• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Tineke rűn hast njonken de skuon.

    Dat Tineke Teigeler sa njonkelytsen al in aardich poepke damje kin, wit elke Stadige Striker. Moandeitejûn wûn se ek. Dat wie yn it foar net foar de hân lizzend. Doe’t se dy winst mei blydskip ferwolkomme hie, soe se ek noch efkes oan in pear oare dammers útlizze hoe’t dy kamp spylje koenen. Op dat stuit rûn se wat nêst har skuon, want har teory kloppe net.

     

    Dat Tineke winne soe tsjin de nestor fan de klup, hie gjin ien rekken mei holden. Elk wit dat Bauke de Boer in baas dammer is, dy’t jo net sa mar te pakken ha. Tineke hie ek noch nea fan him winne kinnen. Dêr kaam dus feroaring yn op dizze jûn. In moai punt foar de frou út Sibrandabuorren. Se wie der dan ek tige mei ynnommen en dat kin men fan tinken wol ha.

     

    De partij tusken Rients Wynia en Hennie de Haan stie sa’n bytsje op it ôfrinnen. Wynia hie al in daam en in houtsje soe nei twa streken ek in pet opkrije. Dat men kin wol begripe dat der foar Hennie gjin slave mear oan te striken wie. Tineke wie der fan oertsjûge dat der yn dy stân kamp siet. It spul kaam wer op it boerd. Fan alle kanten en einen waard it troch in hiel stel dammers besjoen en dêrnei pasten Tineke de skuon wer wat better.

     

    Pakke kinne wat jo pakke kinne! Ja dat jilde net foar Ype. Hy hie in meunstereftige partij efter de rêch en helle yn it einspul in daam. In houtsje hie er ek noch. Tsjinstanner Willem Schaap hie noch fiif houtsjes oer it hiele boerd hinne. Ype hie de mooglikheid om de measte houtsjes der ôf te reagjen, mar dan wie it wol kamp. Ype woe mear, mar krige neat. Willem koe de houten groepearje en boude in moaie fangstelling op. Dêr koe Ype net mear oan ûntkomme. Hy hie gewoan pakke moatten, wat er pakke koe.

     

    Utslaggen: Tsjerk Wiersma – Bauke Bos 0 – 1; Hennie de Haan – Rients Wynia 0 – 1; Tineke Teigeler – Bauke de Boer 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Lip en partners
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch