• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Kopposysje foar dammer Taeke Kooistra

     

     

    Nei de earste twa partijen stiene noch fjouwer dammers yn 'e kampioensklasse fan it  persoanlik kampioenskip yn it Fryske spul mei de folle winst boppeoan. Nei de tredde omloop, tiisdeitejûn ferspile yn Jorwert, is dat byld lykwols radikaal feroare. It kaam sa út dat de matsjedoaren it tsjininoar opnimme moasten, en út dy twa botsings kaam Taeke Kooistra dochs wer boppe driuwen.

     

    Dêr seach it earst oars hielendal net sa nei út. Yn in ûnoersichtlike stelling hie Kooistra yn it begjin de hannen fol oan Marten Walinga (Waaksens). Hoe't de Hartwerter tsjoender it altyd wer foarinoar krijt hat mannich tsjinstanner al in soad pineholle besoarge. Walinga waard diskear konfrontearre mei in foarpost dy't de Waaksenser frijwat bewegingsfrijheid koste. Sa linkelytsen waard er yn 'e ferdigening treaun, en doe wie der gjin ferwin mear op.

     

    De oare topmoeting, tusken Jelle Wiersma en Foeke Tiemensma, begûn op it each folle rêstiger. Lykwols brocht Tiemensma syn tsjinstanner yn grutte swierrichheden. Ta syn gelok hie Wiersma noch in hiel soad tiid op 'e klok oer, mar dyhied er ek wol nedich om de goede ûntsnapping te betinken, en dy wie úteinliks genôch om kamp te heljen. It duo Cor Kooistra en Sjoerd Jan Bakker kaam ek op dy útslach út, sadat no allinne de Aldegeaster Henk Haanstra nei in ferlies tsjin Tsjerk Wijbinga (Arum) noch sûnder punten is.

     

    Yn 'e twadde acht bleau Siebe Walinga oan 'e winnende hân, al makke Pieter Hoogterp út De Gaastmar it him net maklik. Walinga wurdt folge troch de Ljouwerter Hein de Vries, dy't  yn it einspul Kees Tijssen (Reduzum) te fiter naam. De tredde acht wurdt oanfierd troch Fedde Wiersma en Willem Hoekstra. De Aldegeaster hie dêrby it gelok dat syn debutearjende tsjinstanner Siebren Dyk yn it einspul miende dat er noch wol oerwinningskânsen hie. De oermoedige Jorwerter krige lykwols it lid op 'e noas.

     

    Utslaggen en tuskenstannen kampioensklasse nei de tredde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) - Marten Walinga (Waaksens) 1-0; Foeke Tiemensma (Frjentsjer) - Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5; Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Tjerk Wijbinga (Arum) 0-1; Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Cor Kooistra (Nijlân) 0,5-0,5.

    Stân: T. Kooistra 3-3; Tiemensma en Wiersma 3-2,5; Walinga 3-2; Wijbinga 3-1; Bakker en C. Kooistra 3-0,5; Haanstra 3-0.

     

    Twadde achtPieter Hoogterp (De Gaastmar) - Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1; Folkert Groenveld (Jutryp) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0; Hein de Vries (Ljouwert) - Kees Tijssen (Reduzum) 1-0; Sjoerd Couperus (Snits) - Willem Schaap (Dearsum) 0-1.

    Stân: Walinga 3-3; De Vries 3-2,5; Groenveld 3-2; Schaap 3-1,5; Hoogterp en Tijssen 3-1; Couperus en Dijkstra 3-0,5;

     

    Tredde acht: Fedde Wiersma (Easterein) - Rindert Walinga (Waaksens) 1-0; Willem Hoekstra (Aldegea SWF) - Siebren Dyk (Jorwert) 1-0; Klaas Wiersma (Nijbeets) - Liuwe Westra (Lollum) 1-0.

    Stân: Hoekstra en F. Wiersma 2-2; Walinga 2-1 en Westra 2-1; Dyk en K. Wiersma 3-1; Sikma 2-0;

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch