• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk

    parseberjocht

     

    Foeke Tiemensma út Frjentsjer hat op snein 27 desimber 2015 it Earste Offisjeel Nederlânsk Damkampioenskip FRYSK! wûn. Foeke Tiemensma wûn nei twa barraazjepartijen tsjin Folkert Groenveld út ’e Hommerts.

     

    Dêrmei is Tiemensma de twadde dy’t himsels nasjonaal kampioen damjen neffens de Fryske regels neame kin, nei de Tsjechyske damster Petra Dušková, dy’t ferline wike it kampioenskip fan Tsjechië behelle.

     

    De jongste dammer, Jeljer Westra út Lollum, soarge mei syn 13 jier foar in ferrassing troch op it 5de plak te einigjen.

     

    Oan it kampioenskip diene 18 dammers mei. Dêrfan wiene 5 dy’t net fanâlds út it Fryske damjen wei kamen: Auke Zijlstra (Utrecht), Marcel Nijman (Nijmegen), Tjalling Goedemoed (Ljouwert), Foeke Tiemensma (Frjentsjer) en Aleksej Domchev, regearjend kampioen ynternasjonaal damjen fan Litouwen. Fan harren is Marcel Nijman de bouwer fan de app FRYSK en fan de app Fries Dammen. Zijlstra, Goedemoed en Tiemensma hawwe har spoaren fertsjinne yn it ynternasjonale damjen, en beoefenje no al ien of mear jierren ek it Fryske spul. Domchev die as Litouwer net mei foar it kampioenskip, mar om him te oefenjen foar it wrâldkampioenskip FRYSK! dat yn maart 2016 holden wurde sil.

     

    Mear nasjonale kampioenskippen steane plend foar België-Frankryk en Itaalje yn jannewaris en febrewaris 2016.

     

    De nasjonale kampioenen stride om de Earste Offisjele Wrâldtitel Frysk! op 20 maart 2016 yn Frjentsjer.

     

    FRYSK! is in nije spylwize fan it bekende Fryske damjen, mei mar 5 skiven foar elke spiler. FRYSK! is de spulfoarm foar nije spilers, omdat de iepeningstéory en it middenspul oerslein wurde, en dochs alle aspekten fan it subtile einspul har gerak krije. Ek in partij FRYSK! einiget mar komselden yn kamp. Dêrmei is FRYSK! in idéale wedstrydsport foar dizze tiid, en krijt it ynternasjonaal hurdeftich mear oanhingers.

     

    Jo kinne de fariant FRYSK! ek spylje op tablet of smartphone (app FRYSK); sûnt koart is it ek mooglik dizze tinksport fia de app online te spyljen.

     

    Mear ynformaasje: Marten Walinga (rugewolf@gmail.com / 06-34561133) en Liuwe Westra (liuwe.westra@mensa.nl / 0517-469245).

     

    Websiden: www.frysk.info en www.frisiandraughts.com

    De uitslag:

     

    1. Foeke Tiemensma, Franeker 5.5 pt. + 0,5 (1e barrage) + 1 (2e barrage)

    2. Folkert Groenveld, Jutrijp 5,5 pt. + 0,5 (1e barage) + 0 (2e barrage)

    3. Marten Walinga, Waaksens 5 pt.

    4. Henk Haanstra, Oudega SWF 4,5 pt.

    5. Jeljer Westra, Lollum 4pt.

    6. Harmen Westra, Lollum 3,5 pt.

    7.Tjalling Goedemoed 3,5 pt.

    8. Cor Kooistra Nijland 3,5 pt.

    9. Sjoerd Couperus Sneek 3,5 pt.

    10. Aleksej Domchev, Litouwen 3,5 pt.

    11. Dicky van der Meer, Terherne 3,5 pt

    12. Marcel Nijman, Nimwegen 3 pt.

    13. Auke Zijlstra, Utrecht 3 pt.

    14. Bauke Dykstra, Tijnje 3 pt.

    15. Hielke Walinga, Delft 2,5 pt.

    16. Tsjerk Wijbenga, Arum 2,5 pt.

    17. Rindert Walinga, Leeuwarden 2,5 pt.

    18. willem Hoekstra, Oudega SWF 1 pt.

     

     

    Bij de foto(hoge en lagere resolutie):

    van links naar rechts: Harmen Westra, Henk Haanstra, Marcel Nijman, Foeke Tiemensma, Folkert Groenveld en Dicky van der Meer.

    Stichting WFD



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    Dizze webside is mei mooglik makke troch