• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It lot wie de Strikers goedgeunstich!

    Der waard fansels noch wakker oer nei praten. Oer in kampioenskip wat eins net koe en dochs werklikheid wie oan de ein fan de sneon dêrfoar yn Easterein. Op ûnferklearbere wize leine de Hartwerters de basis foar it kampioenskip fan de Strikers. It lot wie de Strikers goedgeunstich.

     

    It like suver dat de Strikers kampioen wurde moasten, want yn dy earste omloop stiene de mannen út Skearnegoutum mei fjouwer twa efter. It earste en it fjirde boerd sieten noch. En dy beide partijen liken op kamp út te draaien. Dat koe hast net oars. Mar it koe wol. Oan it earste boerd rûn de Hartwerter yn in klassyk einstantsje. Unbegryplik, mar ja, it wie sa. It fjirde boerd siet noch. De stân wie by de Striker bekend. Hy hie te min oan kamp. De klok koe him allinne de winst noch bringe! De tsjinstanner hie it fansels dreks kamp meitsje moatten, mar dy, dat murk men oan alles, woe winne. Dat is in goeie mentaliteit, mar hy hiegewoan te min tiid. De fangstelling stie klear. Der moast noch twa kear in set dien wurde: ien strykset en dan noch in slachset. Nei de strykset foel de flage: Skearnegoutum – Hartwert 4 – 4. Oer boppesteand gegeven rekken de tongen aardich los moandeitejûn. Mar ek oer de oare partijen koenen de Strikers har ferlustigje. Unfoarstelbere útslaggen. Lollum mei 7 – 1 oan de kant reage. Nee men koe mei wille en tefredenheid werom sjen op dizze histoaryske damdeiwêrop beide achttallen it earste plak op easken.

     

    Der waard ek noch damme. De beide feteranen wûnen beide. Wy ha it oer de Snitsers: Bauke de Boer en Tsjerk Wiersma. De earste makke frij flot dien wurk tsjin de hast noch net fersleine Bauke Bos, Tsjerk Wiersma rekkene yn it einspul ôf mei Rients Wynia. De Strikers hearden suver in swier wurd út de mûle fan Bauke Dykstra. Hy tocht nammentlik troch in daam te jaan en in frije set dêrnei de winst te pakken. Dat gong krekt even oars. Bauke plakte mei syn daam efter de hiele santekream en tocht dat de fijannige daam dêr ek by beflapt waard. Jelle liet him de daam net ôfpakke, want hy sloech net twa,wêr Bauke op rekkene hie,mar trije houtsjes. Doe foel der efkes in grou wurd. Beide mannen hiene nei dy slaggerij noch elk in daam en in houtsje en dat wie kamp.

    Utslaggen: Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Rients Wynia – Tsjerk Wiersma 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Bauke Dykstra 0,5 – 0,5; Bauke Bos – Bauke de Boer 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Willem Schaap – Marjolijn Bakker 1 – 0.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Lip en partners
    • Narwal
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch