• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It nije notearen

    Der binne spilers dy’t eltse partij noteare yn in saneamd damnotaasjesjeboekje. Tsjintwurdich is der de dam-app en dy hat de mooglikheid om de partijen yn te fieren en sa nei te damjen. Ien fan ús spilers, Ype Boelens, noteart syn partijen yn syn smartphone. Foardiel is dat hy se net hoecht op te skriuwen mar de setten neidwaan kin yn syn tillefoan, sa as jûn tsjin Sjoerd Jan Bakker. De foarsitter wie der net en om healwei njoggenen winske er ús in gesellige jûn fanút waarme oarden. De earste partij, dy tusken Bauke Bos en Hennie de Haan wie doe krekt út. Hennie hie al sein dat se hope om tsien oere thús te wêzen, mar it wie net de bedoeling om binnen in heal oere út te wêzen. Mar ja, je kinne jo mar ien kear ferstrike en as de tsjinstanner dit dan sjocht is it poep-kak-út! En boppedat har meirider Bauke de Boer wie noch net út. Hy siet tsjin Sven Kalsbeek dy’t nei lange tiid ek wer ris op ‘e klup wie. Spitich dat dizze jongeman sa min tiid hat foar it damjen want hy is it noch net ferleard. Hy pakte De Boer.

     

    Flak nei it apke seach Boelens in moaie slach en Bakker tocht al dat er achter kaam te stean. Lykwols foel dit ta en de stân bleau lyk. Letter yn it spul bliek dat er it better net dwaan kinnen hie en neidat er in foutsje makke hie wie de partij út en Bakker hie wûn. De partij tusken Tineke Teigeler en Riets Wijnia eindige yn it foardiel fan de lêst en dizze wie der tige mei ynnommen, want hy koe wol in puntsje brûke, mar syn tsjinstanner ek wol trouwens. Bauke Dijkstra en Willem Schaap wiene doe noch lang net út en hiene de helte fan it hout noch op it boerd stean. It waard in yngewikkeld spul en by de stân fan fiif tsjin fiif seach Ype Boelens al wat it wurde soe. 33,3% kâns op winst, ferlies of kamp. It waard kamp neidat de tiid aardich fier nei it ein rûn. Ek krigen wy besite  fan in Hollânske dammer en hy noege ús út foar in toernoai yn it Hollânske spul. Hjir hiene ferskate strikers wol earen nei. Nije wike mar ris sjen oft wy in pear fjouwertallen byien krije kinne. Foar inkelden sil dit wennen wêze, bygelyks foar de ferfangende stikjeskriuwer, dy’t dit spul eins noch nea spile hat. In moaie útdaging en moai is dat beide spullen spile wurde en der gjin striid is tusken de ferskate damsoarten. Hjir kin men yn de wrâld in foarbyld oan nimme!

     

    Utslaggen:

    Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1-0

    Sven Kalsbeek – Bauke de Boer 1-0

    Bauke Dijkstra – Willem Schaap 1/2 –1/2

    Rients Wijnia – Tineke Teigeler 1-0

    Hennie de Haan – Bauke Bos 0-1



    << Werom


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Narwal
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch