• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Wy hâlde it mar by ús eigen spul

    Ofrûne freed diene acht Stadige Strikers mei oan in toernoai fan it Hollânske spul, mar it is better om it by harren eigen spul te hâlden. De sfear wie goed hear en se ha in moaie jûn hân, mar it damjen like der net op, want hast alle spullen waarden ferlern. Us gastspiler Foeke Tiemensma wûn 2 1/2 spul, mar dy hat dit spul faker spile dan alle Strikers bymekoar. It sjocht jo raar oan as men it Fryske spul wend is. Fansels waard der op ‘e klupjûn noch wakker oer neipraat. Twa fan de Strikers sieten yn Aldegea SWF te damjen omdat se út spylje moasten foar de Fryslâncup. Ien Striker wie siik, dat sadwaande wiene der njoggen Strikers oanwêzich. Sjoerd Jan Bakker wie frij omdat der in ûneven oantal dammers wiene, mar hat him tige fermake troch by de oare spullen te sjen. Tsjerk Wiersma woe syn froulike tsjinstanner ferliede, sa sei er sels. De oanwêzige leden seagen raar op, mar har man hoecht him gjin soargen te meitsjen want hy lei út dat er har ferliede woe ta in set, dy’t foar him geunstich útpakke soe. Lykwols seach Tineke at har tsjinstanner yn ‘e holle hie en hapte net ta. Se joech goed partij en hie op it lêst in daam mear dan Wiersma en doe ‘t it twa dammen tsjin ien wie soe it yn ‘e measte gefallen kamp wurde. Tineke hier ien daam yn ‘e lange hoeke mar troch de spanning seach se net hoe’t se it út meitsje koe. Dochs by de sande set wie se skerp en makke de partij moai út. Der wiene mear dy’t net diene wat de tsjinstanner hope hie. Sa die Hennie de Haan net wat Bauke de Boer woe en dêrtroch kaam Hennie better yn it spul te stean. Se skrok noch wol doe’t De Boer troch in moai slachje dochs noch in daam helle, mar Hennie, mei trije houtsjes ekstra seach, twifele mar sloech doe genadeleas ta. Se joech har trije houtsjes wêrtroch de daam fan De Boer foar har daam kaam te stean en de partij út wie. Bauke Bos en Rients Wijnia spilen ek in dreech spul, sa’t de beide mannen wend binne. Wijnia stie al frij gau better yn it spul mar hie noch klauwen om it te winnen. Hy seach de winnende set in pear kear oer de holle en Bos hie in pear kear hope dat er de mist yn gean soe omdat Wijnia syn hân hieltyd boppe it ferkearde houtsje sweefde. Lykwols seach er dochs in winnende set en wûn de partij. De lêsten dy’t doe noch spilen wiene Ype Boelens en Bauke Dijkstra. Dijkstra loerde hieltyd op in set mar Boelens koe it moai foarkomme. Uteinlik koe er it net hâlde en Dijkstra wûn de partij. Ype wie dochs tefreden want hy hie de partij net fergriemd sa sei er.
     
    Utslaggen:
    Tineke Teigeler – Tsjerk Wiersma 1-0
    Rients Wijnia – Bauke Bos 1-0
    Hennie de Haan – Bauke de Boer 1-0
    Ype Boelens – Bauke Dijkstra 0-1


    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Walinga
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch