De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwert
Der wienen mar 10 dammers dy’t tsjin inoar dammen yn it tradisjonele treffen tusken damklup Hartwert e.o. en De Stadige Strikers fan Skearnegoutum. Plak fan hanneling wie it smûke Terphûs. De gasten sieten der noflik en tige op har gemak, mar winne wie der foar seis fan de tsien net by. Nee. De Strikers wienen net opwoeksen tsjin Hartwert. Ferline jier mochten de Strikers de lokwinsken yn ûntfangst nimme, mar no wie it krekt oarsom.Twa man wiene de tsjinstanner treast. Bauke Dykstra, tige thús op dit plak, wûn it yn in moaie partij tsjin Klaas Abma. Ype Boelens sette syn goeie foarm troch. Hy fersloech de foarsitter Fedde Wiersma en dat mei sûnder mis in boppeslach neamd wurde.
Kamp skuorde Willem Schaap noch út de partij tsjin Hein de Vries. De lêste hie mooglik wat skerper spylje kinnen. Neffens Willem hie syn tsjinstanner winne moatten. Dat barde net en sa kaam der noch in heal puntsje by. Dicky van der Meer hie in healoere earder ek al foar in healtsje soarge troch de altyd sterk en stiif damjende Jan Bouma fan winst ôf te hâlden. Al mei al reinde it gjin punten by de Strikers. Hartwert wûn mei 7 – 3. Hjir folgje de persoanlike útslaggen: Taeke Kooistra – Jelle Wiersma 1 – 0; Tsjerk Wijbinga – Cor Kooistra 1 – 0; Hein de Vries – Willem Schaap ½ - ½; Jan Bouma – Diky vander Meer ½ -½; Klaas Abma – Bauke Dykstra 0 – 1; Fedde Wiersma – Ype Boelens 0 – 1; Sjouke de Boer – Bauke Bos 1 – 0; Klaas Wiersma – Bauke de Boer 1 – 0; Siebe Elsinga –Rients Wynia 1 – 0; Lieuwe Eringa – Hennie de Haan 1 – 0.
<< Werom
|