• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Kampioenskip FRYSK! foar skoalbern, Tresoar 10 desimber

     

     

    In nij inisjatyf om dammers en oare tinksporters it moaie sjen en ûnderfine te litten fan it Fryske spul: fiif houtsjes tsjin fiif houtsjes, en dochs de essinsje fan it spul hielendal oanwêzich. De praktyk wiist út, dat it maklik te learen is, en dat benammen bern it spultsje dan hiel gau serieus spylje kinne. Fjouwer basisskoallen wiene op it earste offisjele kampioenskip ôfkommen. Wy hoopje, dat dêr in sniebaleffekt efter weikomt. De bern dy’t der no wiene, fûnen it yn alle gefallen prachtich, en hiene it hiel gau troch. De buorden op nûmer, it wedstrydskema op in grut skerm, en de útslaggen sels trochjaan. Dat wiene 24 x 7 partijen, en wy hoegden net ien kear efter in útslach oan! Kom dêr marris om by de grutten ... Om it earste plak moast noch in barraazjepartij spile wurde, en it wie mûsstil yn ’e seal. Nei de barraazje wie Herre Klaas Ykema fan ’e Gaastmar de earste offisjele kampioen basisskoalbern FRYSK! Op it twadde plak kaam Marten Algra út Lollum. Beide mannen hiene seis punten. De tredde priis wie foar Liuwe Meint Postma út Waaksens mei 5½ punt, en seis dammers hiene 5 punten: Hielke Watze van der Gaast (Waaksens), Klasina van der Gaast (Waaksens), Gabe de Vries (Warkum), Rinze Zeilstra (De Gaastmar), Fenno de Boer (Warkum) en Femke Groenhof (Warkum). De heechste skoalle wie De Gielguorde fan Lollum-Waaksens mei in gemiddelde fan 5,75 punten de spiler, mei dêrnei Mids de Marren fan ’e Gaastmar (3,16), De Pipegaal fan Warkum (3,86) en De Twatine fan Gau (2,84). In foto-ympresje fan it toernoai stiet op de webside www.frysk.info (-> tournaments).

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch