsjin Siebren Dyk krige er fuort yn 'e iepening al in skiif kado, mar doe drige it dochs wer mis te gean. Dyk hie oan 'e ein de kop der lykwols net mear by, dat sa kaam Sikma dochs noch oan in punt.

     

    Omdat Dyk earder Borghaerts ferslein hie, einigen hjir de nûmers twa, trije en fjouwer tagelyk, mei elkmis ien punt. It SB-systeem en de ûnderlinge wedstriden joegen ek gjin útslútsel. Dit joech de nedige komplikaasjes, omdat der mei troch it ferstjerren fan Augustinus van der Goot trije plakken nedich binne om de tredde acht op te foljen. It soe dus op syn minst trije ekstra beslissingswedstriden betsjutte om ienkandidaat ôffalle te litten. Dêrop bea Siebren Dyk oan om frijwillich dy slachtofferrol op him te nimmen, benammen ek omdat er de earste sneon yn febrewaris foar de earste twa omlopen fan it grutte PK ek al oare ferplichtings hat. Sadwaande bleau der noch ien beslissingspartij oer, en dy sil der ek allinnich mar om gean oft Sikma of Borghaerts de oerbleaune rollade mei nei hûs nimme mei.

     

    Yn 'e earste klasse is de saak ek noch net hielendal útiten. De beide Aldegeasters Beke Haanstra en Johannes Hoekstra einigen hjir mei twa punten dield boppeoan. Dêr folget moandei yn Aldegea dus noch in duel om it kampioenskip. Sietse de Jong en Jan Nauta bleauwen stykjen op ien punt, mar it ûnderlinge resultaat makke dat Nauta yn 'e einklassearring op it lêste plak set waard.

     

    Njonken it kampioenskip foar de legere klassen wie der yn Aldegea ek noch in wedstriid foar eareklassers. Der waarden twa groepen fan trije formearre, en dêrby moast dan ien partij tsjin immen út de oare groep spile wurde. Yn 'e heechste groep wûn Jelle Wiersma alle potten, sadat hy mei de grouste rollade nei hûs ta gie. Siebe Walinga waard knap twadde, noch foar Foeke Tiemensma. De twadde groep waard wûn troch Sjoerd Couperus.

     

    Omdat doarpshûs It Joo net beskikber wie, waard der damme yn it tsjerklik lokaal It Beaken. Dat bliek in poergeskikte lokaasje: in smûk sealtsje, en de catering wie ek neat op oan te merken. De organisaasje, yn hannen fan de pleatslike damklup "Nocht en Kriich", rûn ek as it spoar. Dêr mei noch oan taheakke wurde dat Siebe Walinga oan 'e ein net allinne de prizen útrikte, mar dat tagelyk sa die dat men it gefoel hie dat men by in foarstelling fan in stand-up comedien wie. It gefolch wie dat de dielnimmers allegeare mei in tige foldien gefoel wer nei hûs ta giene.

     

    Utslaggen Haadklasse: Paul Borghaerts - Siebren Dyk 0-1, Liuwe Westra - Piet Sikma 1-0; Sikma Borghaerts 0-1, Dyk - Westra 0-1; Borghaerts - Westra 0-1, Dyk - Sikma 0-1.

    Einstân: Westra 3, Borghaerts1, Sikma 1, Dyk 1.

     

    Earste klasse: Beke Haanstra - Jan Nauta 0-1, Sietse de Jong - Johannes Hoekstra 0-1; Hoekstra - Haanstra 0-1, Nauta - De Jong 0-1; Haanstra - De Jong 1-0, Nauta - Hoekstra 0-1.

    Einstân: Haanstra 2, Hoekstra 2, De Jong 1, Nauta 1.

     

    Eareklasse: Willem Hoekstra - Bauke Dijkstra 0-1, Jelle Wiersma - Sjoerd Couperus 1-0, Siebe Walinga - Foeke Tiemensma 1-0; Tiemensma - Wiersma 0-1, Couperus - Dijkstra 1-0, Hoekstra - Walinga 0-1; Walinga - Wiersma 0-1, Couperus - Hoekstra 1-0, Dijkstra - Tiemensma 0-1.

    Einstân groep A: Wiersma 3, Walinga 2, Tiemensma 1.

    Einstân groep B: Couperus 2, Dijkstra 1, Hoekstra 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Lip en partners
    • Rabobank
    • Repko Sneek
    • Noflik
    • D. Kuipers
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch