• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Twa froulju binne dy Bauke Bos net te
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Mei in needgong op nei de ein.

    Hoe’t de mannen it hienen, is suver net nei te kommen. Wylst de oare fiif partijen noch allegearre it boerd fol mei houtsjes hienen, pronken op it boerd fan Bakker en Boelens noch mar acht houten. Fjouwer witen fan Bakker en likefolle swarten fan Boelens. Ït gie sa like it wol mei in needgong nei de ein fan de lêste kompetysjepartij fan it jier.

     

    Ype sei: “Sjoerd Jan hie de gong der goed yn, der waard oan ientriedwei ôfruile en dan krije jo soks!” By dy fjouwer om fjouwer wie neat te sizzen oer de bêste kânsen fan ien fan beiden. It like op in frij gelikense stân. Dat soe yn de rin fan dit einspul ek bliken dwaan. Beide mannen krigen in daam en se besieten elk noch in houtsje. In hurdrinner koe tusken twa stappen wol sjen dat dit neat oars as kamp wurde soe. Sa wie it ek. De mannen joegen inoar de hân en de oare dammers sieten allegearre noch te switten yn harren middenspul. Op TinekTeigeler nei. Dy wikselet sterke jûnen noch wol ris ôf mei swakke. Moandeitejûn wie der ien fan de lêste kategory. Sy brocht der net safolle fan te rjochte en rekke op in te simpele manier in houtsje efter. Miskien kaam it ek wol omdat se tsjin Bauke de Boer siet. Se hat yn it foar al it gefoel dat se net tsjin De Boer winne kin. No falt it ek net ta on De Boer te ferslaan. Dat wit elk. Tineke makke it him fierstente makkelikAs jo tsjin sa’n man in houtsje kwytreitsje, dan kinne jo it fierder wol ferjitte. Hy hat der wer in puntsje by. Wy ha it oer Rients Wynia. Twa kear wûn er oant no ta en no pakte er syn tredde oerwinning. Tsjin Hennie de Haan. Hoe’t it krekt om em ta gong, wit de skriuwer net. Wol wit er dat Wynia wakker ynnommen wie mei syn oerwinning. In bysûnderheid yn dizze is, dat er al dy punten tsjin froulju behelle.

     

    Tsjerk hie it al lang sjoen. Hy koe net mear winne. Hy joech Bauke Bois de hân. Omstanners mienden dat der noch wol muzyk yn sitten hie foar de Snitser senior. Neier besjoen bliek de man hielendal gelyk te hawwen. Bos fûn it wol goed. Hy hat der al wer in punt by. Oant no ta hat er noch mar ien kear ferlern. Sadwaande giet er mear as stevich oan kop yn groep twa. De twa oare spullen, dy tusken Jelle Wiersma en Willem Schaap en tusken Cor Kooistra en Bauke Dykstra einigen allebeide mei in moaie flypflap. Beide yn it foardiel fan de wytspilers, wylst de stannen fan de beide swartspilers sterker liken.

     

    Utslaggen: Hennie de Haan – Rients Wynia 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens ½ - ½; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Walinga
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch